Nothing Special   »   [go: up one dir, main page]

Missoery (Ingelsk: Missouri; útspr.: [mɪ'zɜɹi], likernôch "mizzurry", of [mə'zɜɹi ], likernôch: "m’zurry"), offisjeel de Steat Missoery (Ingelsk: State of Missouri), is ien fan 'e fyftich steaten dy't mei-inoar de Feriene Steaten fan Amearika foarmje. Missoery, byneamd de Show Me State, leit yn it sintrale part fan it lân, oan 'e rivieren de Missoery en de Mississippy, en wurdt no ta de regio fan it Amerikaanske Midwesten rekkene, hoewol't it histoarysk ta it Amerikaanske Suden hearde. De haadstêd is Jefferson City, mar de grutste stêd is Kansas City (Missoery) (net te betiizjen mei Kansas City yn Kansas). Neffens in skatting út 2014 hie de steat doe krapoan 6,1 miljoen ynwenners, wêrmei't it kwa befolkingsgrutte de 18e steat fan 'e Feriene Steaten is. Oangeande oerflak is Missoery mei minder as 181.000 km² de 21e steat. Missoery stiet bekend om syn rivieren en om syn skiednis as de 'springplanke' foar de kolonisaasje fan it Wylde Westen.

Steat Missoery
State of Missouri
flagge wapen
Salus populi suprema lex esto
(Latyn, "Lit de wolfeart fan it folk de heechste wet wêze")
lokaasje yn de Feriene Steaten
algemien
ôfkoarting MO
lân Feriene Steaten
status (jier) steat (1821)
haadstêd Jefferson City
grutste stêd Kansas City (Missoery)
offisjele taal Ingelsk
sifers
ynwennertal 6.063.589 (2014)
befolkingstichtens 33,7 / km²
oerflak 180.533 km² (1,2% wetter)
bykommende ynformaasje
bynamme de Show Me State
tiidsône UTC –6
simmertiid UTC –5
webside www.mo.gov
Dizze side giet oer de Amerikaanske steat Missoery. Foar oare betsjuttings, sjoch: Missoery (betsjuttingsside).

De steat Missoery is ferneamd nei de rivier de Missoery (Ingelsk: Missouri), dy't wer ferneamd wie nei de Missoeria (Missouria), in lânseigen Yndiaanske stamme dy't yn 'e krite wenne doe't de earste Frânske ûntdekkingsreizgers it grûngebiet fan it lettere Missoery berikten. De Missoeria binne in Sûaansk folk, dat no yn Oklahoma wennet. De namme 'Missoeria' wie lykwols net harren autonym, mar in eksonym dat út 'e Algonkwynske talen fan 'e Majêmy (Miami) en de Illinois komt, en dat safolle betsjut as "sy dy't kano's út ien beamstam meitsje".

Hoewol't Missoery gjin offisjele bynamme hat, wurdt de oantsjutting Show Me State ("Lit My Sjen Steat") rûnom as sadanich brûkt. Men giet der wol fan út dat dy term ûntliend is oan in taspraak fan it Amerikaanske Kongreslid Willard Vandiver út 1899, wêryn't er sei: "Ik kom út in steat dy't stynske weet en katoen, stikelnuten en Demokraten produsearret, en frivoale wolsprekkendheid oertsjûget my net, noch lit ik my dermei ôfpoeierje. Ik kom út Missoery, en jo moatte it my sjen litte." Dizze útspraak borduerret fuort op 'e siswize "Ik kom út Missoery", dat safolle sizze wol as: "Ik bin skeptysk en lit my net maklik dingen oanprate."

 
It sintrum fan Springfield.

Neffens saakkundigen dy't der ûndersyk nei dien hawwe, waard de oantsjutting Show Me State lykwols al foàr de 1890-er jierren brûkt. In oar ferhaal wol hawwe dat it in bynamme wie foar stakingsbrekkers út Missoery dy't yn 'e twadde helte fan 'e njoggentjinde iuw nei Leadville, yn Kolorado, ta helle waarden om dêr yn 'e minen te wurkjen. Om't se sok wurk noch nea earder dien hiene, moast alles har útlein wurde. Oare ynformele bynammen fan Missoery binne de Lead State ("Leadsteat"), de Bullion State ("Steat fan Unbewurke Goud"), de Ozark State (ferwizend nei it Ozarkberchtme), de Mother of the West ("Mem fan it Westen", ferwizend nei de rol dy't Missoery spile by de kolonisaasje fan it Wylde Westen) en de Cave State ("Grottesteat", om't der mear as 6.000 grotten binne).

Missoery hat in oerflak fan 180.533 km², wêrfan't 1,2% út wetter bestiet. It is rûchwei 480 km lang fan noard nei súd en sa'n 385 km breed fan east en west. Missoery leit yn 'e Sintrale Tiidsône (UTC –6, simmertiid –5). De steat wurdt folslein omjûn troch oare Amerikaanske steaten, en grinzget yn it easten oan Illinois, yn it noarden oan Iowa, yn it uterste noardwesten oan Nebraska, yn it westen oan Kansas, yn it uterste súdwesten oan Oklahoma, yn it suden oan Arkansas, en yn it uterste súdeasten oan Tennessee en Kentucky. De eastgrins mei Illinois, Kentucky en Tennessee wurdt foarme troch de rivier de Mississippy, en yn it noardwesten foarmet de rivier de Missoery de grins mei Nebraska en it noardlike diel fan 'e grins mei Kansas. Dat binne mei-iens ek de beide grutste en langste rivieren fan 'e steat. De Missoery bûcht by Kansas City fan 'e westgrins ôf nei it easten ta en meänderet dan troch it sintrale part fan 'e steat om by St. Louis, oan 'e eastgrins, út te mûnjen yn 'e Mississippy.

 
De rivier de Mississippy by Hannibal.

Hoewol't Missoery tsjintwurdich oer it algemien beskôge wurdt as ûnderdiel fan it Amerikaanske Midwesten, hearde it histoarysk ta it Suden, benammen fanwegen de kolonisaasje fan it gebiet troch lju út oare Súdlike steaten en it feit dat Missoery foarôfgeande oan 'e Amerikaanske Boargeroarloch in slavesteat wie. De krite dy't wol Little Dixie (Dixieland is in oare namme foar it Amerikaanske Suden) neamd waard, bestie út countys by de rivier de Missoery lâns yn it sintrale diel fan 'e steat, dêr't de grutste konsintraasje fan Súdlike kolonisten mei harren slaven him fêstige hie.

Benoarden en op guon plakken ek noch justjes besuden de rivier de Missoery lizze gloaiende flakten dy't har útstrekke oant yn Iowa, en dy't diel útmeitsje fan 'e Binnenlânske Flakten fan Noard-Amearika. Oan 'e iggen fan 'e Mississippy, de Missoery en de Meramec lizze withoefolle hege kliffen, wylst yn it súdlike trêdepart fan 'e Missoery it Ozarkberchtme opriist, in mei rivieren trochsnien plato dat om it âldere St. Francois-berchtme, út it Prekambrium, hinne leit. Beide berchtmen besteane út kalkstien en sitte grôtfol grotten en sinkgatten. It heechste punt yn Missoery is Taum Sauk Mountain, op 540 m boppe seenivo, en it leechste punt is de igge fan 'e rivier de St. Francis, deunby de súdlike grins mei Arkansas, mei in hichte fan 70 m boppe seenivo. Der binne yn Missoery gjin Yndianereservaten.

Yn it uterste súdeasten fan Missoery stekt in lyts diel fan it grûngebiet fan 'e steat by de igge fan 'e Mississippy lâns nei it suden ta út. Dy krite wurdt wol de Hakke fan Missoery neamd. Dat gebiet makket diel út fan 'e alluviale flakte fan 'e Mississippy, en is it leechst leine, platste, waarmste en wietste diel fan Missoery. It is ek ien fan 'e earmste parten fan 'e steat, mei in ekonomy dy't frijwol folslein agrarysk is. Wol is de grûn yn 'e Hakke fan Missoery tige fruchtber, sadat der in protte rys en katoen ferboud wurdt. De Hakke wie it episintrum fan 'e fjouwer Ierdbevings fan New Madrid (1811-1812).

 
Pelskeaplju farre de Missoery ôf.
(troch George Caleb Bingham)

Prehistoarje en koloniale skiednis

bewurkje seksje

Tûzenen jierren lang waard Missoery bewenne troch Yndiaanske folken. By de rivieren de Mississippy en de Missoery lâns wie dy bewenning fan 5000 f.Kr. ôf sels ûnûnderbrutsen, sa hat argeologysk ûndersyk oantoand. Yn 'e njoggende iuw ûntstie yn it gebiet de terpebouwende Mississippiaanske kultuer, dy't syn sintrum hie yn Cahokia, dat oare kant de Mississippy yn it hjoeddeiske Illinois lei. Tusken 1000 en it ferdwinen fan 'e dy kultuer omtrint 1500 yn, leine de Yndianen grutte stêden oan yn in gebiet dat him útstriek fan 'e Grutte Marren yn it noarden oant de Golf fan Meksiko yn it suden. Benammen de dellings fan 'e rivier de Mississippy en de Ohio moatte yn dy tiid relatyf tichtbefolke west hawwe.

De ierste Jeropeeske ûntdekkingsreizgers dy't Missoery besochten, wiene Spanjerts dy't út Nij-Spanje wei kamen, in koloanje dy't letter ûnôfhinklik wurde soe ûnder de namme Meksiko. De earste blanken dy't har op it grûngebiet fan Missoery nei wenjen setten, wiene lykwols Frânsk-Kanadezen, dy't omtrint 1750 de Mississippy oerstieken út Illinois wei en in stikje besuden it hjoeddeistige St. Louis de delsetting Sainte-Geneviève stiften. Dat plak ûntjoech him al rillegau ta in bloeiend stedsje en it sintrum fan in wichtich lânbougebiet, dat genôch weet en tabak produsearre om it oerskot streamôf te ferfieren en yn New Orleans te ferhanneljen.

Doe't yn 1764 de stêd St. Louis stifte waard, wie Missoery sadwaande al fêst yn Frânske hannen en makke it ûnderdiel út fan 'e koloanje Louisiana, dy't him útstriek fan 'e mûning fan 'e Mississippy oant yn wat no Kanada is. Nei de Frânske nederlaach yn 'e Sânjierrige Oarloch kaam dat hiele gebiet yn 1763 lykwols yn 'e hannen fan Spanje, dat it by syn koloanje Nij-Spanje foege. Yn 1800 moasten de Spanjerts Louisiana by it Ferdrach fan San Ildefonso weromjaan oan Frankryk, mar Napoleon Bonaparte, dy't it doe yn Parys foar it sizzen hie, koe fanwegen de Britske oppermacht op 'e wrâldseeën net folle mei it gebiet, dat yn 1803 ferkocht er de koloanje oan in oare fijân fan 'e Britten, de Feriene Steaten, by in transaksje dy't bekendstiet as de Louisiana-oankeap. Missoery wie dêrnei njoggen jier lang in ûnorganisearre territoarium en fanôf 1812 waard it nochris njoggen jier lang bestjoerd as it Territoarium Missoery.

 
Jefferson City, de haadstêd fan Missoery.

Missoery foar de Boargeroarloch

bewurkje seksje

De iere Amerikaanske kolonisten fan Missoery sels kamen foar it meastepart út it noardlike diel fan it Amerikaanske Suden, út steaten as Arkansas, Tennessee, Kentucky en Noard-Karolina. Hja brochten har negerslaven en dêrmei it ynstitút fan 'e slavernij yn Missoery, wat in probleem opsmiet om't ôfpraat wie dat yn 'e Feriene Steaten benoarden de saneamde Mason-Dixonline gjin slavernij bestean mocht. Yn 1820 waard lykwols it Missoerykompromis sletten, dat by wize fan útsûndering op 'e regel slavernij yn Missoery tastie, yn ruil foar it opjaan fan it Súdlike protest tsjin 'e foarming fan 'e Noardlike steat Maine út gebieten dy't earder ta Massachusetts heard hiene. Sadwaande waard Missoery op 10 augustus 1821 as 24e steat (en as in slavesteat) ta de Amerikaanske Uny talitten, mei as tydlike haadstêd St. Charles. Yn 1826 waard de haadstêd ferpleatst nei it sintraal leine Jefferson City.

Underwilens hie St. Louis him ûntjûn ta in sintrum fan 'e lukrative pelshannel mei de Yndianen, dy't de regionale ekonomy oant yn 'e 1820-er jierren dominearre. Yn 'e njoggentjinde iuw waard St. Louis mei New Orleans, Minneapolis-St. Paul en Cincinnati ien fan 'e wichtichste stêden dy't behelle wiene yn 'e hannel fan alderhanne soarten waren en it ferfier fan dy waren en fan passazjiers oer de rivieren op 'e grutte mei steam oandreaune rêdboaten. Dat wie in perioade út 'e skiednis fan Missoery dy't sterk ta de ferbylding sprekt; it is ferivige is yn 'e boeken fan 'e skriuwer Mark Twain dy't yn 1835 berne waard yn Florida (Missoury) en oan 'e igge fan 'e Mississippy opgroeide. De bekendste fan Twain syn ferhalen binne The Adventures of Tom Sawyer en The Adventures of Huckleberry Finn. Lettere auteurs lieten har op dit mêd wer troch Twain ynspirearje, lykas George R.R. Martin yn syn Fevre Dream.

 
It gerjochtsgebou fan Jasper County, yn Carthage, is opnommen yn it Amerikaanske Nasjonaal Register fan Histoaryske Plakken.

Yn deselde snuorje dat eastlik Missoery yn 'e ban fan 'e rivierhannel wie, foarme westlik Missoery de 'Poarte ta it Westen'. St. Charles, by St. Louis, wie yn 1804 en 1806 sawol it begjin- as it einpunt fan 'e ferneamde Ekspedysje fan Lewis en Clark, de earste oerlânske ekspedysje nei de westkust fan 'e Feriene Steaten. Letter wie Independence, yn westlik Missoery, fan 1811 ôf it begjinpunt fan it ferneamde Oregon Trail, in 3.500 km lange rûte dêr't in grut diel fan 'e Amerikaanske kolonisten oer nei in nij bestean oan 'e westkust of yn it Wylde Westen reizge. Ek it Santa Fe Trail, in soartgelikense, súdlike rûte dy't yn 1821 yn gebrûk nommen waard, begûn yn westlik Missoery, yn Franklin, om presys te wêzen. Sadwaande wurdt Missoery ek wol the Mother of the West neamd, "de Mem fan it Westen".

Oarspronklik wie de westgrins fan Missoery in rjochte line fan noard nei súd, mar yn 1826 waard der troch de saneamde Platte-oankeap fan beskate Yndiaanske folken yn it noardwesten in hoeke oan tafoege, sadat dêr de grins lyk kaam te fallen mei de rivier de Missoery. Yn 'e 1830-er jierren ûntstie der in grinskonflikt mei de noardlike buorsteat Iowa oer de saneamde Hunichlannen, dat noch oanboaze waard troch de tsjinstelling oangeande slavernij. Yn 1838 en 1839 rûnen de spannings sa heech op dat yn beide steaten de steatsmilysjes oproppen en nei de grins stjoerd waarden.

Fierders begûnen har yn 'e iere 1830-er jierren mormoanske leauwensflechtlingen út 'e noardeastlike dielen fan 'e Feriene Steaten en Kanada te fêstigjen yn 'e omkriten fan Independence, yn westlik Missoery. Konflikten mei eardere kolonisten út it Amerikaanske Suden oer religy en slavernij laten yn 1838 ta it útbrekken fan 'e Mormoanske Oarloch tusken beide groepen. Yn 1839 feardige Lilburn Boggs, de gûverneur fan Missoery, syn 'Utrûgingsbefel' út, wêrnei't alle mormoanen mei grou geweld út Missoery ferdreaun waarden en al harren lân en efterlitten besittings stellen waarden troch de Súdlike kolonisten.

 
Joplin, in stedsje yn Missoery.

Tusken de 1830-er en de 1860-er jierren ferdûbele de befolking fan Missoery hast elts desennium, benammen troch ymmigraasje fan Ieren en Dútsers. Dizze nijynkommelingen wiene flechtlingen foar de Britske oerhearsking fan Ierlân en de mei dêrtroch feroarsake Ierske Hongersneed (1845-1850) of foar it delslaan fan 'e revolúsjonêre opskuor fan 1848 yn Dútslân, en koene alhiel gjin sympaty opbringe foar slavernij. Troch de religieuze ferskillen tusken de roomske ymmigranten en de protestantske oarspronklike kolonisten boaze de twaspjalt yn Missoery noch fierder oan. Tsjin it begjin fan 'e Amerikaanske Boargeroarloch wiene de slavehâlders fierhinne konsintrearre yn 'e Little Dixie-krite, dy't yn it sintrale diel fan 'e steat oan 'e rivier de Missoery lei. Súdlik dêrfan, yn it Ozarkberchtme wennen ek lju út it Suden, mar dêr liende it terrein him net foar de oanlis fan plantaazjes, en dêr bestie de befolking sadwaande út earme blanke komelkers en gerniers. De noardlike helte fan Missoery waard fierhinne bewenne troch resinte ymmigranten. Negerslaven makken minder as 10% út fan 'e doetiidske befolking fan 1.182.000 minsken.

De Amerikaanske Boargeroarloch

bewurkje seksje

Oan 'e foarjûn fan 'e Amerikaanske Boargeroarloch (1861-1865) skaten alve Súdlike steaten har fan 'e Feriene Steaten ôf om 'e Konfederearre Steaten fan Amearika te foarmjen. Dêrûnder wiene twa buorsteaten fan Missoery: Arkansas en Tennessee, wylst ek it Yndiaanske Territoarium (it lettere Oklahoma) ta de Konfederaasje hearde. De Algemiene Assimblee fan Missoery rôp koart nei de oprjochting fan 'e Konfederaasje, yn begjin 1861, in spesjale kovinsje gear, dy't tsjin 'e ôfskieding fan Missoery fan 'e Feriene Steaten stimde. De pro-Súdlike gûverneur Claiborne F. Jackson rôp dêrop de mobilisaasje fan 'e steatsmilysje fan Missoery út, wêrfan't in pear hûndert leden op dat stuit yn in treningskamp by St. Louis legere wiene.

 
Harry Truman, de iennichste Amerikaanske presidint dy't út Missoery kaam.

Noardlike troepen ûnder generaal Nathaniel Lyon besingelen dat kamp en twongen de Missoerianen ta oerjefte. Dêrnei liet Lyon syn soldaten, dat foar it meastepart Dútske ymmigranten wiene dy't gjin Ingelsk sprieken, harren kriichsfinzenen yn in soarte fan triomftocht troch St. Louis marsjearje. It spul rûn hielendal mis doe't de soldaten, dy't har bedrige fielden troch de lulke kliber folk dy't gearkaam, it fjoer iepenen op ûnwapene boargers en kriichsfinzenen. By dat Bloedbad fan St. Louis kamen net inkeld manlju, mar ek froulju en bern om, en dêrtroch waard de anty-Noardlike hâlding yn 'e súdlike helte fan Missoery konsolidearre.

Nei it útbrekken fan 'e Boargeroarloch stelde gûverneur Jackson Sterling Price, dy't earder de konvinsje oer ôfskieding foarsitten hie, oan as kommandant fan 'e nije Steatsgarde fan Missoery. Hoewol't hy en syn oanhingers fanwegen de flugge opmars fan Lyon op 14 juny 1861 de steatshaadstêd Jefferson City ûntflechtsje moasten, sette er in nij regear op yn Neosho, yn súdlik Missoery. De pro-Súdlike leden fan 'e Algemiene Assimblee fan Missoery stimden dêr foar ôfskieding fan 'e Feriene Steaten, hoewol't allinnich in steatskonvinsje dêrta it rjocht hie. Dizze ôfskieding wurdt dan ek net as rjochtmjittich sjoen, hoewol't de Konfederaasje him op 30 oktober 1861 erkende.

Underwilens rôp Lyon yn Jefferson City de steatskonvinsje wer gear, dy't it amt fan gûverneur en alle sitten fan 'e Algemiene Assimblee fakant ferklearre en Hamilton Gamble as nije gûverneur ynstallearre. Dyselde waard as sadanich prompt erkend troch presidint Abraham Lincoln. It Amerikaanske federale regear makke fierders ek de wei frij om yn Missoery frijwilligers foar sawol de nije steatsmilysje as foar it Noardlike Leger oan te nimmen. Yn súdlik Missoery focht de mei nije troepen fuortsterke legermacht fan generaal Lyon neitiid inkele moannenlang mei de Steatsgarde fan Missoery ûnder Price en in Konfederearre leger besteande út Arkansanen en Teksanen ûnder lieding fan generaal Ben McCulloch. Nei iere oerwinnings yn 'e Slach by Wilson's Creek en it belis fan Lexington, litten de Súdliken ferskate nederlagen, dy't har twongen ta in weromtocht oer de grins nei Arkansas.

 
Berne-arbeiders by in skuonfabryk yn Kirksville, yn 1910.

Yn 'e folgjende trije oarlochsjierren diene Konfederearre troepen út en troch grutskalige ynfallen yn Missoery, mar it grutste part fan 'e striid dêre bestie út in guerrilja-oarloch dy't útfochten waard troch ûngeregelde formaasjes fan 'e pro-Súdlike Bushwackers út Missoery tsjin in Noardlike besettingsmacht, stipe troch de pro-Noardlike Jayhawkers út Kansas. In kweaferneamde lieder fan 'e Bushwackers wie William Quantrill, dy't op 21 augustus 1863 in wraam op Lawrence (Kansas) die, wêrby't dat stedsje yn it Bloedbad fan Lawrence fierhinne mei de grûn lyk makke waard en sa'n 200 boargers de dea fûnen. Foar dy die waard Quantrill sels troch de Konfederaasje oan 'e kant set as in oarlochsmisdiediger. In oare oanfierder fan 'e Bushwackers wie William T. Anderson. Guon Bushwackers ferfoelen oan 'e ein fan 'e oarloch ûnder druk fan ferfolging troch it Noarden ta iepentlik banditisme, lykas de ferneamde Frank en Jesse James en de bruorren Younger. Benammen Jesse James ûntjoech him ta in folksheld, in soarte fan Amerikaanske Robin Hood, en de rebûljementaliteit hold yn súdlik Missoery noch oan doe't de Boargeroaloch al lang en breed ôfrûn wie, op guon plakken sels oant yn 'e 1880-er jierren.

Tweintichste iuw

bewurkje seksje

Yn it saneamde Progressive Tiidrek, dat fan 'e 1890-er oant de 1920-er jierren rûn, besochten ferskate foaroansteande politisy út Missoery in ein te meitsjen oan 'e rûnom foarkommende korrupsje, en de polityk, it bestjoer en de maatskippij fan 'e steat te modernisearjen. Joseph Folk, byneamd 'Holy Joe', wie in wichtige foaroanman yn dat stribjen. Hy waard yn 1904 ta gûverneur keazen en pakte de grutte bedriuwen oan troch anty-trustwetjouwing yn te fieren. Fierders makke er in ein oan it gebrûk dat politisy en amtners fergees mei de trein reizgje koene, pakte omkeapingspraktiken oan, ferbettere de ferkiezingswetten, makke it gokken op hynstekoersen yllegaal en twong it neilibjen fan 'e sneinsrêst op it mêd fan 'e detailhannel ôf. Ek ferbettere er it ûnderwiis en beheinde er de ynset fan berne-arbeid.

 
De autosnelwei Interstate 70 yn sintraal Missoery.

Yn it Ynterbellum feroare Missoery fan in frijwol folslein agrarysk plattelânsgebiet nei in tuskenbeiden foarm mei sawol lânbou as yndustry en tsjinsten. De útwreiding fan it spoarwegenet soarge der yn dy snuorje foar dat Kansas City (Missoery) útwoeks ta ien fan 'e grutste transportknooppunten fan it lân, en ek St. Louis groeide yn dy snuorje as koal. In grut part fan 'e lju dy't har dêr nei wenjen setten, wiene swarten, dy't ûnder de Afro-Amerikaanske Folksferhuzing de earmoede en diskriminaasje yn it Amerikaanske Suden ûntflechten.

Yn 1956 sette men by St. Charles útein mei de oanlis fan it Interstate Highway-stelsel, in netwurk fan autosnelwegen dat meitiid de hiele Feriene Steaten omspanne soe. Fan 'e midden fan 'e 1950-er jierren oant likernôch 1970 hiene St. Louis en Kansas City (Missoery) te lijen ûnder deyndustrialisaasje en baneferlies yn 'e spoar- en yndustrysektors, krekt as oare grutte stêden yn it Amerikaanske Midwesten. Yn dyselde tiid begûnen de rikere, blanke bewenners har út 'e binnenstêden werom te lûken om har nei wenjen te setten yn 'e nijere bûtenwiken en yn foarstêden. Dêrtroch bleau it earmere, faak swarte diel fan 'e befolking efter yn 'e stedssintra, dy't tsientallen jierren yn in spiraal fan oanboazjende ferpaupering en tanimmende kriminaliteit telâne kamen, foar't se geandewei de 1980-er jierren renovearre waarden.

 
It Steatskapitoal fan Missoury.

Missoery bestiet bestjoerlik út 114 countys plus de ûnôfhinklike stêd St. Louis. De steatshaadstêd, Jefferson City, leit yn Cole County, yn it sintrale diel fan 'e steat oan 'e igge fan 'e rivier de Missoery. Krekt as alle Amerikaanske steaten wurdt Missoery bestjoerd troch in steatsregear mei oan it haad de gûverneur. De wetjaande macht is yn 'e hannen fan 'e Algemiene Assimblee fan Missoery, dy't bestiet út 'e Steatssenaat mei 34 sitten en it Steatshûs fan Offurdigen mei 163 sitten. Yn 'e Amerikaanske Senaat wurdt Missoery, lykas alle Amerikaanske steaten, fertsjintwurdige troch 2 senators. Yn it Amerikaanske Hûs fan Offurdigen hat Missoery 8 sitten.

It politike lânskip fan Missoery wurdt behearske troch de beide grutte Amerikaanske politike partijen, de Demokratyske Partij en de Republikeinske Partij. Alle oare partijen spylje mar in tige marzjinale rol. Hoewol't it fan âlds in suver poer Demokratyske steat wie, is Missoery yn 'e 1950-er en 1960-er jierren, doe't de Demokraten almar progressiver waarden en de (oarspronklik progressive) Republikeinen hieltyd konservativer, opskood nei de Republikeinske Partij. Dy hat it bestjoer fan 'e steat anno 2017 noch stevich yn 'e hannen, mei't der op steatsnivo mar ien keazen post is dy't beset wurdt troch in Demokraat. Under de tsien fertsjintwurdigers fan Missoery yn it Amerikaanske Kongres binne 8 Republikeinen en 2 Demokraten (1 yn 'e Senaat en 1 yn it Hûs fan Offurdigen).

 
St. Louis by nacht.

Yn 2006 lei it bruto steatsprodukt fan Missoery nei skatting op $225,9 miljard. Datselde jiers bedroech it bruto steatsprodukt per lid fan 'e befolking $32.705, wêrmei't Missoery opt it 26e plak kaam fan in ranglist fan alle Amerikaanske steaten. De yndustry fan Missoery produsearret benammen ûnderdielen foar de loftfeart, auto's en oare fiertugen, itensprodukten, gemyske produkten, semint en elektryske apparatuer. Fierders stiet Missoery ek bekend om syn bierbrouwerijen en syn útjouwerijen.

De lânbou fan Missoery is benammen rjochte op 'e produksje fan kowefleis, soajabeane, bargefleis, suvelprodukten, maïs, plomfee, sorgum, katoen, rys en aaien. Yn 2001 wiene der yn Missoery 108.000 agraryske bedriuwen, want it op ien nei heechste oantal fan alle Amerikaanske steaten is, nei dat fan Teksas. Missoery hat ek in groeiende wynyndustry. Ek it toerisme is tige wichtich foar de ekonomy fan Missoery. Yn totaal omfiemet de steat 820 km² oan nasjonale parken en oare gebieten dy't oan rekreaasje wijd binne. Yn 2005 mocht Missoery 16.695.000 toeristen út oare Amerikaanske steaten of it bûtenlân ferwolkomje. Behalven St. Louis, mei syn histoaryske binnenstêd, is ek fral Branson, yn it Ozarkberchtme fan súdwestlik Missoery, in grutte toeristyske trekpleister fanwegen alle muzykteäters dy't dêr fêstige binne.

 
Befolkingstichtens yn Missoery.

Neffens in offisjele rûzing troch it Amerikaanske Folkstellingsburo (op grûn fan gegevens fan 'e Amerikaanske folkstelling fan 2010) hie Missoery yn 2014 6.063.589 ynwenners, wat in groei fan 1,25% is yn ferhâlding ta de stân fan saken yn 2010. De befolkingstichtens bedroech yn 2014 33,7 minsken de km². De grutste stêd fan 'e steat is Kansas City (Missoery) (net te betiizjen mei it oangrinzgjende Kansas City yn Kansas), mei 471.000 ynwenners yn 2014. Oare gruttere stêden binne: St. Louis (317.000), Springfield (165.000), Independence (118.000), Columbia (117.000), Lee's Summit (94.000), O'Fallon (84.000), St. Joseph (77.000), St. Charles (68.000) en St. Peters (56.000). Frjemd genôch komt de steatshaadstêd Jefferson City net foar op 'e ranglist fan 'e tsien grutste stêden fan Missoery. De grutste stêdekloft yn Missoery is dy fan St. Louis, mei sa'n 2.830.000 minsken. Fan 'e befolking fan Missoery wie yn 2004 3,4% berne yn it bûtenlân.

Neffens gegevens fan 'e Amerikaanske folkstelling fan 2010 wie de etnyske opbou fan 'e befolking fan Missoery doe sa: 81,0% blanken; 11,7% swarten; 3,0% Latino's; 1,7% Aziaten; 0,5% Yndianen; 0,1% Polyneziërs, Melaneziërs en Mikroneziërs; 2,0% oaren of fan mingd etnysk komôf.

 
Utsjoch oer Kansas City, de grutste stêd fan Missoery.

Blanke Missoerianen binne fierhinne fan Noardwest- en Middenjeropeeske orizjine, mei as grutste oarsprongsgroepen Dútsers (27,4% fan 'e totale steatsbefolking), Ieren (14,8%), Ingelsen (10,2%), Angelsaksyske Amerikanen (8,5%) en Frânsen (3,7%). It meastepart fan 'e Afro-Amerikanen yn Missoery (56,6% fan dy befolkingsgroep) is konsintrearre yn 'e stêd St. Louis. Ek yn Kansas City (Missoery), de Delling fan 'e Missoery en de Hakke fan Missoery wenje in protte Afro-Amerikanen. Lju fan Frânsk komôf binne benammen konsintrearre yn 'e Delling fan 'e Mississippy besuden St. Louis. Benammen yn Kansas City (Missoery), mar ek wol St. Louis, libje ek mienskippen fan Meksikanen, Súdsûdanezen, Somaliërs, Nigerianen, Bosnyske Moslims, Sinezen en Filipino's.

In grut part fan 'e Yndiaanske befolkingsgroep yn Missoery bestiet út etnyske Sjeroky (Cherokee). Missoery hat gjin federaal erkende Yndianestammen. Oangeande de erkenning fan stammen op steatsnivo yn Missoery sprekke de boarnen inoar tsjin. De stammen dy't as sadanich neamd wurde, binne:
● de Noardlike Sjeroky Naasje fan it Alde Louisianaterritoarium
● de Tsjikkamauga Sjeroky Naasje

 
It haadgebou fan 'e Universiteit fan Missoery yn Columbia.

De offisjele taal fan Missoery is it Ingelsk, dat yn 1998 as sadanich by wet fêstlein waard. Neffens gegevens fan 'e Amerikaanske folkstelling fan 2000 wie dy taal doe foar 94,9% fan 'e befolking de memmetaal. Op it twadde plak, rekkene nei oantallen memmetaalsprekkers, komt it Spaansk, wêrfan't de fersprieding lykwols fierhinne beheind is ta de Latino-mienskippen fan St. Louis en Kansas City. Yn Missoery wurdt fierders in sterk yn syn fuortbestean bedrige foarm fan it Frânsk sprutsen, it Missoeryfrânsk, wêrfan't de sprekkers harsels as 'Kreoalen' oantsjutte. Dy taalfoarm giet werom op it santjinde-iuwske Frânsk fan 'e iere pelskeaplju en kolonisten, en ûntjoech him troch geografyske isolaasje fan oare Frânsktalige gebieten yn Noard-Amearika, lykas Kebek en Louisiana, op in folslein eigen manear.

Op it mêd fan godstsjinst bestie yn 2014 77% fan 'e befolking fan Missoery út kristenen, wêrûnder rom 60% protestanten,16% roomsen en minder as 1% eastersk-otterdoksen. De grutste protestantske denominaasjes wiene yn 2010 de Súdlike Baptistekonvinsje mei krapoan 750.000 leden en de Feriene Metodistyske Tsjerke mei krapoan 227.000 leden. De (mormoanske) Tsjerke fan Jezus Kristus fan de Hilligen fan de Lêste Dagen hie yn Missoery 93.000 leden.

 
De Gateway Arch, it symboal fan St. Louis.

Ateïsten en agnosten foarmen yn 2014 80% fan 'e befolking. Oare godstsjinsten wiene yn 2010 it joadendom mei 25.000 oanhingers, de islaam mei 12.000 oanhingers, it boedisme en it hindoeïsme, beide mei 7.000 oanhingers, en it bahaïsme mei 2.000 oanhingers. Alle oare religyen, wêrûnder it sikhisme, it soroästrisme, it jaïnisme en it Westersk heidendom, makken mei-inoar minder as 1% fan 'e befolking út.

Missoery hat foar it meastepart in fochtich lânklimaat, mei hjitte, neare simmers en kâlde, snieïge winters. Mei't de steat likernôch yn 'e midden fan 'e legere 48 Feriene Steaten leit, is der gjin moderearjende ynfloed fan 'e see, en likemin is der beskutting troch hege bergen. Sadwaande wurdt it waar yn Missoery ôfwikseljend behearske troch kâlde lucht út it Noardpoalgebiet en hjitte lucht dy't ôfkomstich is fan 'e Golf fan Meksiko. Yn it súdlike part fan 'e steat, benammen yn 'e Hakke fan Missoery, hearsket in ôfwikend, subtropysk klimaat. Rekôrtemperatueren yn Missoery wiene 48 °C, op 14 july 1954 yn Warsaw en Union, en –40 °C op 13 febrewaris 1905, ek yn Warsaw.

Mei't Missoery ûnderdiel útmakket fan Tornado Alley, in gebiet dêr't gauris tornado's foarkomme, hat de steat geregeldwei ûnder dat natoerferskynsel te lijen. Yn 2011 makke de Tornado fan Joplin in trêdepart fan it stedsje Joplin mei de grûn lyk. Dêrby fûnen 159 lju de dea, rekken mear as 1.000 minsken ferwûne en waard foar hast $3 miljard skea oanrjochte. Dat wie de slimste tornado yn Missoery sûnt 1957 en de deadlikste yn 'e hiele Feriene Steaten sûnt 1947. Ien fan 'e slimste tornado's ea wie de Tornado fan St. Louis, dy't op 27 maaie 1896 de stêd St. Louis trof.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.


 
              Feriene Steaten
Flagge fan de Feriene Steaten 
steaten
Alabama • Alaska • Arizona • Arkansas • Delaware • Fermont • Firginia • Floarida • Georgia • Hawaï • Idaho • Illinois • Indiana • Iowa • Kalifornje • Kansas • Kentucky • Kolorado • Konettikut • Louisiana • Maine • Marylân • Massachusetts • Michigan • Minnesota • Mississippy • Missoery • Montana • Nebraska • Nevada • Nij-Hampshire • New York • Nij-Jersey • Nij-Meksiko • Noard-Dakota • Noard-Karolina • Ohio • Oklahoma • Oregon • Pennsylvania • Rhode Island • Súd-Dakota • Súd-Karolina • Teksas • Tennessee • Utah • Washington • West-Firginia • Wyoming • Wiskonsin
ûnynkorporearre territoaria
Amerikaanske Famme-eilannen • Amerikaansk-Samoä • Gûam • Noardlike Marianen • Porto Riko
federaal distrikt
Distrikt Kolumbia
  ·   · Berjocht bewurkje