De Tynje (doarp)
De Tynje is in doarp noardwest fan De Gordyk yn de gemeente Opsterlân. It leit sawat 16 kilometer noardeast fan It Hearrenfean.
De Tynje (doarp) | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
Provinsje | Fryslân | |
Gemeente | Opsterlân | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 1.605 (1 jannewaris 2023)[1] | |
Oerflak | 13,51 km², wêrfan: - lân: 13,13 km² - wetter: 0,38 km² | |
Befolkingsticht. | 63 ynw./km² | |
Oar | ||
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 53° 01' N 5° 59' E | |
Offisjele webside | ||
tynje.nl | ||
Kaart | ||
Kaart | ||
Himrik (grien) fan 'e Tynje yn 'e gemeente Opsterlân |
De Tynje 1.605 (1 jannewaris 2023)[2] ynwenners.
De namme 'De Tynje'
bewurkje seksje- De Wikipedy hat ek in side It ûntstean fan de namme 'De Tynje'.
Yn Fryslân wie in tynje meast in wetterskieding as natoerlike ôffreding tusken de bewenne wrâld en de rûgere oare kant fan de stream. Der wienen en binne wol mear tynjes yn Fryslân lykas by Huzum en Grou.
Op de grins fan Opsterlân en Aenjewier streamde de Lúkster tynje. De lêste 800 meter fan dy tynje rûn op de Wispel en it Mûdjip ta en foarme de skieding tusken Lúkswâld en Terwispel (dat dêr no De Tynje hjit). Dat ein waard om 1650 hinne slat ta in rjochte skipfeart, it Tynjerak. Dêrefteroan kamen mear rakken om farrendewei mei turf alhiel by de Easterboarn út te kommen en dan fansels noch fierderop.
Yn dy lange feart wie foar de boeren op twa plakken in set lein. Om dy setten hinne ûntstiene de iuwen dêrnei hiel stadichoan twa buorskippen: de Grutte en de Lytse Tynje. Dy beide Tynjes binne troch de neioarlochske nijbou sûnt 1950 oaninoar breide ta ien plak.
Skiednis
bewurkje seksje- De Wikipedy hat ek in side Skiednis fan De Tynje (wiidweidich).
De iere tiid oant 1600
bewurkje seksjeIt meast dat yn it noardwest fan Opsterlân leit en dat no De Tynje hjit, wie oant 1910 in part fan Terwispel, dat yn de midsiuwen 'Wispolia' hiet en in eigen tsjerke en pastoar hie. Tusken de tsjerken fan Aldeboarn en Terwispel hat nei alle gedachten in kapeltsje yn 'e Ripen stien. Ut it finen fan in stichmannich kleastermoppen op it Klokmêd oan it begjin fan de Warrewei soe opmakke wurde kinne dat dêr ea minsken harren fee weidzje lieten en faaks ek wenne hawwe. Mar neat wiist der op dat dêr soks as in doarp west hat. Dat yn De Deelen wetterputten ûntdutsen binne, seit oant no ta like folle of like min.
De hjoeddeiske Tynje wie al dy iuwen lang ‘ûnlân’ fan miedlân, warren, ripen en stripen, mei hjir en dêr op de hegerein saneamde wâlden fan skânsrys. Op dy fjilden koene of woene gjin minsken wenje, benammen net hjerstmis en winterdeis. Dan strûpte de boel ûnder om't de Boarn, de haadstream of haudmare fan Opsterlân, it wetter net kwyt koe. En geregeld jagen fûle stoarmen it wetter fan de Middelsee noch fierder de Boarn yn. Mei in westerstoarm fleach it oer of soms dwers troch de Hegedyk hinne. Dan wie der op De Tynje gewoanwei net te wêzen.
Maitiids, as it wetter sakke wie, kamen de boeren fan Terwispel en Lúkswâld oer harren heawegen op de mieden ta om it gêrs en it hea. Benammen de healannen besuden de Boarn leinen blykber yn ‘e graasje, want fan beide kanten rûn dêr in heawei op ta. Tusken dy twa wegen yn streamde in sydrivier dy’t it wetter fan 'e Ald Ie en de Wispel nei de Boarn ôffierde. Lykas de beide heawegen kaam dy ek út by de Mouwe (útsprekke mei de o fan bok). Sa hiet it grutte, lang en ovaal útfallen komfoarmich stik leechlân, noard en east fan dêr’t no de brêge oer de Nije Feart leit. Fan Terwispel út hiet de heawei dan ek Mouwewei, en de rivier Mouwedjip. Letter waarden se wol Mûwei en Mûdjip neamd.[3]
De Lúkster boeren moasten mear war dwaan om by de Mouwe te kommen. Dy rieden harren heawei ôf oant sy by in wetter kamen, dat sy beskôgen as harren tynje, de Lúkster tynje. In tynje is soks as in begrinzing, ôfbeakening, freding of hage.[4] De Lúkster tynje wie in lange sydrivier fan de Wispel en it Mouwedjip, dy’t al yn Lúkswâld by de Hegedyk begûn en nei in rejale bôge de Aldewei bylâns tasette op it stee dêr’t no it swimbad leit. Dy lange tynje krúske de Lúkster heawei en de Breewei. De boeren smieten maitiids in steal takkebosken in dat wetter. Sa ûntstie in 'tichtset’ yn de tynje, dy’t it wetter wol trochliet. Mei ferstân en oerlis waarden dêr beamstammen of balken oerhinne smiten en sa koene sy harsels mei hynder en wein oersette, oer harren eigen ‘tynjeset’. Nei de Breewei belanne it boerefolk fan Lúkswâld op de Riperwâldwei (no de Rôlbrêgedyk). It lêste legere ein waard wol de Mouwehimster heawei neamd. Al mei al fjouwer nammen foar likefolle einen heawei om fan Lúkswâld de Mouwe te berikken. Tegearre mei de mieden dêrom hinne wienen it de Mouwehimmen.
Der wienen noch mear heawegen: de Riper- en de Warrewei: fan de Breewei ôf mear it west yn. De wei nei de warren (in oar wurd foar mieden of mersken) kaam net fierder as de Deelen. De (lange) Riperwei gie hielendal oant de Boarn ta, lyksa as de like lange sydrivier fan de Boarn dy’t tusken de Warrewei en de Riperheawei yn rûn. Om dêr ek komme te kinnen leinen de Terwispelders op de sânige súdrâne fan de wâlden in rydwei oan: de Brêgeleane. Dêr bouden sy healwei, oer it smelste eintsje Mouwedjip, sels in nijmoaderige flapbrêge.
Fan 1600 oant 1800
bewurkje seksjeYn 1620 soenen de jonkers Van Dekema, fanwegen it ferfier fan harren turf, in feart dolle fan de Wispel of oant Easterboarn ta. Dat woe net rjocht klear komme en doe namen de fjouwer hearen kompanjons Crack, Fockens, Oenema en Teijens it yn 1645 oer. Earst slatten dy it leste ein fan de Lúkstertynje ut, dwers troch de tynjeset hinne. Dat waard in rjochtlutsen farwetter, in rek of rak fan sa’n 800 meter: it Tynjerak. Op 'e ein fan de Lúkster heawei kaam in nije set yn de tynje. It rak krige dêr in smelte, mei in houten lânhaad oan beide kanten. De turfskippers koenen der tusken troch en as in boer oerset wurde moast, koenen der losse balken oerhinne. De nije tynjeset yn it Tynjerak wie eins in balkebrêge.
Ek de lange stream sûnder namme dy’t tusken de Riper- en de Warrewei op Easterboarn tarûn, koe rjocht slatten wurde ta in rak: it Langerak. Doe waard noch in ferbiningsrak dold, dwersoer fan it Tynjerak nei it Langerak. Dy gie al troch de Warrewei hinne, dat dêr moast ek in sa’n moderne set yn. Dy krige de namme Wynjeset want alles dêre wie fan de famylje Wynje (ek wol Winia) fan Wynjeterp. It nije tuskenrak waard wolris Wynjetynje neamd of Wynjerek, mar de skippers seinen al gau Skitersrak.
De hearen kompanjons setten by de Tynjeset Roelof Johannes (Roel fan Jehannes) fan Lúkswâld yn as ‘tynjeman’. Hy hat grif de alderearste ynwenner west fan wat no De Tynje is. Hy moast as in soarte fan plysje tasjen dat de skippers en de boeren harren holden oan it reglemint fat de hearen. Hy mocht sels boetes jaan en krige ek ferlof fan de bazen en slyt foar it kommende en geande folk in slokje in syn sûphûske. Dat wie yn 'e lêste helte fan de 17e iuw. Fierder wie der by de setten en op de rakken oant 1800 ta suver neat oars te rêden as it krewearjen fan boeren en skippers. Fan feanterij kaam it doe al dy tiid eins noch net.
Fan 1800 oant 1910
bewurkje seksjeOp de lange doer sette om 1800 hinne feantersfolk, meast Tsjalberters, harren op 'e Tynje’ nei wenjen. Net de feart en rakken bylâns, lykas op oare plakken, mar om de beide setten hinne. Dy buorskipkes by de (Lúkster)tynjeset en de (Wynje)tynjeset, hjitten nei ferrin fan tiid de Grutte Tynje en de Lytse Tynje. Dat wie yn 1950 noch sa. Sûnt binne dy beide Tynjes troch de nijbou oaninoar groeid. Dat no is der mar ien Tynje mear, mar wol mei útbuorren as de Ulesprong, de Warren en de Rôlbrêge. Fanâlds wie ‘de tynje’ fan de Lúksterhoeksters in wetter op de skieding tusken Opsterlân en Aenjewier, en ek op de grins fan Lúkswâld en Terwispel. No is De Tynje de namme fan it doarp dat foar it grutste part oan de oare kant fan dy grins leit.
Om 1820 hinne kamen de Gitersken opsetten mei harren metoade fan turfgraven. It gefolch wie dat it grûngebiet fan de hjoeddeiske Tynje yn de koartste kearen ferskuord, ferdold, ferropt en ferrinnewearre wie ta ien ûnbidige wetterplasse. Dêr kaam in soad sykte, lijen en ellinde fan. Der stoaren in soad minsken oan malaria, om it hoartsje ferdronk in bern en mei stoarmwaar waarden stikken út de pear diken ropt dy’t der noch oerwienen. Sels de kening stjoerde in riedsman nei Fryslân omdat it sa net langer koe. De lju dy’t it measte fertsjinst hienen fan de feanterij, wrakselen noch in skoft tsjin, mar hja moasten dochs meibetelje oan earmjild foar de arbeiders sûnder ynkommen en oan slikjild om de wettersee wer drûch te meallen.
Doe’t de polderbestjoeren oan de slach koene, wie de saak gau beslikke. De Nije Feart -fan 'e Gerdyk, dwêrs troch it spjalten Terwispel hinne, mei in wide bôge om de Tynjester gerjochtichheid nei de Ulesprong en fierder op Haskerdiken ta- lei der yn 1852 al yn. Hjir en dêr in mûne op de polderdyk en it modern Tripgemaal fol yn it wurk en de wettersee rekke stadichoan drûch en ree as greide foar de feehâlderij. Dat hie ek ta gefolch dat de beroppen fan 'e befolking op De Tynje feroaren. Wa’t koe en woe, begûn te buorkjen, fakentiden as boerearbeider mei in stikmannich kei thús. In P.W. Jansen, dy’t goed jild fertsjinne hie yn Ynje, sette in stifting op mei it doel dat sokke lytse komelkers mei liend jild in bedriuw begjinne koenen. Út Denemark kaam de gedachte oer en pak de saken koöperatyf oan. Dat liede ek op De Tynje ta in tal koöperative ferienings fan boeren, lykas de oankeapferiening, de lienbank en it molkfabryk. Letter sluten ek winkellju har gauris by in koöperaasje oan, sa as De Spar, Enkabé, VéGé en Vivo.
Sûnt 1850 kamen der njonkelytsen ek sosjale en kulturele ferienings, tsjerken en skoallen. Fier foar 1910, it jier dat De Tynje offisjeel selsstannich waard, hienen de Tynjesters al in ryk ferieningslibben. 'De Bazuin' bestiet sûnt 1905, de earste sechstich jier sels as harmonykorps mei klarinetten en al. 'Pleatslik Belang' waard yn 1896 al oprjochte. Toanielferiening 'Rjocht en Sljocht' is fan 1872. It earste grifformearde tsjerkje is boud yn 1866. De iepenbiere skoalle oan it Tynjerak wie der yn 1861 of noch earder. De gymnastykferiening is like âld as it doarp. De grifformearden krigen yn datselde jier in dûmny foar harren sels. Dy stiften yn 1912 ek in kristlike skoalle oan de Riperwei (no de klokmakkerij).
Fan 1910 oant 1955
bewurkje seksjeTige wichtich foar de ekonomy fan De Tynje wie de bou fan in eigen koöperative molkfabryk of bûterfabryk. Yn 1916 gie dat fabryk, de Volharding II fan ‘e mient. Dat wichtige barren kin wol beskôge wurde as de ôfsluting fan de feanterij en de earmoede dy’t dêrmei anneks wie.
Yn de krisis fan jierren 1930 kaam in soad earmoede werom. Gâns lju rekken sûnder wurk en wa’t yn de wurkferskaffing belâne, fertsjinne net drekt genôch, nettsjinsteande 48 oeren wurk yn ‘e wike. De oarloch makke dêr min of mear in ein oan. Mar doe kaam der folle slimmere noed foar yn it plak.
Yn maaie 1940 sneuvelen by de ynfal fan de Dútsers twa jonge Tynjesters op de Grebbeberch: Klaas Idzerda en Jean Jeaninga. De Tynje wie yn de Twadde Wrâldkriich in bolwurk fan it ferset. Yn De Deelen binne hiel wat wapens 'dropt' en yn turfbulten bedobbe. Ferskate ûnderdûkte kopstikken fan it Fryske ferset, wêrûnder de Tynjester skoalmaster Douwe Symen Algra, kamen geregeld op de Tynje en omkriten gear foar yllegaal oerlis oer harren plannen en aksjes. Dêrom hie De Tynje mear as in soad oare doarpen út en troch te lijen fan in oerfal of in 'razzia'. Dy fan 29 desimber 1944 wie de slimste. Master Algra koenen se net pakke, mar twa ûnskuldigen, Wolter Húsman en Ealtsje de Vries, waarden om neat deasketten. Itselde hienen se earder dien mei Hylke Watzema.[5]. Op de alderlêste oarlochsdei waard de Hearrenfeanster fersetsman Sieger van der Laan op De Tynje, by de Warrebetten, deasketten, wylst er 'bewapene’ wie mei in wite flagge. Foar Klaas en Jean stie rillegau in monumint op it tsjerkhôf, ûntwurpen troch ir. Van der Leij. Yn de nei-oarlochske nijbou binne strjitten ferneamd nei de fermoarde Hylke Watzema en nei 'Van der Velde', de skûlnamme fan master Algra as fersetslieder.
Yn 1946, doe't it molkfabryk 30 jier âld wie, is der oer de skiednis fan De Tynje om 1890 hinne in revu skreaun, mei teksten fan Fedde Schurer. Dy is doe trije dagen lang yn in grutte tinte opfierd troch 'Rjucht en Sljucht'. De tige passende titel 'In doarp riist út 'e puollen' is noch te finen op it monumintsje dat letter foar it bûterfabryk delset is.
Yn 1948 sneuvele in jonge âld-Tynjester, Jan Dam yn de saneamde polysjonele aksje yn ‘ús’ Ynje (no Yndoneezje).
Dat it folk fan De Tynje doe ek al grutsk op it eigen doarp wie, is goed te sjen op de saneamde ’Tynjefilm', dy't it kristlike muzykkorps 'De Bazuin' yn 1952 meitsje liet. Dêr binne net allinnich de skoalbern op te sjen (de Ulesprong hie doe noch in eigen skoalle), mar ek populêre doarpstipen, lykas Ynze Overwyk, Jehannes 'Post' Akkerman en 'Swarte' Harm (van der Vliet), de fiskerman fan de Warren.
1955 en letter
bewurkje seksjeIn jier as tsien nei de oarloch kaam der jild frij om it doarp te ‘modernisearjen’. It Tynjerak en it Skitersrak waarden tichtsmiten, want dêr moast de provinsjale wei fan De Gordyk nei Aldeboarn as nije omwei oerhinne. Sels de iuwenâlde Wispel en in grut part fan it like âlde Mûdjip moasten it belije. De measte, faak skildereftige brêgen en slûzen waarden ferneatige. Doe is De Tynje in soad fan syn karakter en skiednis kwyt rekke. Yn de jierren 1950 waarden oan ruilferkaveling en wurkferskaffing mear belang takend as oan it behâld fan oare saken. In pear jier letter is ek de A7 tusken It Hearrenfean en Drachten oanlein sadat De Tynje in stik better te berikken waard.
Al jierren tebek wurde om de fiif jier lustrumfeesten organisearre. Dan wurde hûzen optúgd en ride fersierde weinen troch it doarp en omkriten efter it muzyk fan De Bazuin oan. It jier 1910 wurdt op 'e Tynje as it bertejier fan it doarp beskôge. It earste iuwfeest waard fierd ûnder it motto 'De Tynje 100-jong en brûzjend'.
Mienskip
bewurkje seksjeDe Trekkerstinte is it doarpshûs en de Tynjeboade de doarpskrante. Op it stuit (2023) wurdt der wurke oan in nij MFA, dêr't njonken it doarpshûs ek de skoallen en sportferienings in plak krije.[6] It doarp hat in boarterstún en it natuerswimbad De Wispel. In soad gebouwen binne troch de Tynjesters mei elkoar boud. De tradisjonele skelnamme foar in bewenner fan 'e Tynje is bakbrogge.[7]
It tal winkellju is de lêste jierren stadichoan minder woarn. Dochs is der noch in doarpswinkel dêr't men bygelyks ek klompen keapje kin.
Al jierren herwaarts binne der om de fiif jier lustrumfeesten. Dan wurde hûzen fersierd en ride fersierde weinen efter it muzyk fan De Bazuin oan troch it doarp en de omkriten.
Tsjerke
bewurkje seksje- De Wikipedy hat ek in side Protestantske tsjerke fan De Tynje.
Skoalle
bewurkje seksje(De iepenbiere basisskoalle De Pols en de protestantsk-kristlike basisskoalle De Rank binne yn 2022 fusearre).
Ferienings
bewurkje seksjeIt doarp hat ferskillende buertferienings.
|
(De list is yn 2023 bywurke mei help fan de doarpsside. Sjoch foar de meast aktuele ynformaasje oer ferienings op de hiemside fan it doarp)
Befolking
bewurkje seksjeJier: | 1954 | 1959 | 1964 | 1969 | 1974 | 2005 | 2008 |
Ynwenners: | 1402 | 1349 | 1321 | 1294 | 1255 | 1489 | 1500 |
Jier: | 2015 | 2020 | |||||
Ynwenners: | 1571 | 1550 |
Berne
bewurkje seksje- Gerrit Roorda (1890-1977), politikus en aktivist
- Hein Vos (1903–1972), ekonoom en âld-minister
- Hindrik Gosses de Jong (1932-2011), skriuwer, û.o. oer de skiednis fan De Tynje
- Pieter Zwerver (1936-2017), fuotballer, dy't û.o. mei Abe Lenstra spile
- Jappie Walstra (?), para-olympysk hânbôgesjitter
- Sietse de Vries (1955), Frysk skriuwer
Eveneminten
bewurkje seksje- Tynjerock
- Trekkerfeest (septimber)
- Tynster Mid-Winter Spektakel
It besjen wurdich
bewurkje seksjeOp it tsjerkhôf stiet ien fan de klokkestuollen yn Fryslân.
De grifformearde (tsjintwurdich PKN) tsjerke oan 'e Rôlbrêgedyk is ien fan de earste fan wapene beton boude tsjerken en dêrom in ryksmonumint. Oan de Riperwei stiet de eardere herfoarme tsjerkje, dy't omboud is ta wente, dat doe sels omtinken yn de lanlike parse krige.
Yn it doarp steane in tal âlde huzen. Oan de Breewei binne guons restaurearre.
Yn it doarp stiet ek it earste (en ienige) Opel Oldtimer Museum fan Nederlân. Yn dat museum stiet in fariaasje oan modellen en jiergongen fan dat merk.
Fierders binne der noch it âlde molkfabryk fan it doarp, de moleromp oan de Nije Feart, in soad boerepleatsen, de brechjes lâns de polder dy't nei de huzen en buorkerijen liede, de byldetún It Ulenêst en in mânske swerfstien. De swerfstien dy't brûkt is foar it monumint fan de Slach by Warns komt ek fan De Tynje. Dy waard yn 'e jierren 1930 opgroeven troch Gerrit Roorda en hat earst sa'n tweintich jier by him op it hiem lein, deun by de eartiidske Grutte Tynje.
Natoer
bewurkje seksjeOm De Tynje hinne lizze ferskate natuergebieten. Troch de noch jonge 'Tynster bosk' rint in drok, betonnen fytspaad. De Tynje hat in relatyf grut oerflak oan lân en ferskate wetters, ûnder oaren de Nije Feart as ûnderdiel fan de Turfrûte. Fan it Mûdjip is noch in lêste restant oer. Fan de eartiidsk sa wide Wispel is neat mear oer as in asfaltwei. It Tynjerak en it Skitersrak, de Grutte Tynje bylâns oant de Lytse Tynje ta, binne tichtsmiten; dêr leit no de provinsiale omwei. Noardwestlik dêrfan is it Lange Rak noch, mar dan as ôfwetteringskanaaltsje. En nei it suden rint op de grins mei de himrik fan Gersleat de Nokfeart. It natuermonumint De Deelen leit net fier fan it doarpsgebiet fan De Tynje.
Sêgen
bewurkje seksjeOmdat De Tynje in "jong" doarp is binne der net safolle sêgen te fertellen as yn oare Fryske doarpen. De sêgen dy't neamd wurde gean oer in spûkhûs by de Rôlbrêge en in spûktsjerkhôf oan de Warrewei. By dizze lêste soenen swarte wiven sjoen wêze dy't dêr op 'e sleat rûnen. De sêgen binne wylst al ferdwûn út de fertellings binnen famyljes.
Strjitten
bewurkje seksjeBinnentroch, Breewei, Brêgeleane, De Warren, De Wispel, Farskewei, Gerrit Roordawei, Hanebuert, Heawei, Hein Voswei, It Rak, Kupershagen, Master Roordawei, Polderdyk, Riperwâlden, Riperwei, Rôlbrêge(dyk), Romke van Damwei, Stokkershagen, Tynjewei, Ulesprong, Van der Veldestrjitte, Volharding, Warrewei, Watzemawei, Winia-Ikkers.
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Opsterlân | ||
---|---|---|
Doarpen en útbuorrens: Bakkefean • Beetstersweach • Fryske Peallen • De Gordyk • De Himrik • Jonkerslân • Langsweagen • Lippenhuzen • Lúkswâld • Nij Beets • Oerterp • Olterterp • Sigerswâld • Terwispel • De Tynje • Wynjewâld | ||
Buorskippen: Ald Beets • Allardseach (foar in part) • It Foarwurk • Foksebuorren • De Hanebuert • Hanebuorren • Heidehuzen • Himrikerferlaat • Koartsweagen • Lyts Grins • Moskou (foar in part) • Nije Feart • Oerterp oan de Feart • Petersburch • Selmien • Sparjeburd • De Ulesprong • Weinterpferlaat • De Wyngaarden | ||
· · |