Buorskip
- Dizze side giet oer it bewenne plak bûten de beboude kom. Foar buorskip yn 'e sin fan 'e ûnderlinge ferhâlding tusken buorlju, sjoch: buorlju.
In buorskip is in lytse delsetting dy't gjin doarp is (dus gjin blauwe kombuorden hat) en dêr't mar in stikmannich huzen byinoar steane. Is de bebouwing fan in buorskip mear konsintrearre ta in soarte fan buorren, dan sprekt men fan in útbuorren. Under de beneaming fan 'buorskip' kin ek ferstien wurde: de mienskip dy't yn in buorskip wennet en/of wurket, ynsafier't der sprake is in beskate maatskiplike gearhing. Yn 'e regel hat in buorskip gjin tsjerke en likemin oare foarsjennings, lykas winkels, in doarpshûs of in kafee. In buorskip hat gjin eigen gebiet, mar leit yn 'e himrik fan in doarp út 'e omkriten (of soms op 'e grins fan twa of trije himrikken).
Fan oarsprong wie in buorskip in útbuorren dêr't àl beskate mienskiplike foarsjennings wiene, hoewol't men dy no amper mear as sadanich weromkenne soe. It wurd 'buorskip' joech oan dat de stimhawwende pleatsen sokke foarsjennings, lykas diken, it wetterskip en faak in mienskar, mei-inoar regele hiene. Buorskippen hiene troch de tiid hinne in útinoarrinnende juridyske status, mar tsjintwurdich gjin inkele mear, of it moat wêze dat de gemeenteried fan 'e gemeente dêr't de oangeande buorskip yn leit, oars beslist, bygelyks fanwegen in ûnfeilige ferkearssitewaasje.
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|