Nothing Special   »   [go: up one dir, main page]

In anagronisme, fan it Grykske ανά, ana ("tsjin" of "wjer-") en χρόνος, chronos ("tiid"), is in gronologyske tsjinstridichheid op in beskaat mêd, yn it bysûnder as it njonken persoanen, foarfallen, foarwerpen of gewoanten út in oar tiidrek pleatst wurdt. Gauris is it ding dat yn 'e tiid mispleatst is in foarwerp, mar it kin likegoed in útspraak, literêr wurdgebrûk, technologyske ûntwikkeling, filosofysk idee, muzykstyl, gewoante, de stof wêrfan't in ding makke is of lykfol hokker oar ding ek wêze dat oan in beskate tiidsperioade bûn is en by fersin bûten syn eigentlike tiidsdomein pleatst wurdt. In foarbyld dat gauris jûn wurdt, is dat fan in akteur dy't yn in film in Romeinsk soldaat spilet, mar fergetten is om syn polshorloazje ôf te dwaan.

Orfeus, in figuer út 'e Grykske mytology, hjir troch de Italjaanske keunstskilder Cesare Gennari (1637-1688) ôfbylde mei in fioele, in ynstrumint dat pas yn 'e sechstjinde iuw útfûn waard.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.