Nothing Special   »   [go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Zookeeper (film)

Ut Wikipedy
Zookeeper
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Frank Coraci
produsint Todd Garner
Kevin James
Adam Sandler
Jack Giarraputo
Walt Becker
senario Nick Bakay
Rock Reuben
Kevin James
Jay Scherick
David Ronn
kamerarezjy Michael Barrett
muzyk Rupert Gregson-Williams
filmstudio Columbia Pictures
Metro-Goldwyn-Mayer
Broken Road Productions
Hey Eddie
Happy Madison Productions
distribúsje Sony Pictures Releasing
spilers
haadrollen Kevin James
Leslie Bibb
Rosario Dawson
byrollen Nick Nolte
Sylvester Stallone
Joe Rogan
Donnie Wahlberg
Adam Sandler
Cher
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 8 july 2011
foarm langspylfilm
sjenre romcom-fantasyfilm
taal Ingelsk
spyltiid 102 minuten
budget en resultaten
budget $80 miljoen
opbringst $169,8 miljoen

Zookeeper is in Amerikaanske romantyske komeedzje en fantasyfilm út 2011 ûnder rezjy fan Frank Coraci, mei yn 'e haadrollen Kevin James, Leslie Bibb en Rosario Dawson. De titel betsjut "Oppasser". It ferhaal giet oer Griffin Keyes, in tige sympatike oppasser yn in dieretún, dy't lykwols tige ûngelokkich yn 'e leafde is. De bisten yn 'e dieretún kinne syn oanhâldende omknoffeljen op dat mêd lang om let net mear oansjen, dat se litte him witte dat se prate kinne. Neitiid besykje se him op alderhanne manearen te helpen om 'e frou te feroverjen op wa't er al jierren fereale is. De film krige oer it algemien negative resinsjes fan 'e filmkritisy, mar groeide yn 'e bioskopen út ta in kommersjeel súkses.

Yn 2004 freget Griffin Keyes, in groulivige mar sympatike oppasser yn 'e Franklin Park Zoo yn Boston, op yngewikkelde wize syn tsjeppe mar materialistyske faam Stephanie om mei him te trouwen. Sy wiist him lykwols ôf, en fertelt dat se eins oan it risselwearjen wie om it mei him út te meitsjen. Se fynt nammentlik dat er gjin ambysje en gjin doelen yn it libben hat en walget fan syn wurk mei de bisten yn 'e dieretún. Dêrmei brekt se Griffin it hert.

Fiif jier letter, yn 2009, is Griffin opklommen ta haadoppasser fan 'e dieretún. Hy hâldt fan syn bisten en al wit er it net, de bisten hâlde ek fan him. Dy jûns organisearret Griffin yn 'e dieretún in feest ta eare fan syn broer Dave, dy't mei koarten trouwe sil mei syn tsjeppe ferloofde Robin. As tsjûge hâldt Griffin in taspraak, en dat giet him poerbêst ôf oant er mank de gasten Stephanie ûntdekt en tichtslacht. Har hied er dêr net ferwachte, ek al wist er dat se mei Robin befreone wie. Neitiid biedt Dave him in baan oan by syn autohannel, mei't dat neffens him de bêste manear foar Griffin is om Stephanie werom te winnen. Griffin, dy't dúdlik noch lang net oer Stephanie hinne is, nimt it foarstel yn omtinken.

Nei't de minsken har allegear ôfjûn hawwe, hâlde de bisten fan 'e dieretún, dy't fan alles tsjûge west hawwe, in gearkomste om te oerlizzen hoe't se foarkomme kinne dat Griffin oar wurk oannimt. Hy is nammentlik de bêste oppasser dy't se ea hân hawwe, en se wolle him net kwyt. Se beslute dat it de baas is en help him om Stephanie werom te winnen. Jerome de bear slacht foar om Griffin de pearingstaktiken fan 'e brune bear by te bringen, mei't er dêrmei sûnder mis súkses hawwe sil. Joe de liuw leit dêr lykwols it near op, mei't der gjin sprake wêze kin fan it ferbrekken fan 'e regel dy't seit dat bisten nea, mar dan ek nea oan minsken witte litte kinne dat se prate kinne. Donald it aapke hat Stephanie sizzen heard dat se moarn mei Robin in besyk oan 'e dieretún bringe sil, dat alles dat de bisten hoege te dwaan is Griffin foar de beide froulju oer in held lykje te litten.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Dat blykt lykwols noch net sa maklik. De oare deis docht Donald de doar fan it liuweferbliuw fan it slot en lit Joe derút. Dy rint op Stephanie en Robin ta en âlet driigjend. Griffin sjocht it en hastiget derhinne, mar as er yn it liuweferbliuw springe wol, skat er de sprong ferkeard yn en falt yn 'e drûge grêft om it ferbliuw hinne sûnder dat de froulju him ea sjogge. Ynstee wurde Stephanie en Robin rêden troch Kate, de froulike bistedokter fan 'e dieretún. As it Griffin folle letter einlings slagget en klim út 'e grêft, ferliest Joe syn geduld en ropt him yn argewaasje ta: "Doochsto ferdomme eins wol?" Griffin hastiget him dêrop nei hûs, om't er bang is dat er gek wurden is. De deis dêrnei besiket er oanhâldend mar om 'e nocht om 'e bisten oan 'e praat te krijen. Pas nei slutingstiid ferbrekke se harren swijen om tsjin him te sizzen dat se him helpe sille mei syn hofmakkerij fan Stephanie.

Neitiid praat Griffin foar it earst mei Bernie de gorilla, dy't yn in djippe kûle sûnder útsicht holden wurdt nei't er jierren lyn Griffin syn kollega Shane oanfallen hat. Bernie fertelt dat er dat nea dien hat, en dat Shane it foar de moade hat om 'e bisten tenei te kommen mei in lange stôk mei in útstekkende spiker oan 'e útein. Doe't er dat ris by Bernie dwaan soe, glied er út en besearde er himsels, en neitiid fertelde er eltsenien dat syn ferwûnings feroarsake wiene troch in oanfal fan Bernie. Troch dat foarfal hat Bernie syn fertrouwen yn minsken ferlern. It ferhaal giet Griffin, dy't Shane dochs al net lije mocht, wol oan it hert, mar hy kin Bernie, dy't syn âlde ferbliuw mei útsicht weromhawwe wol, net helpe. Yn 'e dagen dêrnei lit Griffin him foarljochtsje oer de pearingsrituelen fan brune bearen, wolven en oare bisten. Om't er sels alhiel gjin idee hat hoe't er Stephanie weromwinne moat, beslút er dat it gjin kwea kin om 'e goerie fan 'e bisten op te folgjen, sels al fernederet er mei syn oefenings dêrta himsels, de oare oppassers en de bisten foar it each fan 'e besikers fan 'e dieretún.

Op in feest foarôfgeande oan 'e brulloft fan Dave en Robin (dêr't Griffin op advys fan Sebastian de wolf yn alle plantebakken pisset om in eigen territoarium te skeppen), ûntdekt Griffin dat Stephanie ek noch altyd omgiet mei in oare eks-freon, in bullebak dy't Gale hjit. De jûn rint út op in mislearring as Gale de plannen fan Griffin in stôk yn 'e speaken stekt. Wol in súkses is dat Griffin Bernie op syn jierdei mei de stêd ynnimt nei de kroech, dêr't se eltsenien wiismeitsje dat Bernie in man yn in gorillapak is. Dêrtroch reitsje Griffin en Bernie befreone. Janet de liuwinne leit Griffin út dat de bêste manear om in wyfke oan te lûken is troch har jaloersk te meitsjen troch foar har eagen mei in oar wyfke om te gean. Dat Griffin freget Kate de bistedokter om mei him nei de brulloft fan Dave en Robin te gean en leit har de hiele saak út, ynklusyf it feit dat er har inkeld brûke wol om Stephanie jaloersk te meitsjen.

Kate wol him wol helpe, dat op 'e jûn fan 'e brulloft set se dêr mei him nei ta. Op it feest besiket Griffin oanhâldend en om 'e nocht om 'e oandacht fan Stephanie te lûken, dy't dêr mei Gale is. Pas as er har op in stuit eefkes ferjit en oprjocht wille hat mei Kate, wurdt Stephanie jaloersk. Se freget Griffin mei út en hy stimt ta. De oare deis geane se op Stephanie har inisjatyf tegearre nei in moadeshow, dêr't se Griffin ferteld dat syn wurk as oppasser him tebekhâldt en him oantrunet om in oare baan te sykjen. Griffin beslút om it oanbod fan Dave oan te nimmen en giet oan it wurk as autoferkeaper. Dêrmei fertsjinnet er yn in moanne wat er oars yn in jier oan salaris krige. As er syn beslút yn 'e dieretún meidielt, reitsje sawol Bernie as Kate dêrtroch fan slach. Shane is bliid dat er fan Griffin ôf is, mar Griffin warskôget him dat er him yninoar slaan sil as er ea de bisten wer tramtearret.

As autoferkeaper is Griffin tige súksesfol, en Stephanie is folslein gelokkich. Griffin wurdt lykwols almar ûngelokkiger en hatet de persoan dy't er wurden is. As Stephanie him yn 'e autohannel foar it each fan 'e oare ferkeapers en de klanten freget om mei har te trouwen, moat er har nee ferkeapje en brûkt dêrby deselde wurden dy't sy fiif jier earder brûkte om syn houliksoansyk ôf te wimpeljen. Griffin nimt ûntslach en hastiget him werom nei de dieretún om te sjen oft er syn âlde baan weromkrije kin, wat slagget. Hy makket it goed mei Bernie, dy't lykwols de wûnen draacht fan in nije konfrontaasje mei Shane. Bernie fertelt Griffin dat er Kate sizzen heard hat dat se fereale rekke is op Griffin, mar no't dy wer by Stephanie is, hat se it oanbod fan in baan yn in dieretún yn Nairobi oannommen. Se sil noch dyselde jûns op it fleantúch nei Kenia stappe.

Griffin, dy't troch de wurden fan Bernie foar it earst ta it besef komt dat hy ek fereale is op Kate, begrypt dat er no fluch hannelje moat. Mei Bernie bejout er him dwers troch de stêd nei Kate har appartemint. Underweis hâldt Griffin eefkes ho by it hûs fan Shane, dêr't er de tiid nimt om 'e ûnsympatike oppasser troch in gipsplatene muorre hinne te slaan. Dêrtroch misse se Kate krekt by har appartemint. Mar troch in roeiboat te stellen kinne se har byhelje op 'e brêge, dêr't har taksy fêststiet yn 'e file. Bernie klimt mei Griffin op 'e rêch by ien fan 'e pylders fan 'e brêge op en Griffin kwakt lyk foar Kate har taksy op it asfalt del om har syn leafde te ferkearjen.

In healjier letter sille Griffin en Kate trouwe en wurkje se side oan side yn 'e dieretún, dêr't Bernie no in nij ferbliuw hat mei útsicht oer de hiele skyline fan Boston.

Kevin James.
Leslie Bibb.
Rosario Dawson.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise
Griffin Keyes Kevin James
Stephanie Leslie Bibb
Kate Rosario Dawson


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Bernie de gorilla Tom Woodruff jr. (man yn it gorillapak)
- stim Nick Nolte (as stimakteur)
Joe de liuw Sylvester Stallone (as stimakteur)
Gale Joe Rogan
Shane Donnie Wahlberg
Donald it aapke Crystal the Monkey
- stim Adam Sandler (as stimakteur)
Janet de liuwinne Cher (as stimaktrise)
Barry de oaljefant Tai
- stim Judd Apatow (as stimakteur)
Jerome de bear Bart the Bear II
- stim Jon Favreau (as stimakteur)
Bruce de bear Honey Bump Bear
- stim Faizon Love (as stimakteur)
Mollie de sjiraffe Tweet
- stim Maya Rudolph (as stimaktrise)
Sebastian de wolf Bas Rutten (as stimakteur)
Dave Keyes Nat Faxon
Venom Ken Jeong
Robin Steffiana de la Cruz
Spike de krie Jim Breuer (as stimakteur)
Jürgen Mavroc Thomas Gottschalk
Nimer Brandon Keener
Jim de kikkert Don Rickles (as stimakteur)
Elmo de strúsfûgel Richie Minervini (as stimakteur)

Produksje en distribúsje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Zookeeper waard regissearre troch Frank Coraci nei in senario fan Nick Bakay, Rock Reuben, Jay Scherick, David Ronn en haadrolspiler Kevin James, dat basearre wie op in idee fan Scherick en Ronn. As produsinten wiene Todd Garner, Adam Sandler, Jack Giarraputo, Walt Becker en Kevin James by it projekt belutsen foar de filmstudio's Columbia Pictures, Metro-Goldwyn-Mayer, Broken Road Productions, Hey Eddie en Happy Madison Productions.

Der wie foar Zookeeper in budget fan $80 miljoen beskikber. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Michael Barrett, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Rupert Gregson-Williams. De opnamen begûnen op 17 augustus 2009 yn 'e Franklin Park Zoo yn Boston en einigen op 30 oktober fan dat jier. Yn Zookeeper wurke Kevin James gear mei syn frou Steffiana de la Cruz, dy't de rol fan Robin (syn skoansuster) spile.

It wie eins de bedoeling dat Zookeeper yn july 2010 útkomme soe, mar trochdat filmstudio Metro-Goldwyn-Mayer (MGM) dat jiers op in hier nei bankrot gie, waard it ynstee 2011 foar't de film útkaam. Zookeeper wie eins de earste film dy't útbrocht waard nei't MGM fan 'e ûndergong rêden wie. De distribúsje waard fersoarge troch Sony Pictures Releasing, in dochterûndernimming fan Sony Pictures, de eigner fan produsint Columbia Pictures. Zookeeper gie op 8 july 2011 yn 'e Amerikaanske bioskopen yn premiêre. Op 11 oktober fan dat jier waard de film ek útbrocht op dvd en blu-ray.

De filmkritisy wiene oer it algemien negatyf oant tige negatyf oer Zookeeper. Sa omskreau Brian Lowry fan it tydskrift Variety de produksje as "in marketingpraatsje op 'e siik nei in film". Ek siet der neffens nim "mar kwealk genôch komeedzje [yn] om in trailer fan trije minuten te fol te krijen." Todd McCarthy fan The Hollyrood Reporter fûn Zookeeper "yn alle opsichten ferskriklik". Ignatiy Vishnevetsky, presintator fan 'e tillefyzjefilmrubryk At the Movies, sei: "hoewol't de film der yn 'e trailer hilarysk útsjocht, is er eins allinne mar hilarysk as je derfan hâlde om Kevin James in protte op syn snuffert fallen te sjen." Hy joech de film in tomme omleech.

Yn 'e Washington Post skreau Sean O'Connell: "Fernederjende blunders en pynlike falpartijen lykje James syn saken te wêzen, en hearken minsken, de saken geane geweldich." De foaroansteande filmkritikus Roger Ebert fan 'e Chicago Sun-Times joech Zookeeper lykwols 3 fan 4 stjerren. Hy skreau: "Sjoch, in geweldige film is it net, mar oangenaam simmerfermaak is it wol. Neffens my hawwe alle leeftydsgroepen yn in famyljepublyk der wat oan."

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hie Zookeeper in leech goedkarringspersintaazje fan 14%, basearre op 131 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "[De film] smoart Kevin James mei in kliemsk skript en in oerfloed oan grappen dy't ûngaadlik binne foar de jonge sjoggers dy't yntrigearre wêze soene troch de bernige ferhaalline." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle Zookeeper in goedkarringspersintaazje fan 30%, basearre op 29 resinsjes. Amerikaanske bioskoopgongers dy't nei it sjen fan 'e film befrege waarden, joegen Zookeeper lykwols in 81/2 op in skaal fan 1 oant 10.

Zookeeper brocht wrâldwiid yn 'e bioskopen in opbringst fan $169,8 miljoen yn 't laadsje. Ofset tsjin it budget fan $80 miljoen betsjut dat in winst fan $89,8 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. Dêrmei wie de film nettsjinsteande de minne ûntfangst ûntsjinsislik in kommersjeel súkses. Aktrise Rosario Dawson waard foar har rol fan Kate yn Zookeeper nominearre foar in Teen Choice Award foar favorite froulike simmerfilmstjer.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.