Nothing Special   »   [go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Tyrreenske See

Ut Wikipedy
Tyrreenske See
geografy
type wetter rânesee
lokaasje w. fan Apenynsk Skiereilân,
e. fan Korsika en Sardynje,
n. fan Sisylje
lân Frankryk
Itaalje
koördinaten 40° N, 12° E
ûnderdiel fan Middellânske See
sifers
maks. lingte 570 km
maks. breedte 570 km
oerflak 275.000 km²
djiptegemiddelde 2.000 m
djipste punt 3.785 m
wetterfolume 328.000 km³
De eilannen Lipari en Salina.
De eilannen Lipari en Salina.

De Tyrreenske See (Italjaansk: Mar Tirreno) is de see tusken Itaalje en Sisylje dy't ûnderdiel is fan de Middellânske See. De Strjitte fan Messina foarmet de ferbining mei de Ionyske See, dy't allyksa diel útmakket fan de Middellânske See. De namme is ôflaat fan it wurd Tyrrhênoi, it wurd dêr't yn de âldheid de Etrusken mei oantsjutten waarden.

Yn de Tyrreenske See mûnje de rivieren de Tiber en de Magra út.