The Road (Saba)
The Road (De dyk) is de ienichste trochgeande dyk op it eilân Saba, ien fan de eilannen fan de Nederlânske Antillen. De dyk waard boud tusken 1938 en 1961 en hat tal fan skerpe hierspjeldebochten. Foar de bou fan dizze dyk wienen de doarpen op Saba mei elkoar ferbûn troch sânpaden.
Rin
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De dyk begjint by it fleanfjild op Flat Point, oan de noardeastkant fan it eilân, fan dêr ôf rint de dyk nei Zions Hill, Windwardside, St. Johns en The Bottom. Uteinlik stoppet de dyk by de haven fan Saba by Well’s Bay, yn it súdwesten fan it eilân.
Oanlis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It earste part fan de dyk waard oanlein tusken 1938 en 1943 troch in pear boeren. Dit part fan de dyk rûn fan Fort Bay nei The Bottom. Nei de oanlis fan dit earste part ûntstie de winsk om ek in dyk de bouwen nei de oare plakken op it eilân. Neffens Nederlânske en Switserske yngenieurs soe der nea in dyk boud wurde kinne op it eilân.
Josephus Lambert Hassell, in pleatslike timmerman en in autodidakt op it mêd fan it bouwen fan diken, tocht hjir oars oer. Hy folge in kursus om kennis op te dwaan oer it bouwen fan diken om dêrnei, yn de twadde helte fan de jierren ’40, mei in pear pleatslike eilânbewenners te begjinnen oan de fierdere oanlis fan de dyk. Yn 1951 wie it part tusken The Bottom en Windwardside klear. It lêste stikje, fan Zions Hill nei it fleanfjild, waard yn 1961 oanlein.
De dyk hat in lingte fan sa’n 14 kilometer.
Tinkstien
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Neidat in part fan de dyk by St. Johns reparearre waard is besluten om in monumint te meitsjen as earbetoan oan Hassell en de oare arbeiders dy't oan de dyk wurke ha.
By in stien waard in bankje boud fan wêr’t hja útsjen kinne oer de Karibyske See en de buoreilannen Sint Eustaasjes, Sint Kitts en by helder waar ek Montserrat. Dit plak hjit it Josephus Lambert Hassell Utsjoch Punt.
By de stien stiet in tinkstien mei de tekst:
- In memory of Josephus Lambert Hassell 1906-1983, engineer of this road ‘that could not be build’.
Yn neitins oan Josephus Lambert Hassell 1906-1983, bouwer fan dizze dyk ‘dy’t nea boud wurde koe’.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Earbetoan oan de Dykbouwers fan Saba. (deade keppeling)