Tomkes
Appearance
Tomkes | ||
tomke (Troglodytes troglodytes). | ||
Taksonomy | ||
ryk: | dieren (Animalia) | |
stamme: | rêchstringdieren (Chordata) | |
klasse: | fûgels (Aves) | |
skift: | moskeftigen (Passeriformes) | |
ûnderskift: | sjongfûgels (Passeri) | |
boppefamylje: | (Certhioidea) | |
famylje: | tomkes (Troglodytidae) | |
Swainson, 1832 | ||
De tomkes (Troglodytidae) is in famylje yn it skift fan de moskeftigen. De namme Troglodytidae (hoalebewenners) hawwe de fûgels om harren nêst- en ytgedrach, op tsjustere plakken en yn hoalen. It binne mar lytse fûgels, mei in grutte sturt dy't somtiden rjochtomheech holden wurdt. Tomkes binne ûnopfallende fûgeltsje, útsein dat se lûd sjonge. Alle Tomkes binne ynsekte-iters.
Der binne 88 soarten, wêrfan allinnich de nammejouwer fan de famylje, it tomke, yn Jeropa libbet. Dy libbet lykwols ek yn Amearika, dêr't ek de oare soarten fan de famylje libje.
Klassifikaasje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Skift: moskeftigen (Passeriformes)
- Famylje: tomkes (Troglodytidae)
- Skaai: kaktustomkes (Campylorhynchus), 15 soarten
- Skaai: tosksnaffeltomkes (Odontorchilus), 2 soarten
- Skaai: rotstomkes (Salpinctes), 1 soarte:
- Soarte: rotstomke (Salpinctes obsoletus)
- Skaai: kleautomkes (Catherpes), 1 soarte:
- Soarte: kleautomke (Catherpes mexicanus)
- Skaai: tinsnaffeltomkes (Hylorchilus), 2 soarten
- Skaai: kleurde tomkes (Cinnycerthia), 4 soarten
- Skaai: sompetomkes (Cistothorus), 5 soarten, dêrûnder:
- Soarte: siggetomke (Cistothorus stellaris)
- Soarte: sompetomke (Cistothorus palustris)
- Skaai: bewicktomkes (Thryomanes), 1 soarte
- Skaai: Kubatomkes (Ferminia), 1 soarte
- Skaai: (Pheugopedius), 12 soarten
- Skaai: (Thryophilus), 5 soarten
- Skaai: berchtomkes (Cantorchilus), 12 soarten
- Skaai: Karolinatomkes (Thryothorus), 1 soarte:
- Soarte: Karolinatomke (Thryothorus ludovicianus)
- Skaai: hûstomkes (Nannus), 3-5 soarten, eartiids yn it skaai Troglodydes yndield:
- Soarte: tomke of winterkeninkje (Nannus troglodytes of Troglodytes troglodytes)
- Soarte: Magrebtomke (Nannus kabylorum of Troglodytes kabylorum)
- Soarte: Syrenaikatomke (Nannus juniperi of Troglodytes juniperi)
- Soarte: Eastamerikaansk tomke (Nannus hiemalis ofTroglodytes hiemalis)
- Soarte: Westamerikaansk tomke (Nannus pacificus of Troglodytes pacificus)
- Skaai: hústomkes (Troglodytes), 9 soarten, dêrûnder:
- Soarte: hústomke (Troglodytes aedon)
- Skaai: berchtomkes (Thryorchilus), 1 soarten
- Skaai: wytbúktomkes (Uropsila), 1 soarte
- Skaai: bosktomkes (Henicorhina), 5 soarten
- Skaai: fluittomkes (Microcerculus), 4 soarten
- Skaai: sjongtomkes (Cyphorhinus), 3 soarten
- Famylje: tomkes (Troglodytidae)