Nothing Special   »   [go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Wylde ein

Ut Wikipedy
wylde ein

Anas platyrhynchos ♂, ♀
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift goeseftigen (Anseriformes)
famylje einfûgels (Anatidae)
skaai einen (Anas)
soarte
Anas platyrhynchos
Linnaeus, 1758
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

lânseigen:
     stânfûgel
     simmerfûgel
     wintergast
     trochtrekker
     dwaalgast

yntrodusearre:
     eksoat
     eksoat, mooglik
      útstoarn
     eksoat, útstoarn


De wylde ein (Anas platyrhynchos) is in fûgel út it skaai fan de einen en de famylje fan de einfûgels dy't yn Fryslân in protte foarkomt. De jerke is goed wer te kennen oan syn glânzjende griene kop, syn wite halsbân en syn kastanjebrune boarst. It brune wyfke is minder opfallend. Beide einen hawwe in blau plak op de wjukken, mei wite streken der bylâns. De wylde ein is sa'n 58 sm lang en tusken de 700-1500 gram swier.

De wylde ein komt foar yn hiel Euraazje, op Yslân, Grienlân en hiel Noard-Amearika. Yn it noardlike part fan syn briedgebiet is it in echte trekfûgel. Bûten de briedtiid meie de wylde einen graach yn kloften byinoar libje. De wylde ein is in echte wetterfûgel en is te finen op marren en rivieren mar ek by sleatten en bygelyks fivers midden yn de stêd.

De wylde einen begjinne yn april of maaie te brieden. It nêst is meastal goed ferburgen yn it hege gers fan in berm of yn in holle stobbe fan in beam. It wyfke leit eltse dei in aai en begjint te brieden neidat se it leste aai lein hat. De 7-16 aaien wurde troch it wyfke yn sa'n 4 wike utbret. Wylde einen binne nêstflechters, neidat de jonge pykjes út it aai kaam binne geane se fuort mei harren mem mei nei it wetter. At de jongen 8 wike âld binne kinne se fleane.