Nothing Special   »   [go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Wrâldkampioenskip fuotbal

Ut Wikipedy
FIFA wrâldkampioenskip fuotbal
sport Fuotbal
organisator FIFA
earste edysje Urûguay 1930
edysjes
foarige Katar 2022
folgjende Amearika's 2026
Temaside  Sport

It FIFA wrâldkampioenskip fuotbal, meastal wrâldkampioenskip fuotbal of WK fuotbal neamd, is in toernoai dat alle fjouwer jier spile wurdt troch nasjonale tiims dy't lid binne fan de FIFA.

Yn 1930 waard it earste wrâldkampioenskip fuotbal yn Oerûguay holden. De iennige stêd dy't doe de stadions foar de wedstriden hie wie Montevideo der waard dat toernoai spile yn tije stadions. Dit wie twa jier earder, op moandei 28 maaie 1928, yn Amsterdam besletten. Oerûguay krige it earste WK tawiisd om te fieren dat it lân hûndert jier bestie en om't Oerûguay yn 1924 en 1928 goud wûn hie op de Olympyske Spullen en dus ien fan de bettere fuotballannen wie.

De teams waarden foar it earste wrâldkampioenskip útnûge troch de FIFA om mei te dwaan. De animo fan Jeropeeske lannen om mei te dwaan oan dit kampioenskip wie lykwols beheind. De lange reis en hege reiskosten wiene hjir de oarsaak fan. Uteinlik wist Jules Rimet, mei help fan it regear fan Oerûguay, fjouwer Jeropeeske lannen sa fier te krijen om de oerstek te meitsjen. Fanôf it twadde kampioenskip yn 1934 moatte de lannen har kwalifisearje foar it toernoai.

As trofee foar it winnende lân waard de "Victoire aux Ailes d'Or" ûntwurpen: in beker droegen troch Nikè, de Grykske goadinne fan de oerwinning. Dizze wikselbeker waard yn 1946 as earbetoan oan de inisjatyfnimmer fan it WK fuotbal omdoopt nei "Jules Rimet-beker". Yn 1970 gie dizze trofee definityf nei Brazylje: dat wie it tredde WK dat troch Brazylje wûn waard, en de regel wie doe noch dat as ien lân trije kear wrâldkampioen waard, it de trofee hâlde mocht. Yn 1983 waard de orizjinele beker stellen en nea wer weromfûn, wêrnei't it Braziliaanske fuotbalbûn in replika meitsje liet. De hjoeddeiske trofee, de "FIFA World Cup", bestiet út twa figueren op in sokkel dy't in ierdbol omheech hâlde, en is ek wer in wikseltrofee. Dizze beker waard foar it earst útrikt yn 1974 oan it doetiidske West-Dútslân.

Oan de toernoaien oant en mei 1978 diene 16 lannen mei, útsein yn 1930 (13 lannen), en yn 1938 (15 lannen, Eastenryk wie nei kwalifikaasje as gefolch fan de Anschluss opgien yn Dútslân) en 1950 (13 lannen, Yndia, Skotlân en Turkije lútsen har nei de lotting werom). It tal dielnimmers waard útwreide nei 24 lannen yn 1982 en dêrnei nei 32 yn 1998, wêrtroch't ek mear lannen út Afrika, Aazje en Noard-Amearika in kâns makken om diel te nimmen. Fan 2026 ôf sille der 48 lannen meidwaan oan it WK.


Fryske fuotballers op it WK

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Theo de Jong wie yn 1974 de earste Fryske fuotballer op it wrâldkampioenskip fuotbal, hy kaam fjouwer kear yn aksje foar it Nederlânske alvetal op it wrâldkampioenskip.

Fuotballer Jier Funksje Wedstr.(goals)
Theo de Jong 1974 Middenfjilder 4 (1)
Piet Wildschut 1978 Ferdigener 3 (0)
Jan Kromkamp 2006 Ferdigener reserve
Andries Noppert 2022 Doelman 5 (0)

Fryske Assistint-skiedsrjochters en skiedsrjochtes op it WK*

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Namme Funksje Jier
Erwin Zeinstra Assistint-skiedsrjochter 2014
2018
Hessel Steegstra Assistint-skiedsrjochter 2022
Jan de Vries Assistint-skiedsrjochter 2022

* opmerking: list is mooglik net folslein.

Njonken de Wrâldtitel wurde der ek noch in tal oare prizen útrikt

  • De Golden Ball foar de bêste spiler fan it toernoai.
  • De Golden Boot foar de spiler dy't de measte doelpunten makket
  • De Golden Glove foar de bêste doelman fan it toernoai.
Jier Fuotballer Lân
1930 José Nasazzi Oerûguay
1934 Giuseppe Meazza Itaalje
1938 Leônidas da Silva Brazylje
1950 Thomaz Soares Brazylje
1954 Ferenc Puskás Hongarije
1958 Didi Brazylje
1962 Garrincha Brazylje
1966 Bobby Charlton Ingelân
1970 Pelé Brazylje
1974 Johan Cruijff Nederlân
1978 Mario Kempes Argentynje
1982 Paolo Rossi Itaalje
1986 Diego Maradona Argentynje
1990 Salvatore Schillaci Itaalje
1994 Romário Brazylje
1998 Ronaldo Brazylje
2002 Oliver Kahn Dútslân
2006 Zinédine Zidane Frankryk
2010 Diego Forlán Oerûguay
2014 Lionel Messi Argentynje
2018 Luka Modrić Kroaasje
2022 Lionel Messi Argentynje

Measte doelpunten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • Kin ek oan meardere fuotballers útrikt wurde as se likefolle doelpunten makke ha.
Jier Fuotballer Lân Doelpunten
1930 Guillermo Stábile Argentynje 8
1934 Oldřich Nejedlý Tsjechoslowakije 5
1938 Leônidas Brazylje 7
1950 Ademir Brazylje 9
1954 Sándor Kocsis Hongarije 11
1958 Just Fontaine Frankryk 13
1962 Flórián Albert Hongarije 4
Valentin Ivanov Sovjet-Uny
Garrincha Brazylje
Dražan Jerković Joegoslaavje
Vavá Brazylje
Leonel Sanchez Sily
1966 Eusébio Portegal 9
1970 Gerd Müller West-Dútslân 10
1974 Grzegorz Lato Poalen 7
1978 Mario Kempes Argentynje 6
1982 Paolo Rossi Itaalje 6
1986 Gary Lineker Ingelân 6
1990 Salvatore Schillaci Itaalje 6
1994 Oleg Salenko Ruslân 6
Christo Stoitsjkov Bulgarije
1998 Davor Šuker Kroaasje 6
2002 Ronaldo Brazylje 8
2006 Miroslav Klose Dútslân 5
2010 Thomas Müller Dútslân 5
David Villa Spanje
Wesley Sneijder Nederlân
Diego Forlán Oerûguay
2014 James Rodríguez Kolombia 6
2018 Harry Kane Ingelân 6
2022 Kylian Mbappé Frankryk 8
Jier Doelman Lân
1994 Michel Preud'homme Belgje
1998 Fabien Barthez Frankryk
2002 Oliver Kahn Dútslân
2006 Gianluigi Buffon Itaalje
2010 Iker Casillas Spanje
2014 Manuel Neuer Dútslân
2018 Thibaut Courtois Belgje
2022 Emiliano Martínez Argentynje


Wrâldkampioenskip fuotbal
Oerûguay 1930 | Itaalje 1934 | Frankryk 1938 | Brazylje 1950 | Switserlân 1954 | Sweden  1958 | Sily 1962 | Ingelân 1966 | Meksiko 1970 | West-Dútslân 1974 | Argentynje 1978 | Spanje 1982 | Meksiko 1986 | Itaalje 1990 | Feriene Steaten 1994 | Frankryk 1998 | Japan / Súd-Koreä 2002 | Dútslân 2006 | Súd-Afrika 2010 | Brazylje 2014 | Ruslân 2018 | Katar 2022 | Amearika's 2026
· · Berjocht bewurkje