Wetterreadsturtsje
wetterreadsturtsje | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Mantsje Wyfke | ||||||||||||
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Phoenicurus fuliginosus | ||||||||||||
Vigors, 1831 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige | ||||||||||||
It wetterreadsturtsje (Phoenicurus fuliginosus) is in lytse Aziatyske fûgel fan 'e famylje miggesnappers (Muscicapidae).
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It mantsje fan it wetterreadsturtsje is in 12 oant 13 sm lang fûgeltsje mei in karakteristike reade stút en sturt. Fierder is de fûgel blau. De snaffel is swart en de poatsjes binne hûdkleurich.
Wyfkes binne fan boppe laaigriis mei oan 'e sydkanten fan it kopke wat brún. Se ha in wite stút en de sturt wurdt fan 'e stút fan nei bûten ta hieltiten witer; de bûtenste sturtfearren binne hielendal wyt. De ûnderkant fan it bealchje is griis mei lytse wite flekjes.
De soarte hat in sterk territoariumgedrach en giet in fûle striid oan mei alle ynkringers.
Fersprieding en ûndersoarten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It fûgeltsje waard earder yn it skaai Rhyacornis set, mar waard op basis fan 'e resultaten fan in yn 2010 publisearre molkulêr fylogenetysk ûndersyk by de Phoenicurus yndield.[1] Lykas de namme oanjout libbet de soarte oan streamend wetter en yn 'e Himalaya tusken 2000 en 4.100 m boppe seenivo. Winterdeis siket er legere gebieten op.
De wetterreadsturt is ferdield yn twa ûndersoarten:
- Phoenicurus fuliginosus fuliginosus (Vigors, 1831)– komt yn 'e Himalaya fan Pakistan oant Birma, súdwest Tibet en westlik Sina en Noard-Fjetnam foar.
- Phoenicurus fuliginosus affinis (Ogilvie-Grant, 1906) – komt yn Taiwan foar.
Wyfkes en jonge mantsjes binne yn Sina fan boppe wat bruner en moatte mooglik ûnderbrocht wurde by de aparte ûndersoarte tenuirostris.[2]
Iten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Wetterreadsturtsjes ite fral ynsekten en út en troch ek sied en beien. Om ynsekten te fangen fleant de fûgel oant 7 meter heech boppe it wetter en glidet dan yn in spiraal nei ûnder werom nei it plak dêr't er weikaam.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Wetterreadsturtsjes ha in tige grut ferspriedingsgebiet. De populaasje is stabyl en der binne gjin ûntwikkelingen dy't in bedriging foarmje. Alhoewol't de oantallen ûnbekend binne, wurdt de soarte troch de IUCN as net bedrige op 'e Reade list klassifisarre. De fûgel is algemien yn Noard-Pakistan en Noard-Yndia, mar yn Súd-east-Aazje minder en allinne lokaal algemien oanwêzich.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
De tekst is foar in part in oersetting fan it Ingelsktalige artikel oer dit ûnderwerp, sjoch ûnder: en:Plumbeous water redstart
|
- Readsturtsje
- Fûgelsoarte
- Lânseigen fauna yn Afganistan
- Lânseigen fauna yn Birma
- Lânseigen fauna yn Bûtan
- Lânseigen fauna yn Kazachstan
- Lânseigen fauna yn Kirgyzje
- Lânseigen fauna yn Nepal
- Lânseigen fauna yn Noard-Koreä
- Lânseigen fauna yn Pakistan
- Lânseigen fauna yn Sina
- Lânseigen fauna yn Súd-Koreä
- Lânseigen fauna yn Tadzjikistan
- Lânseigen fauna yn Yndia
- Lânseigen fauna yn Taiwan
- Lânseigen fauna yn Laos
- Lânseigen fauna yn Fjetnam
- Lânseigen fauna yn Kambodja
- Lânseigen fauna yn Bangladesj