Nothing Special   »   [go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Waskbearhûn

Ut Wikipedy
Waskbearhûn

De waskbearhûn (Nyctereutes procyonoides), ek wol marterhûn neamd, is in rôfdier út de famylje fan de hûneftigen (Canidae). De facht fan waskbearhûnen wurdt brûkt yn lúkse klean. Hy komt oarspronklik foar yn East-Aazje, mar tsjintwurdich libje ferwyldere eksimplaren ek yn Jeropa.

In folwoeksen bist wurdt 50 - 55 sintimeter lang en de sturt is ± 15 sintimeter lang. Waskbearhûnen hawwe in gieleftich brune grûnkleur. Op de kop binne de bisten swart mei wyt, de poaten binne donker krektas in diel fan de sturt. De waskbearhûn hat in swart masker om syn eagen. Winterdeis krijt de waskbearhûn in dikkere facht en in fetlaach, wêrtroch't er der rûner útsjocht as simmerdeis. Tusken septimber en novimber begjint de ûnderfacht te groeien, yn maaie en juny wurdt dy ferfongen troch in tinnere simmerfacht.

De waskbearhûn liket in soad op de net-besibbe waskbear, en kin maklik mei dit bist betize wurde. Benammen de kop, mei it opfallende donkere gesichtsmasker, liket tige op in waskbear. De waskbearhûn is lykwols grutter as de waskbear, mei in koartere, igaal kleurde sturt en hat koartere earen.

Fretten en gedrach

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Fersprieding fan de waskbearhûn. Blau = lânseigen, read = ynbrocht.

De waskbearhûn is in nachtdier, dat dierlik én plantaardich fretten siket. Hy yt kjifdieren, amfibyen, hagedissen, fisken, ynsekten en fûgels mar ek fruchten, nuten en woartels. Mar hy yt ek ôfeart en ies. Yn de hjerst fret er benammen beien en oare fruchten.

Yn kâlde streken hâldt er grif in wintersliep. It is de ienige hûneftige dêr't dat gedrach fan bekend is. De waskbearhûn is yn de winter ynaktyf, mar syn lichemstemperatuer sakket net.

Waskbearhûnen binne monogaam en libje yn pearen of yn lytse famyljegroepkes mei de jongen fan it foarige nêst. De hoale is meastentiids in ferlitten hoale fan in foks of in oar bist. Ek makket hy in hoale ûnder beamstammen, yn tichte boskjes of tusken rotsen. Waskbearhûnen binne net territoriaal. Oer it sosjale gedrach yn it wyld is net folle bekend, mar yn finzenskip hat bliken dien dat de bisten bannen mei oare waskbearhûnen oangean, en mei-elkoar ite, foar de welpen soargje en frjemdlingen oanfalle. Wylde en nuete waskbearhûnnen lizze yn finzenskip latrines oan, dêr't alle bisten skite en mige.

De peartijd falt yn febrewaris en maart. De jongen wurde nei in draachtiid fan 59 oant 64 dagen yn april en maaie smiten. Der kinne 2 oant 19 welpen smiten wurde, mar meastentiids binne it 5 oant 8.

Der wurde ornaris trije ûndersoarten ûnderskieden:

  • De Sibearyske waskbearhûn (Nyctereutes procyonoides ussuriensis)
  • De Sineeske waskbearhûn (Nyctereutes procyonoides procyonoides)
  • De Japanske waskbearhûn (Nyctereutes procyonoides viverrinus)

Guon wittenskippers beskôgje de Japanske waskbearhûn as in aparte soarte, basearre op ferskillen yn hâlden en dragen, gromosomen en lichemsgewicht.