René Descartes
René Descartes (La Haye en Touraine, 31 maart 1596 – Stockholm, 11 febrewaris 1650), latinisearre namme Renatus Cartesius, wie in Frânske filosoof en wiskundige. Hy droech ek by oan de natuerkunde en fysiology. Descartes libbe op de ein fan in tiidrek dat oant dan folslein dominearre waard troch de godstsjinst en de tsjerke en wittenskip net echt mocht. Humanisten lykas Descartes trochbrutsen dat en leinen in basis foar de wittenskip dy't oant hjoed-de-dei wichtich bleaun is.
Jonkheid
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Rene Descartes waard yn 1596 berne yn Touroine yn in Frânske aadlike famylje. Fan 1604 oant 1612 krige hy in wittenskiplike oplieding yn it jezuitenkolleezje fan La Fleche. Dat kolleezje wie better as de measte oare universiteiten yn Frankryk. Dochs stoarte er him yn it Paryske útgeanslibben fan dy tiid, mar dat koe him net echt boeie. Hy luts him werom om him op de mjitkunde ta te lizzen. Syn freonen ûntdutsen him en om dochs yn rêst wurkje te kinnen naam er tsjinst yn it leger. Nei eigen sizzen die er dat om “ it grutte boek fan de wrâld kinnen te learen” en net omdat er him ferbûn fielde my ien fan de stridende partijen. As katolyk Frânsman naam er earst tsjinst yn it Nederlânske leger. Hy koe dêr twa jier yn alle rêst wurkje omdat der frede wie. Doe't de Tritichjierrige kriich útbruts naam er tsjinst yn it Beierske leger. Dêr belibbe er de winter 1619 – 1620 dy’t er letter yn syn boek "Dicours de la methode" beskreaun hat.
Syn earste wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1621 hâldt er op my fjochtsjen en nei in besite oan Itaalje festige er him yn Parys. Opnij kamen freonen him te steuren en sadwaande sluet er him yn 1628 oan by it leger dat La Rochelle, in festing fan de Hugenoaten belegere. Doe't ek dizze striid striden wie fêstige er him foarfêst yn Nederlân. Dêr hearske doe in liberaal klimaat tsjinoer wittenskippers. Hy late dêr in rêstich en sober libben. Hy wie in praktisearjend katolyk mar wie lykwols oanhinger fan Galileo Galilei. Nei syn feroardieling besluet er om syn wurk Le Monde net te publisearjen. Dat wurk wie nammentlik op twa plakken godslasterjend. Hy beskreau yn dit wurk it draaien fan de ierde om syn as en de ûneinichheid fan it universum. Dat wie yn tsjinspraak mei de bibel en mocht yn dy tiid net sein wurde.
Syn reizen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn de 20 jier dat er yn Nederlân wenne makke er mar inkele sakereizen nei Frankryk en ien nei Ingelân. Yn Nederlân waard er net sparre foar politike oanfallen. Dy oanfallen kamen net út de hoeke fan de katoliken mar út dy fan de fanatike protestanten. Lokkich foar him koe er alle kearen op beskerming rekkenje fan goeie freonen. Hy hie ferskillende kontakten wêrûnder de Kardinaal de Berulle. Dy man moedige him oan om syn ideeën foar de filosofy út te wurkjen yn in systeem. In systeem dat it systeem fan Aristoteles ferfange koe. Yn 1628 fêstige er him wer yn Nederlân. Hy hat yn ferskillende stêden wenne, wêrûnder Frjentsjer, Hurderwyk, Dimter, Utert, Leien, Amersfoart, Amsterdam, Ljouwert, Endegeast, Oegstgeast, Santpoarte en foar in langere tiid yn Egmond Binnen.
Yn 1630 skreau er him yn oan de Universiteit fan Leien. Hy kaam dêr yn kontakt mei Constantijn Huygens. Yn de simmer fan 1635 joech Descartes les yn filosofy yn Utert. Yn dat jier krige er yn Amsterdam in dochter Francine by it tsjinstfamke Helene Jansdochter. Yn 1640 ferstoar it famke. Yn dy tiid hie er spul mei de ferneamde Gisbertus Voetius.
Syn dea
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Omdat er it mei in soad minsken oan de stok krige hie socht er nei in útwei. Hy kaam yn kontakt mei keninginne Kristina fan Sweden, in gelearde frou dy’t fûn dat se tiid fan de grutste gelearden yn beslach nimme mocht. Sy noadige Descartes út om te kommen om les te jaan. Sy ferwachte fan him dat er alle moarnen om fiif oere kaam om les te jaan. Dat betiid fan 't bêd ôf moatten en de Skandinavyske kjeld wurken net goed foar it swakke gestel fan Descartes. Hy ferstoar yn Stockholm yn 1650.
Descartes de grûnlizzer fan de moderne filosofy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Descartes' filosofy sit op de oergong fan twa streamingen. Oan de iene kant de midsiuwske skolastyk fan Augustinus en Tomas fan Akwino. Dêr fûn er ek syn ûnderwerp; God en de siel. En oan de oare kant stie er ek efter in nije streaming fan tinken mei in natuerkundige eftergrûn lykas Galileo Galilei. Descartes útgongspunt wie earder wiskundich as natuerkundich. Lykas de wiskunde boud wie op inkele aksioma’s en dêrop basearre ôfliedingen, sa wiskundich woe er ek de filosofy meitsje. Aksioma’s neamde Descartes in soarte fan evidinsjes, wissichheden dy’t efterhelle wurde koenen troch de yntuysje, mar dêr't gjin feitlik bewiis foar wie. Dat die er op rasjonele basis, dus net op in dogmatyske wize lykas yn de midsiuwen, en ek fertroude er net op de sintugen. Dy sintugen soenen him ferrifelje kinne. Oan de oare kant gie er der ek net fanút dat er altyd goed tocht en redenearre. Us tinken soe yn de war komme kinne troch wat Descartes in “malin Genie" neamde: in soarte fan geast dy’t ús ferstruid makket yn alles wat wy tinke. Dy útgongspunten moatte tsjinoer alle twivels yn stân bliuwe.
De kartesiaanske twifel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De kartesiaanske twivel is metoadysk en net synysk. It is gjin twivel om de twivel, hy heft himsels op wannear't de twifel ûnterjochte is. Hy is universeel omdat er alles wat yn twivel te lûken is, yn twivel lûkt. Dat besprekt Descartes yn syn boeken "Discours sur la methode" en "Meditaties". Alles wat betwivelber is wurdt as ûnwis beskôge, fan ús sintúchlike waarnimmings oant de wrâld dêr't wy yn libje. Sels oan de wissichheden yn de wiskunde begjint er te twiveljen. Dat lêste soe barre troch in kweade genius dy’t ús besiket te betiizjen mei alles wat wy tinke. Troch dy twivel is der ien wissichheid en dat is nammenlik de wissichheid dat we twivelje. Jo kinne oan alles twivelje útsein dat we twivelje en dus tinke. Dêr leit Descartes út ôf “ik tink dus ik bin”. Dat is ien fan de aksioma’s fan syn filosofy. Soks is neffens him in absolute wissichheid dy’t stân hâldt tsjin de meast radikale twivel. Dy stelling is sa wis dat we oare stellingen deroan hifkje kinne op harren wierheid. As oare wierheden like evidint binne as “ik tink dus ik bin” kin men se dus ek as wier beskôgje. De fraach dy’t hjir op folget: hokker ideeën binne krekt sa evidint. Neffens Descartes binne dat net de ideeën dy’t troch ús sintugen by ús opkomme, dy kinne ús ommers misliede en ek net de ideeën dy’t wy ús ynbyldzje mar wol de ideeën dy’t oanberne binne.
It godsbewiis fan Descartes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It bestean fan in wiereftige god is Descartes syn twadde bewiis. Dy wissichheid is ôflaat út it earste. Syn redenearring giet sa: it giet om in idee fan in ûneinich folmakke eat. Sels binne wy mar einich en ûnfolmakke wezens. Us tinken is ûnfolmakke omdat it in einich tinken is. Unfolmakke en einigjend is pas merkber tsjinoer in folmakke en ûneinich eat. Wat net folmakke gewaarwurde is in mooglikheid om it folmakke te kinnen. It idee fan it folmakke kin net troch ús sintugen by ús opkomd wêze, men hat it ommers noch nea sjoen. Dat idee is ek net ynbylde omdat it ús ûnfolmakke en einigjend kinne wy gjin folmakke eat meitsje. Sadwaande moat it idee fan it folmakke oanberne wêze. Mar hoe kin no in einich tinker in ûneinich idee hawwe. Dêrop antwurde Descartes: de oarsaak fan dit folmakke idee yn ús moat in útwindige, folmakke oarsprong ha. Dat wiist dus op in alwittende, wiereftige folmakke God, dy’t alles ynklusyf it tinken makke hat. Trochdat dy god folmakke en wiereftich is kin er gjin bedrager wêze. Want in wiereftige God soe net wolle dat we ús sa fersinne soenen.
Publikaasjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1618. Compendium Musicae. In ferhanneling oer muzykteory en estetyk opdroegen oan Isaac Beeckman.
- 1626–1628. Regulae ad directionem ingenii ut et inquisitio veritatis per lumen naturale.
- 1630–1633. Le Monde en L'Homme
- 1637. Discours de la méthode pour bien conduire sa raison et chercher la vérité dans les sciences
- 1637. La Géométrie
- 1641. Meditationes de prima philosophia
- 1644. Principia philosophiae
- 1647. Notae in programma
- 1647. La description du corps humain
- 1648. Responsiones Renati Des Cartes
- 1649. Les passions de l'âme
- 1657. Correspondance