Nothing Special   »   [go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Reykjavik

Ut Wikipedy
Reykjavik
Reykjavik sjoen fanôf Hallgrimskirkja
Reykjavik sjoen fanôf Hallgrimskirkja
Bestjoer
Lân Yslân
Regio Höfuðborgarsvæðið
Sifers
Ynwennertal 120.165 (2008)
Oerflak 274,5 km²
Befolkingsticht. 436,5 / km²
Stêdekloft 201.847 op 777 km²
259,4 km²
Oar
Tiidsône GMT (UTC+0)
Koördinaten
Offisjele webside
www.reykjavik.is
Lizzing fan Reykjavik

Reykjavik (Yslânsk: Reykjavík) is de haadstêd fan Yslân. Yn 2005 hie de stêd 114.800 ynwenners, mei de 6 foarstêden Mosfellsbær, Seltjarnarnes, Kópavogur, Garðabær, Bessastaðahreppur (of Sveitafélagið Álftanes) en Hafnarfjörður derby wennen der 183.845. Dat wie doetiids 38,8% respektivelik 62,7% fan de totale befolking fan Yslân. In grut part fan de ynwenners wurket yn de fiskerij en yndustry. Oare middels fan bestean binne de hannel en tsjinstferliening. Reykjavik is ek it lanlik sintrum foar hannel en transport. Fierders binne de wichtichste oerheidsynstellingen ûnderwiis, sosjale- en sûnenstsjinsten dêr festige. De haven fan Reykjavik is de grutste fan it lân. Tichtby de stêd leit de berch Esja

Neffens de oerlevering waard Reykjavik yn 871 stifte troch Ingólfur Arnarson, de earste kolonist fan Yslân. Hy arrivearre mei syn skip en smiet twa balken oerboard wêr't er by sei dat er in pleats bouwe soe op it plak dêr't se oan lân spielden. Hy neamde dat plak Reykjavik (Reekbaai), omdat er dêr steam oprizen seach út hjitte boarnen. Syn pleats stie tusken de plakken dêr't tsjintwurdich it stedhûs fan Reykjavik stiet en dêr't de eardere haven lei.

Doe't Reykjavik yn 1786 stedsrjochten krige, wie it amperoan noch in doarp mei 170 ynwenners. Sûnt dy tiid woeks de befolking stadichoan.Der ferfearen ek (of waarden ynsteld) it lânsbestjoer en ûnderwiisynstânsjes dêrhinne, lykas de Alþing (parlemint), it heechgerjochtshôf en de sit fan de biskop. Yn 1911 waard de universiteit fan Yslân yn Reykjavik oprjochte.

Begjin 20e iuw hie de stêd om-ende-by 12.000 ynwenners en sûnt de Twadde Wrâldkriich hat de groei him goed ynset, mei tsjintwurdich likernôch 120.000 ynwenners (1 april 2008) op in oerflak fan goed 994 km². Dat is sawat 40% fan de befolking fan Yslân.

Reykjavik hat twa lofthavens:

  • in lofthaven, dy't yn de stêd leit, foar binnenlânske flechten en flechten nei Nuuk, Grienlân en de Faeröereilannen;
  • de lofthaven Keflavik, sawat 50 km súdwestlik fan Reykjavik, dy't benammen foar ynternasjonale flechten brûkt wurdt.

Berne yn Reykjavik

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]