Rasmus Rask
Rasmus (Christian) Rask (Brændekilde Fún, 22 novimber 1787 - 14 novimber 1832), Deensk Yndogermanist en filolooch. Hy wie in polyglot, spriek 25 talen en dialekten en hat goed 50 talen bestudearre.
Rask besocht yn 1810 en 1820 Yslân, Ruslân, Perzje en Yndia om dêr de talen te bestudearjen. Hy naam ferskate wichtige manuskripten mei werom nei de Universiteit fan Kopenhagen.
Rasks traktaat Undersøgelse om det gamle Nordiske eller Islandske Sprogs Oprindelse ('Traktaat oer de oarsprong fan it Aldnoarsk of it Yslânsk'), dat yn 1818 yn it Deensk ferskynde en fjouwer jier letter yn it Dútsk, wie fan grut belang foar de stúdzje fan de Yndo-Jeropeeske talen. Rask wie ek de earste dy't de besibbens tusken it Aldnoarsk en it Goatysk oan 'e iene kant, en it Litousk, Klassyk Gryksk en Latyn oan 'e oare kant bewiisd hat. Boppedat lei Rask yn syn traktaat de fundamintele prinsipes foar de ferlykjende taalkunde út.
Rasmus Rask hat Jakob Grimm bot beynfloede, dy't yn syn Deutsche Grammatik de Earste Germaanske lûdferskowing beskreaun hat. Hy hie ek kontakt mei Joast Hiddes Halbertsma.
Bibliografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Undersøgelse om det gamle Nordiske eller Islandske Sprogs Oprindelse (Essee oer de oarprong fan it Aldnoarsk of Yslânsk), 1818
- Anvisning till Isländskan eller Nordiska Fornspråket, 1818
- Spansk Sproglære (Spaanske grammatika), 1824
- Frisisk Sproglære (Fryske grammatika), 1825 (Yn 1832 as Friesche spraakleer oerset yn it Nederlânsk fan Mr. M. Hettema)
- Dansk Retskrivingslære (Essee oer Deenske stavering), 1826
- Italiænsk Formlære (Italjaanske grammatika), 1827
- Den gamle Ægyptiske Tidsregning (Ald-Egyptyske tiidrekkening), 1827
- Vejledning til Akra-Sproget på Kysten Ginea (Ynlieding op it Akkra fan de kust fan Guinee), 1828
- Den ældste hebraiske Tidsregning indtil Moses efter Kilderne på ny bearbejdet og forsynet med et Kart over Paradis (Aldjoadske chronology út de tiid fan foar Moses, fannijs neffens de boarnen bewurke en mei in kaart fan it Paradys), 1828
- A Grammar of the Danish language for the use of Englishmen, 1830
- Ræsonneret lappisk Sproglære (Grammatika foar it Samysk), 1832
- Engelsk formlære (Ingelske grammatika), 1832
- Über das Alter und die Echtheit der Zendsprache und des Zend-Avesta, und Herstellung des Zend-alphabets (oer it Avestaansk).