Romanus (gûverneur)
Romanus (twadde helte fan 'e fjirde iuw) wie praeses (gûverneur) fan Mauretaanje Sitifensis, yn' e Romeinske provinsje Afrika. Wat wy witte oer Romanus is oerlevere troch histoarikus Ammianus Marsellinus.
Libben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Romanus wie in korrupte en gjirrige amtner dy't de provinsje foar in grut part oan syn lot oerlitten hat, en de befolking net beskerme tsjin plonderjende benden. Foar Firmus, in neisiet fan in aadlike famylje, wie dat in reden om yn opstân te kommen. De rebûlje fan Firmus gie safier dat dy himsels ta tsjinkeizer útrôp.
Keizer Falentinianus I stjoerde syn betûfte generaal Teodoasius nei Afrika om in ein oan de opstân te meitsjen, en slagge mei syn missy. Lykwols krige Teodoasius yn de kampanje yn 'e gaten dat it minne bestjoer fan Romanus de boarne fan 'e opstân wie. Dy ynformaasje waard de keizer te hearren brocht en doe waard Romanus in proses yn Kartago oandien. Underwilens ferstoar de keizer, en waard de oerbefelhawwer fan it leger Merobaudes de sterke man yn it Westromeinske Ryk. Romanus stie op goede foet mei Merobaudes om't syn provinsje in wichtige leveransier fan nôt wie oan it Ryk, en hy foar stabiele leveringen soarge koe.
Uteinlik waard Romanus frijsprutsen en Teodoasius beskuldige. Teodoasius waard begjin 376 ta de dea feroardiele.
Boarnen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Ammianus Marsellinus, Res Gestae XXVIII.6 en XXIX.5