Nothing Special   »   [go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Roastbrún

Ut Wikipedy
roastbrún
kleurkoördinaten
heksadesimaal #B7410E
RGBª (rgb) (183, 65, 14)
CMYKº (cmyk) (22, 85, 100, 13)
ª) normalisearre nei [0-255] (byte)
º) normalisearre nei [0-100] (%)

Roastbrún is in kleur dy't yn 'e regel beskôge wurdt as in tint fan brún. It kin omskreaun wurde as in oranjige kleur readbrún. Roastbrún komt oan syn namme trochdat it liket op 'e kleur fan roast.

Roast.

Roastbrún is neamd nei it ferskynsel roast, oftewol izer dat oksidearret. As wurd giet 'roast' tebek op it Oergermaanske rusta, dat eins "readens" betsjutte. It is ek nau besibbe oan it wurd 'rodzich', dat in soartgelikense tint omskriuwt, mar ornaris ferwiisd nei hierkleur of hûdskleur.

Roastbrún is in kleur dy't in protte brûkt wurdt yn 'e teäterbeljochting. As se oer in standert wolframljochtboarne hinne holden wurde, jouwe filters yn dizze kleur rûchwei in selde tint ljocht út as de dûnkere-keamerlampen dy't foarhinne yn 'e fotografy brûkt waarden. Roastbrún is nûmer 777 yn it Lee Filters-staalboek.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.