Nothing Special   »   [go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Provenance (roman)

Ut Wikipedy
Provenenance
algemiene gegevens
auteur Ann Leckie
taal Ingelsk
foarm roman
sjenre science fiction
1e publikaasje 2017, New York
oarspr. útjwr. Orbit Books
kodearring
ISBN 978-0 31 63 88 672

Provenance is in science fiction-roman fan 'e hân fan 'e Amerikaanske skriuwster Ann Leckie. De titel betsjut: "Komôf". It boek spilet yn 'e fiere takomst, as de minskheid him ferspraat hat nei de stjerren en in grut tal planeten kolonisearre hat. It fertelt it ferhaal fan Ingray Aughskold, ien fan 'e oannommen bern fan in foaroansteand politika op 'e wrâld Hwae, dy't mei har pleechbroer wediveret om 'e erfgenamt fan harren mem te wurden. Om har broer te fluch ôf te wêzen en har mem te ymponearjen, betellet se om in feroardiele misdiediger út 'e finzenis brekke te litten, in aksje dy't ûnfoarsjoene konsekwinsjes hat. Provenance is in op himsels steande roman, dy't yn itselde hielal spilet as Leckie har eardere en mannichfâld bekroande Imperial Radch-trilogy. It boek waard yn 2017 publisearre troch de New Yorkske útjouwerij Orbit Books.

Ingray Aughskold is in jonge frou en de oannommen dochter fan Netano Aughskold. Dat is in foaroansteand politika op 'e planeet Hwae, dêr't him yn 'e iuwen nei de kolonisaasje in minsklike kultuer ûntjûn hat dy't grutte betsjutting takend oan âldheden, benammen ynsafier't dy in bân hawwe mei de planetêre skiednis of mei de eigen famyljeskiednis. Netano hat har bern, Ingray en har pleechbroer Danach, altyd wediverje litten om har affeksje en goedkarring, mar har favoryt hat altyd Danach west. Sadwaande sil hja dy mei koarten nei alle gedachten útroppe ta har offisjele erfgenamt, dy't har maatskiplike posysje, har politike amt en har namme ervje sil. Ingray wit dat, en as in soarte fan wanhoopsdie reizget se nei Tyr Siilas ta, in ynterstellêr hannelsknooppunt yn in oanbuorjend planetestelsel, dêr't alles te keap is.

Yn Tyr Siilas jout Ingray al har jild út om fia tuskenpersoanen Pahlad Budrakim út 'e Barmhertige Ferwidering befrije te litten. ("Barmhertige Ferwidering" is de Hwaeaanske term foar in finzenisplaneet dêr't ûnferbetterlike kriminelen hinne stjoerd wurde om libbenslang út te sitten op in plak dêr't se de maatskippij gjin skea mear rokkenje kinne. As immen dêrhinne stjoerd wurdt, is er foar de wet fan Hwae dea ferklearre en bestiet er net mear.) Pahlad Budrakim wie de oannommen soan fan Enthiat Budrakim, in wichtige politike tsjinstanner fan Ingray har mem. Hy wie nei Barmhertige Ferwidering stjoerd om't er de famylje-âldheden fan 'e Budrakims, dy't er op 'e noed hie, stellen hie en ferfongen troch ferfalskings, en om't er, doe't dat útkaam, wegere hie om syn misdie te bekennen of te fertellen wêr't er de echte âldheden brocht hie. It is Ingray har plan om Pahlad oer te heljen en fertel har wêr't er de stellen âldheden ferskûle hat, sadat sy dy triomfantlik foar 't ljocht helje kin en dêrmei punten skoare yn har wedivering mei har broer Danach.

De persoan dy't oan Ingray oerdroegen wurdt, ûntstriidt lykwols dat er Pahlad Budrakim is, ek al koed er by wize fan sprekken dy syn twillingbroer wêze, en Ingray liket har hiele fermogen weismiten te hawwen. Underwilens dogge de media ferslach fan 'e risselwaasjes om nije ûnderhannelings te fieren oangeande it Ferdrach dat de minskheid mei in stikmannich rassen fan bûtenierdske wêzens sletten hat. As it romteskip fan 'e ambassadeur fan 'e Geck (ien fan dy rassen) ûnderweis nei de ûnderhannelings in tuskenstop makket yn Tyr Siilas, beskuldiget de ambassadeur in pleatslike frachtskipper, kaptein Tic Uisine, derfan dat dy syn romteskip stellen hat fan 'e Geck. Ingray en de persoan dy't al of net Pahlad Budrakim is, reitsje by dy kwestje belutsen om't Ingray har weromreis nei Hwae boekt hat op Uisine syn skip.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

De thúswrâld fan 'e Geck is in plak dêr't de Geck gearlibje mei minsken dy't harren wrâld kolonisearre hawwe, en dy't ûnder de kêsten fan it Ferdrach ek as Geck (en net as minsken) beskôge wurde. Tic Uisine soe ien fan dy lju wêze, en soe útnaaid wêze mei in Geck-skip en ferskate bio-meganyske Geck-androïden. De kaptein hat de nasjonaliteit fan Tyr Siilas en kin oantoane dat er syn skip kocht hat fan 'e werf dêr't it boud is. Mar, sa't earder al oantsjut is: op Tyr Siilas is alles te keap, ek de Tyrske nasjonaliteit en ferfalske eigendomspapieren. Hoewol't de Geck him neat meitsje kinne, docht wol bliken út 'e likenis tusken de androïden fan Uisine en dy dy't de skouwe Geck brûke om it romtestasjon te besykjen wylst se fysyk oan board fan harren eigen skip bliuwe, dat Uisine syn skip mei androïden en al yndie fan 'e Geck stellen hat.

As Uisine syn passazjiers te Hwae ôfset hat, arrivearret dêr it skip fan 'e ambassadeur fan 'e Geck, dat harren nei Hwae ta folge is. Uisine ferskûlet him mei syn skip yn it planetestelsel fan Hwae en wachtet syn kâns ôf om fuort te glûpen. Underwilens keart Ingray mei de persoan dy't ûntkent dat hy Pahlad Budrakim is, en dy't himsels Garal Ket neamt, werom nei har âldershûs. Hja hat Ket bepraat om har ûnsympatike broer Danach leauwe te litten dat hy (Ket) wol deeglik Pahlad Budrakim is, sadat se him (Danach) wiismeitsje kinne dat er de troch Pahlad stellen âldheden earne weromfine kin. As er dat besiket, is it Ingray har bedoeling om 'e wierheid oan it ljocht bringen op 'e wize dy't har broer safolle mooglik yn ferlegenheid bringe sil. It plan giet ynearsten dat it slydjaget. Danach mient yn Garal fuortendaliks al Pahlad Budrakim werom te kennen, dat Ingray hoecht him der net iens fan te oertsjûgjen dat se Pahlad mei werombrocht hat fan Tyr Siilas. Fierders hat Netano krekt Zat te gast; dat is in pommerant út 'e Omkem-Federaasje (in oare minsklike steat), dy't argeologysk ûndersyk dwaan wol yn Eswae, in beskerme natoergebiet yn Arsamol (Netano har distrikt). Ingray en Garal spjeldzje dan Danach op 'e mouwe dat Pahlad de stellen âldheden krekt dêre bedobbe hat, mei de bedoeling om Danach yllegaal yn in beskerme natoergebiet grave te litten foar't de âldheden by it ûndersyk fan Zat fûn wurde sille.

It hiele ferhaal feroaret fan rjochting as Zat by in ferkennend besyk oan Eswae op mysterieuze wize troch har eigen androïde fermoarde wurdt. Om't it bestjoerlingsprogramma fan Omkem-androïden sterk ferskilt fan Hwaeaanske androïden, kin inkeld Zat har kompanjon en famyljelid Hevom dêrfoar ferantwurdlik wêze. By it plysje-ûndersyk falt de fertinking lykwols yn earste ynstânsje op Garal, om't DNA-ûndersyk útwiist dat hy wol deeglik dochs de feroardiele krimineel Pahlad Budrakim is. As Garal/Pahlad yn it ferhear nommen wurdt, fertelt er dat er ûnskuldich feroardiele is, om't er de famylje-âldheden fan 'e Budrakims nea stellen hat; dat wiene altyd al ferfalskings. Doe't it spul him op 'e noed jûn waard, died er dêr ûndersyk nei, en mei syn befinings wied er nei syn heit Enthiat gien. Dyselde seach lykwols mar ien kâns om 'e famylje-ear te rêden, nammentlik troch te bearen dat de wiere âldheden stellen wiene en syn oannommen soan dêrfan de skuld te jaan.

Underwilens binne Ingray en Pahlad, dy't no rislút syn oarspronklike namme ôfwiist en formeel de namme Garal Ket oannimt, befreone rekke. As hja besiket him te helpen, wurdt se dêryn stipe troch kaptein Tic Uisine, dy't fereale rekke is op Garal, en dy't ien fan syn Geck-androïden nei de planeet stjoerd hat, sadat er helpe en mei Ingray kommunisearje kin. Ek Taucris Ithesta rekket by de saak belutsen; dat is in telch út in foaroansteand Hwaeaansk laach en in jeugdkammeraatske fan Ingray, dy't no as assistinte fan it adjunkt-haad Earnstige Misdriuwen yn it distrikt Arsamol wurket. Geandewei de saak docht bliken dat Taucris mear as inkeld profesjonele belangstelling foar Ingray hat, en Ingray beseft ta har eigen ferrassing dat se dy gefoelens beäntwurdet. De ambassadeur fan 'e Omkem-Federaasje easket ûnderwilens de útlevering fan Garal Ket foar de moard op Zat, en de frijlitting fan Hevom. Ingray betinkt dan in list om Garal út 'e hannen fan 'e Omkem te hâlden: Uisine docht him mei syn Geck-androïde foar as de ambassadeur fan 'e Geck, en easket dat Garal Ket ynstee oan 'e Geck útlevere wurdt. Om't Pahlad Budrakim formeel net mear libbet, is Garal steateleas; sadree't er de wurden "Ik bin in Geck" útsprekt, moat er neffens de kêsten fan it Ferdrach as ien fan 'e Geck behannele wurde; d.w.s. as in lid fan in net-minsklik ras. Om't it Ferdrach boppe alle oare wetjouwing giet, kinne de Omkem dan net mear oan him komme.

Ingray har plan giet goed oant it tiid wurdt om Garal nei it romtestasjon te bringen, dêr't er oerdroegen wurde sil oan 'e Geck. Yn wurklikheid is it de bedoeling dat Garal útpike sil mei Tic Uisine op dy syn romteskip. It hiele plan komt lykwols op losse skroeven te stean as se ûnderweis hearre dat militêren fan 'e Omkem-Federaasje dy't yn twa frachtskippen ferskûle sieten, it stasjon oanfallen en foar in diel beset hawwe. Yn 'e betizing om harren plan te rêden, reitsje Ingray en Garal de androïde fan Uisine kwyt, en wurde se ûnderskept troch de androïden fan 'e echte Geck-ambassadeur, dy't harren meinimme nei it Geck-skip. It sabeare polityk asyl dat Ingray foar Garal beävensearre hie, wurdt dêr omset yn in echt steatsboargerskip, mei't Garal ûnder de kêsten fan it Ferdrach oan alle easken foldien hat om as lid fan 'e Geck erkend te wurden. Yn in petear dat Ingray mei de ambassadeur hat, komt fierders oan it ljocht dat it de Geck der mei harren efterfolging fan Tic Uisine alhiel net om te dwaan is om 'e kaptein te bestraffen foar it stellen fan it skip, mar om in ferlerne soan wer thús te bringen om't de Geck har gjin fol en noflik libben bûten har eigen wrâld foarstelle kinne. Troch har gedoente mei Ingray begrypt de ambassadeur no dat sa'n libben wol mooglik is, en se seit ta om Uisine de frije kar te litten (trochgean mei it libben dat er foar himsels opboud hat, of weromkeare nei de wrâld fan 'e Geck), hoewol't se net wit hoe't se dat thús útlizze moat.

Underwilens liket it derop dat de hiele moardsaak mar in ferlechje wie foar in folle gruttere operaasje fan 'e Omkem-Federaasje. De Federaasje is nammentlik jierren lyn út it planetestelsel fan Byeit set, dat se beset holden fanwegen de geunstige lizzing. Sûnt dy tiid wolle se in float stjoere om Byeit te weroverjen, mar om't se dêrfoar troch it territoarium fan Hwae moatte, is dêr oant no ta neat fan kommen. No hawwe de Omkem har geduld ferlern en besykje se har sin mei geweld troch te driuwen. Zat, dy't yn 'e Federaasje in protte fijannen makke hie, wie in pion dy't troch har eigen regear opoffere is. Enthiat Budrakim, dy't mei de Omkem ûnder ien tekken skûle, hie nei de besetting fan it stasjon en de gizeling fan 'e leden fan it Hwaeaanske stasjonsparlemint bemiddelje en in kompromis útwurkje sillen, mei as resultaat dat de Omkem eltsenien frijlieten en it stasjon ûntrommen yn ruil foar frije trochgong foar harren float.

Twa dingen bedoaren it spul foar de Omkem. Troch de weromkear fan Pahlad Budrakim op Hwae, dy't nei syn arrestaasje mei de wiere tadracht oer syn feroardieling oan 'e poaten fan syn heite stoel seage, wie Enthiat Budrakim mei wichtiger dingen besteld (lykas it feilichstellen fan syn politike takomst). En troch de oanwêzichheid fan 'e Geck, dy't abslút net by it konflikt belutsen wurde mochten, moasten de Omkem in langere rûte troch it stasjon nimme, mei as gefolch dat de leden fan it stasjonsparlemint op 'e tiid evakuëarre wurde koene. Lykwols hawwe de Omkem wol Ingray har mem Netano en twa klassen skoalbern witten te gizeljen. Ingray, dy't tsjûge wie fan 'e moard op Zat, biedt (tsjin 'e útdruklike winsk fan 'e Hwaeaanske autoriteiten op it stasjon) oan om harsels oer te jaan oan 'e Omkem, yn ruil foar de frijlitting fan har mem en de skoalbern. As de Omkem mei dy ruil akkoart geane, wit Ingray troch in die fan sabotaazje by te dragen oan 'e beëiniging fan 'e gizeling.

Yn 'e neisleep fan it ferhaal wurdt de float fan 'e Omkem-Federaasje tsjinkeart troch de striidkrêften fan Hwae, dat yn dizze saak stipe wurdt troch Byeit en Tyr Siilas. Ingray har mem wol har ta har erfgenamt beneame, mar Ingray, dy't ûnderwilens leart hat wat foar harsels wichtich is en wat net, en dy't no wit wat se mei har libben wol, betanket foar de ear. Mei har freondinne Taucris set se ôf om in politike kampanje te begjinnen foar de herfoarming fan Barmhertige Ferwidering, dat neffens de ferhalen fan Garal alhiel net barmhertich is.

It tydskrift Kirkus Reviews, dat him taleit op it publisearjen fan boekbesprekken, priizge Provenance mei de wurden "mear Leckie om fan te hâlden", en omskreau it tema as "wat bern oan harren famylje bynt". Ek murk de resinsint fan Kirkus op dat de titel Provenance ("Komôf") nei ferskate dingen ferwiist: net inkeld nei it komôf fan 'e âldheden dy't yn it boek neamd wurde, mar ek nei de kwestje "wêr't minsken wei komme en wat harren makket ta wat se binne."[1] It blêd Publishers Weekly hie ek lof foar Provenance, benammen op it mêd fan 'e "sjarme en humor" fan it boek, mar stelde fêst dat it "net alhiel de djipgong en krêft hie" dy't fans op basis fan Leckie har eardere wurk ferwachtsje kinnen hiene.[2]

Yn 'e Britske krante The Guardian skreau resinsint Adam Roberts dat de plot fan Provenance "kompleks" wie, mar teffens "lineêr en nochal ûndjip", wylst er Ingray in "sympatike heldinne" fûn, mar "net in freeslik opmerkliken-ien".[3] Genevieve Valentine, dy't it boek bespriek foar NPR, omskreau it as in passende oanfolling op it eardere wurk fan Leckie, mar tekene dêrby oan dat de personaazjes fan Provenance it net helje by dy fan 'e Imperial Radch-trilogy.[4]

Literatuerkritikus James Nicoll fûn dat de plot fan Provenance fierhinne driuwt op it "wediverjen om foardielen by de folgjende ferkiezings". Hy ferliek it mei de boeken fan C.J. Cherryh, al tekene er dêrby oan dat Leckie har proaza "transparanter" is en har protagoniste, oars as de haadpersoanen fan Cherryh, "net lijt oan groanysk sliepgebrek". Hy foarsei dat Provenance yn 2018 nominearre wurde soe foar de Hugo Award (de wichtichtste priis foar science fiction-literatuer) yn 'e kategory bêste roman.[5]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. Provenance by Ann Leckie, yn: Kirkus Reviews, 17 july 2017.
  2. Provenance, yn: Publishers Weekly, 31 july 2017.
  3. Roberts, Adam, Provenance by Ann Leckie: Good Old-fashioned Space Adventure, yn: The Guardian, 13 oktober 2017.
  4. Valentine, Genevieve, "Provenance": A Cozy Mystery Set in Ann Leckie's "Ancillary" Universe, op: NPR, 27 septimber 2017.
  5. No Escape from the Ties That Bind, op: James Nicoll Reviews, 12 septimber 2017.