Nothing Special   »   [go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Philips Stadion

Ut Wikipedy
Philips Stadion
  stadion
Philips Stadion
Philips Stadion
lokaasje
lân Nederlân
Provinsje Noard-Brabân
plak Eindhoven
algemiene ynformaasje
sporten Fuotbal
teams PSV
kapasiteit 35.000
type oerflak Gers,
105 x 68 meter
eigner PSV (stadion) en
gemeente Eindhoven (grûn)
bou
útwreide 1916,
1933,
1958,
1969,
2002,
2016
kaart
Philips Stadion (Eindhoven)
Philips Stadion
Lokaasje fan it Philips Stadion yn Eindhoven

It Philips Stadion is in fuotbalstadion yn Eindhoven en it stadion fan fuotbalklub PSV.

It Philips Stadion leit oan de Frederiklaan yn it Philipsdoarp yn it Eindhovenske stedsdiel Strijp, net fier fan it sintrum fan Eindhoven. Dizze buert waard boud om te foldwaan oan it ferlet oan wenromte foar wurknimmers fan it fluch groeiende gloeilampefabryk fan Philips.

Op sneon 12 desimber 1910 waard it Philips Alvetal oprjochte troch wurknimmers fan it Philips fabryk. In part oan de Frederiklaan waard net beboud en op dit stik grûn fuotballen de bewenners en wurknimmers fan Philips. In goed jier letter op Snein 15 jannewaris 1911 spile it Philips Alvetal syn earste offisjele wedstriid oan de Frederiklaan op eksakt deselde lokaasje dêr't no it Philips Stadion is. Tsjinstanner wie it twadde alvetal fan Hollandia út Woensel.

Twa oprjochters fan it Philips Elftal, Hendrik Huisken en Willem Schouten, wienen op 31 augustus 1913 ek mei-oprjochter fan de Philips Sport Vereeniging. Yn earste ynstânsje foaral rjochte op atletyk, mar as op 22 oktober 1913 it Philips Alvetal him oanslút by de nije sportferiening wurdt der ek fuotballe. De fuotbaltakke fan de Philips Sport Vereeniging behold oant 1916 de namme Philips Alvetal. Yn 1916 waard it fuotbalfjild útwreide mei in houten oerkape tribune foar 900 taskôgers en in kluphûs; de namme fan Philips Alvetal feroaret yn Philips Sport Vereeniging (letter ôfkoarte oant PSV). Yn 1933 waard in nije oerdutsen haadtribune fan stien en beton iepene mei in kapasiteit fan 9.000 sitplakken. Yn de Twadde Wrâldkriich rekke it stadion skansearre en de renovaasje fan it stadion waard daalks oangrypt foar in útwreiding nei 17.500 besikers.

Yn de rin fan de jierren folgen mear en mear útwreidingen. Op 1 septimber 2009 wie der brân yn it stadion. De brân ûntstie nei alle gedachten troch laskwurksumheden op in tribune. Yn 2011 waard de grûn ûnder it stadion eigendom fan de gemeente Eindhoven, mar it stadion sels is eigendom fan de klup.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Wikipedy:NL