Nothing Special   »   [go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Stasjon Echt

Ut Wikipedy
Stasjon Echt
station Echt
Stasjon Echt yn 1986
Stasjon Echt yn 1986
lokaasje
lân Nederlân
Provinsje Limburch
Gemeente Echt-Susteren
plak Echt
adres Stationsweg 5a
arsjitektuer
stasjonskoade Ec
type Trochgongsstasjon
iepening 21 novimber 1865
1 maaie 1949 weriepening
sluting 15 maaie 1938
boujier 1862
arsjitekt Karel Hendrik van Brederode
monumintale status Ryksmonumint
monumintnûmer 525536
oare ynformaasje
perrons 1
perronspoaren 2
spoarline Steatsline E
offisjele webside
NS stasjonsynformaasje
kaart
Stasjon Echt (Limburch)
Stasjon Echt

Stasjon Echt (Ec) is in stasjon yn de Nederlânske stêd Echt yn de provinsje Limburch. It stasjon is in standertstasjon fan de Steatsspoarwegen type SS fiifde klasse en is ien fan de achtentritich stasjons dy 't ea yn dizze klasse boud is. En ien fan de njoggen stasjons fan dit type dy't noch oanwêzich is.

It stasjonsgebou kaam yn 1862 ree, en waard iepene op 21 novimber 1865 foar treinreizgers doe't ek dit part fan it spoar fan Steatsline E oanlein wie. Yn 1884 is der oan beide kanten in fleugel oanboud, yn 1911 krige it middenpart der in ferdjipping by. Yn 1938 waard it stasjon sletten, mar yn 1949 waard it stasjon op 1 maaie weriepene. It stasjon leit hjoed-de-dei oan it part fan it spoar dat eksploitearre wurdt troch Arriva. It stasjonsgebou is hjoed-de-dei yn gebrûk as winkel.

Treinferbinings

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Searje Treintype Rûte Tsjinstroaster
RS 12
32400
Stoptrein (Arriva) Maastricht RandwyckMaastrichtSittardEchtRoermond

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: