Nothing Special   »   [go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Shih tzu

Ut Wikipedy
shih tzu
algemiene ynformaasje
oarsprong Tibet
klassifikaasje lytse selskipshûn
FCI-nû. #208
lichemsskaaimerken
skofthichte 20-28 sm
gewicht 4-71/2 kg
kleur alle

De shih tzu is in lyts hûneras dat oarspronklik út Tibet komt, mar letter tige algemien wurden is yn Sina. De namme wurdt ornaris útsprutsen as [ˈʃɪʦu] ("sjit-tsû"), mar soe eins [ˈʃiʦu] ("sjyt-tsû") wêze moatte. It is in lytse selskipshûn mei in koarte snút, grutte rûne eagen, ôfhingjende earen en in lange pels. De shih tzu stiet bekend as boartlik en ûnôfhinklik, mar (mei dêrtroch) harket er net altyd likegoed nei syn baaske.

De Sineeske namme foar de shih tzu is 西施犬 (pinyin-transliteraasje: Xī Shī quǎn, útspr.: [ɕi ʂi ʨʰuan], likernôch: "tsjy sjy tsj'hûan"). Dat betsjut letterlik "Xī Shī-hûn"; Xī Shī wie ien fan 'e tsjepste froulju út 'e Sineeske Aldheid. It is net alhiel dúdlik wêrom't dit hûneras sa neamd wurdt; mooglik hie Xī Shī sa'n hûntsje, mar it kin ek wêze dat it sa'n moai hûntsje is dat it oan Xī Shī tinken docht. De term "shih tzu" is de Wade-Giles-transliteraasje fan 'e Sineeske karakters 獅子 (pinyin: shi zu), dy't "liuw" betsjutte.

In trijekleurige shih tzu (swart, wyt en brún).

In gauris oanhelle teory is dat de shih tzu fuortkomt út in krusing fan 'e (Sineeske) Pekinees en de (Tibetaanske) Lhasa apso. Shih tzu's wiene al ier favoriten fan 'e Sineeske keizerlike famylje, al is ûnbekend wannear't se foar it earst oan it hof fan it Keizerryk Sina ferskynden. Yn 'e santjinde iuw droegen keizerlike eunugen ferantwurding foar it fokken fan 'e hûntsjes, en hja wediveren mei-inoar om 'e geefste eksimplaren te produsearjen fan 'e "hûn mei it antlit fan in grysant".

Shih tzu's stiene yn Sina sa heech yn oansjen, dat de Sinezen iuwenlang wegeren om se te ferkeapjen, te ferhanneljen of wei te jaan. Pas yn 1930 waarden de earste eksimplaren yn Jeropa ymportearre (yn Ingelân en Noarwegen), dêr't se yn 't earstoan troch kynologen klassifisearre waarden as in ôfwikende foarm fan 'e Lhasa apso. Yn 1934 waard yn Ingelân de earste kynologyske feriening foar de shih tzu oprjochte. Op 7 maaie 1940 krige de shih tzu yn Ingelân erkenning as in selsstannich hûneras. Neitiid fersprate it ras him oer Jeropa, en yn 'e 1950-er jierren waard it dêrwei en streekrjocht út Aazje ek yntrodusearre yn 'e Feriene Steaten troch weromkearende soldaten dy't om utens tsjinne hiene.

Lichemsskaaimerken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Shih tzu's hawwe in skofthichte fan 20 oant 28 sm, sawol foar rikels as foar teven. Se weagje 4 oant 71/2 kg. Alle kleuren binne tastien, mar de measte shih tzu's binne goudkleurich, brún, wyt, swart, griis of in kombinaasje dêrfan. It binne stevich boude hûntsjes mei in lytse, platte snút en grutte brune eagen. Har gesicht en kop waard histoarysk troch de Sinezen ferlike mei in liuw, in grysant en in ûle, wylst de bek wol omskreaun waard as in kikkertbek. Tige opmerklik is de ûnderbyt (de ûnderkaak stekt mear nei foarren as de boppekaak), wat in fereaske skaaimerk is neffens de rasomskriuwing fan 'e Ynternasjonale Kynologyske Federaasje (FCI). De earen binne lang en ôfhingjend, wylst de plomsturt omheech krôle oer de rêch droegen wurdt. Shih tzu's hawwe in tichte, dûbele pels fan lang, slûk, sêft hier, dat yn 'e tiis rekket as it net teminsten ienris yn 'e twa of trije dagen boarstele of kjimd wurdt.

In krêmkleurige shih tzu.

Shih tzu-teefkes wurde foar it earst loopsk as se likernôch in healjier âld binne, en dat bart dêrnei twaris yn 't jier wer. Shih tzu's smite yn 'e regel 3-4 jonghûntsjes per nêst; 2 komt ek foar en der binne útsjitters oant 9 jongen. Ornaris is de stelregel: wat âlder de hûn, wat grutter de smeet. Omreden fan har lytse lichemsgrutte kin de dracht problematysk wêze, en de befalling noch nammenste mear; 20% fan 'e shih tzu's moat fia in keizersneed helle wurde. It fokken fan shih tzu's is sadwaande dreech en tiidrôvjend, en ferget suver oanhâldende oandacht fan 'e eigner fan it momint fan 'e befruchting ôf oant de jonghûntsjes wat selsrêdich wurden binne.

De shih tzu stiet bekend om syn fleurich en boartlik aard, kalm temperamint en ûnôfhinklike persoanlikheid. It is in hûn dy't him goed oanpasse kin oan in breed skala fan sitewaasjes. Netssjinsteande syn beheind postuer is er dapper, en yn Sina hied er los fan syn steat as selskipshûn dêrom ek gauris in njonkenfunksje as hiemhûn foar binnendoar. De ûnôfhinklikheid fan karakter bringt wol mei dat shih tzu's faak net botte hearrich binne.

In shih tzu-teefke fan oardel jier.

Neffens de UK Kennel Club, de gesachhawwende kynologyske feriening yn it Feriene Keninkryk, libje shih tzu's trochinoar 13 jier en 2 moannen. De measten hawwe in libbensdoer fan tusken de 10 en 16 jier. De âldst bekende shih tzu waard 23 jier.

De shih tzu hat in stikmannich sûnensswierrichheden, wêrûnder guon dy't genetysk fan oanlis binne. Brachysefaly is bygelyks in misfoarming fan 'e plasse, feroarsake troch de ôfplatte snút. Fierders binne eachproblemen by shih tzu's tige algemien, lykas staar, mar ek de foarming fan epifoara, feroarsake troch it bekrassen fan it netflues troch it hier dat op 'e eachlidden groeit. Dêr helpe eachdrippen foarskreaun troch de bistedokter tsjin. Ek earûntstekkings komme by shih tzu's in protte foar, feroarsake troch it hier dat har yn 'e earen groeit. As it earhier net útlutsen wurdt en de earen skjinholden, sil de ûntstekking kear op kear weromkomme. De hûd fan 'e shih tzu is tige gefoelich en fetber foar allergyen. Ideäliter moatte de hûntsjes teminsten eltse 2 oant 6 moannen yn it bad om in goede hygiêne te betrachten. Ta ein beslút hawwe shih tzu's ek in gefoelige mage en de measten binne (mei dêrom) sinnige iters.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Ashworth, Lou Sawyer, Prisma Honden Lexicon, Utert/Antwerpen, 1977 (Het Spectrum), ISBN 9 02 74 09 03X (oers. fan The Dell Encyclopedia of Dogs, New York, 1974, Vineyard Books), s. 97: Shih tzu.

Foar oare boarnen en fierdere literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.