Nothing Special   »   [go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Scotteilân

Ut Wikipedy
Scotteilân en Haggits Pylder tusken iisbergen

Scotteilân is in lyts ûnbewenne eilân fan fulkanyske orizjine yn Ross-see, Súdlike Oseaan, 505 km noardeastlik fan Kaap Adare, de noardeastlike punt fan Victorialân. It is 565 m lang fan noard nei súd, en tusken de 130 m en 340 m breed, berikt in hichte fan 54 m en hat in oerflak fan 4 ha. Haggits Pylder is in rotspunt 250 m westlik fan it eilân, mei in hichte fan 62 m en in diameter fan 50 m, it oerflak is krapoan 0.2 ha. It eilân hat twa lytse ynholten (ien op it noardeasten en ien oan de westkust) mei strannen, mar wurdt fierders omjûn fan hege kliffen.

It eilân waard ûntdekt op Earste Krystdei 1902 troch kaptein William Colbeck, kommandant fan de SY Morning, it befoarriedingsskip foar kaptein Robert F. Scott syn ekspedysje. Colbeck lâne dêr en neamde it yn 't earstoan Markhameilân nei Sir Clements Markham, mar besleat letter om it nei kaptein Scott te neamen. Haggits Pylder is neamd nei de famylje fan William Colbeck's mem, Haggit. Yn 2006 waard troch in kartearringsekspedysje nei de Ross-see fêststeld dat it eilân 2.3 km noardliker leit dan't earder bepaald wie.[1]

Scotteilân hat in automatysk waarstasjon dat op 30 meter hichte leit. De waarrapporten geane werom oant 1988, mei skoften dat der net metten is. [2] De temperatueren lizze trochstrings tusken in pear graden ûnder nul yn de simmer oant -40 °C yn de winter.

It eilân is part fan de Nij-Seelânske kleem op Antarktika.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]


Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. The changing map of Antarctica, National Institute of Water & Atmospheric Research, Coasts & Oceans Update, No. 17, 2007
  2. http://uwamrc.ssec.wisc.edu/aws/scottismain.html