Nijeveen
Nijeveen | ||
De Nederlânsk herfoarme tsjerke fan Nijeveen | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
provinsje | Drinte | |
gemeente | Meppel | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 3.810 (2020) | |
Oerflak | 25 km² | |
Befolkingsticht. | 152 /km² | |
Oar | ||
Postkoade | 7948 | |
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 52° 44' NB, 6° 10' EL | |
Offisjele webside | ||
Doarpsferiening Nijeveen | ||
Kaart | ||
Kaart | ||
Lizzing fan Nijeveen yn de gemeente Meppel |
Nijeveen is in doarp en eardere gemeente yn it súdwesten fan de Nederlânske provinsje Drinte. Sûnt 1998 makket de eardere gemeente Nijeveen diel út fan de gemeente Meppel en omfieme de doarpen Kolderveen, Nijeveense Bovenboer en Kolderveense Bovenboer. It doarp Nijeveen hie yn 2020 3810 ynwenners.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De skiednis fan Nijeveen giet tebek oant 1477. Yn 1977 waard it 500-jierrich bestean fan it doarp fierd. Fan âlds bestiet Nijeveen út lintbebouwing by de Dorpsstraat del mei grutte pleatsen. Dy binne benammen noch yn gebrûk foar de feetylt. Nijeveen en omkriten skaaimerket him as dûbellint. Oan de súdkant rint it lint fan de Dorpsstraat oer de Nieuweweg troch nei de útbuorren Kolderveen. De noardlike lintbebouwing omfiemet de útbuorrens Nijeveense Bovenboer en Kolderveense Bovenboer.
Havelterveen en Hesselternijeveen binne âlde nammen fan it doarp. It âlde doarp Hesselte benoardeasten fan Nijeveen feroare syn namme yn de santjinde iuw ta Darp, dat "doarp" betsjut.
Yn de santiger jerren waard in grut stik by Nijeveen boud. Oan de ein fan de tweintichste iuw waard de Vogelbuurt (Fûgelbuert) boud, dat in nijbouwyk mei grutte wenten. De strjitten krigen allegear nammne fan fûgels, fandêr de namme fan de wyk. Daliks nei it jier 2000 sette de gemeente Meppel út ein mei in nijbouplan: Daninge Erve. Om't der om 2005 hinne in soad fraach nei gruttere wenten wie, waard der in fillawyk stifte yn Nijeveen. Dy wyk krige de namme Daninge Erve-Zuid. Begjin 2008 kaam de gemeente Meppel mei it plan om Daninge Erve-Zuid út te wreidzjen.
Tusken Nijeveen en Meppel wurdt in grut nijbouprojekt boud: de Nieuwveense Landen. Dat plan sil om 2050 hinne ree wêze moatte.
Tusken 1946 en 1962 wie de út Fryslân ôfkomstige Douwe Weima boargemaster fan de gemeente Nijeveen
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nijeveen leit yn it súdwesten fan Drinte tichteby de plakken Meppel en Stienwyk. Troch Nijeveen rint de Nijeveense Grifte. Dy wetterwei is net mear te befarren. Eartiids waarden oer dy farwei produkten nei de merk yn Meppel ferfierd.
Nijeveen leit oan de A32 fan Ljouwert nei Meppel.
It besjen wurdich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Nederlânsk-herfoarme tsjerke mei dernjonken de eardere skoalle
- Mûne De Sterrenberg
- Albert Vink Dierenweide
- Burg v d Woudepark
Galery
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Dorpsstraat (foar de weryndieling)
-
Eardere C1000
-
Kriichsmonumint
-
Iepenloft natuerswimbad
-
Skeeler- en iisbaan
-
Mûne De Sterrenberg
-
Nederlânsk Herfoarme Tsjerke yn Kolderveen
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Nijeveen fan Wikimedia Commons. |
Meppel | ||
---|---|---|
Stêd: Meppel | ||
Doarpen: Kolderveen • Nijeveen • Rogat | ||
Buorskippen: Broekhuizen • De Kolk • Havelterberg • Havixhorst • Kolderveense Bovenboer • Lindenhorst • Nijentap • Nijeveense Bovenboer • Schiphorst | ||
· · |