Nothing Special   »   [go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Norrköping

Ut Wikipedy
Norrköping
It stedhûs fan Norrköping
Lân Flagge fan Sweden Sweden
Lânsdiel Götaland
Provinsje(s) Östergötlands län
Lânskip(pen) Östergötland
Gemeente(n) Norrköping
Koördinaten 58° 34′ NB 16° 8′ EL
Oerflak 36,68 km²
Ynwennertal 95.618  (2016)
Befolkingstichtens 2.607 ynwenners/km²
Tiidsône MET  (UTC+1)
Simmertiid MEST  (UTC+2)

Norrköping is in stêd yn de histoaryske provinsje Östergötland yn it easten fan Sweden en teffens de haadstêd fan de gemeente Norrköping. De stêd hat 95.618 ynwenners (2016) en beslacht 36,68 kante kilometer.

De rivier Motala ström streamt troch de stêd en soarget foar de ôffier fan wetter fan de Vättermar nei de Baltyske See. Wetterkrêft fan de rivier wie ien fan de faktoaren dy't derfoar soargen dat Norrköping in wichtige stêd foar de tekstylyndustry waard.