Nothing Special   »   [go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Mingd wâld

Ut Wikipedy
In mingd wâld yn 'e súdlike Sineeske provinsje Yunnan.

In mingd wâld of mingd bosk is in soarte wâld dat út sawol leafbeammen as nullebeammen bestiet. It rint útinoar fan leafwâld dat foar teminsten 5% út nullebeammen bestiet oant nullewâld dat foar teminsten 5% út leafbeammen bestiet.

It begryp "mingd wâld" wurdt brûkt ta ûnderskie fan in monokultuer fan itsij leafbeammen, itsij nullebeammen. De fegetaasjesône mei mingd wâld is in oergong tusken de sône mei leafwâld, dy't súdlik dêrfan leit, en de sône dêr't inkeld nullewâld foarkomt, de taiga, dy't him oan 'e noardkant derfan útstrekt.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.