Nothing Special   »   [go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Michiganmar

Ut Wikipedy
Michiganmar
De Michiganmar yn dûnkerblau, mei de oare Grutte Marren yn ljochtblau.
De Michiganmar yn dûnkerblau, mei de oare Grutte Marren yn ljochtblau.
geografy
type wetter mar
lokaasje easten fan Noard-Amearika
lân Feriene Steaten
koördinaten 44°N 87°W
ûnderdiel fan Grutte Marren
sifers
maks. lingte 494 km
maks. breedte 190 km
oerflak 58.000 km²
djiptegemiddelde 85 m
djipste punt 281 m
wetterfolume 4.900 km³

De Michiganmar (Ingelsk: Lake Michigan), is ien fan 'e fiif Grutte Marren fan eastlik Noard-Amearika, mei in oerflak fan 58.000 km². It djiptegemiddelde is 85 m, mei in djipste punt op 281 m ûnder it wetteroerflak. Op it breedste punt mjit dit wetter 190 km, en op it langste punt 494 km. As it neffens wetterfolume metten wurdt, is it nei de Boppemar de grutste fan 'e Grutte Marren, mar as it om wetteroerflak giet, moat it de Hueronmar ek noch foargean litte, en komt it op it trêde plak út. Yn it noardeasten is de Michiganmar fia de smelle Strjitte fan Mackinac ferbûn mei de Hueronmar, dêr't it feitliken ien wetterlichem mei foarmet.

Sinne-ûndergong boppe de Michiganmar, sjoen fan 'e westkust fan Neder-Michigan ôf.

De Michiganmar wurdt oan 'e westkant begrinzge troch de Amerikaanske steaten Wiskonsin en Illinois, yn it suden troch Indiana, yn it easten troch Neder-Michigan, en yn it noarden troch Opper-Michigan. De beide dielen fan 'e steat Michigan wurde yn it noardeasten faninoar skaat troch de Strjitte fan Mackinac. De Michiganmar is sadwaande de iennichste fan 'e fiif Grutte Marren dy't folslein omsletten is troch grûngebiet fan 'e Feriene Steaten. Yn it noardeastlikste diel fan 'e mar lizze in stikmannich lytse eilantsjes.

Oars as dat faak tocht wurdt, is de Michiganmar net nei de steat Michigan neamd, mar krekt oarsom. De namme komt fan in wurd út 'e taal fan 'e Odjibwe-Yndianen, mishigami, dat "grut wetter" betsjut.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Bibliography, op dizze side.