Nothing Special   »   [go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Menen

Ut Wikipedy
Menen
Emblemen
               
Bestjoer
Lân Belgje
gewest Flaanderen
provinsje West-Flaanderen
Sifers
Ynwennertal 33.982 (2022)[1]
Oerflak 33,16 km²
Befolkingsticht. 1024,68 ynw./km²
Oar
Postkoade 8620
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 51° 7' N 2° 45' E
Lokaasje Menen yn it arrondissemint Kortrijk yn 'e provinsje West-Flaanderen
Lokaasje Menen yn it arrondissemint Kortrijk yn 'e provinsje West-Flaanderen
Offisjele webside
webstee Menen

Menen (West-Flaamsk: Mêenn; Frânsk: Menin) is in stêd yn 'e Belgyske provinsje West-Flaanderen. De stêd hat mear as 33.000 ynwenners. Yn de stêd sels hjit de stêd Mjinde, yn de rest fan de West-Flaanderen wurdt de namme Mêenn brûkt.

Yn it gebiet binne fynsten út it lette paleolitikum en it neolitikum bekend. Ek binne dakpannen en potskerven út de Romeinske tiid en spoaren fan in lytse Gallo-Romeinske delsetting út it 3e fearn fan de 1e iuw nei Kristus fûn.

De stêd ûntstie by in furde yn 'e Leie oan de hannelswei Torhout-Lille. De âldste fermelding is út 1087, doe't it patronaatsrjocht fan 'e tsjerke fan Menen jûn waard oan de abdij fan Hasnon. Yn 1193 kaam dat ta oan Arnulf en Mathilde fan Menen, dy't de hearlikheid Menen besieten, in famylje dy't oant 1288 hearske. Doe naam de greve fan Flaanderen de hearlikheidsrjochten ôf en foel Menen streekrjocht ûnder de greve. In baljuw waard oansteld foar it bestjoer. Tichteby de Sint-Vedastustsjerke stie nei alle gedachten it kastiel fan de hearen.

Yn 1351 krige Menen stedsrjochten. Menen waard in hannelssintrum foar wol en jern en krige it rjocht merk te hâlden. De Leie spile in grutte rol by de ûntjouwing fan de stêd as sintrum fan de lekkenyndustry. Yn de 16e iuw wie de stêd ferneamd om syn bier en hie 104 masterbrouwers. It steapelplak ferhuze yn 1353 nei Moorsele, dêr't in soad spinders wurken.

Nei oanlieding fan de Flaamske Opstân tsjin keizer Maksimiliaan plonderen troepen fan Freark III de stêd yn 1488. In grutte stedsbrân yn 1548 ferneatige likernôch 570 fan de 700 hûzen. Nei de brân waard der in soad nij boud en wreide de stêd him fierder út.

Malkontinten oermasterje de stêd yn 1578

As grinsstêd waard Menen al ier fersterke. De earste wâlen datearje út 1578, wylst Menen by de bou noch troch Malkontinten beset wie. Yn 1579 waard de stêd troch Skotske troepen fan 'e Spaanske werom ferovere en yn 1582 soarge de fjildhear Aleksander Farnese der foar dat de stêd lang om let yn Spaanske hannen foel. Tusken 1579 en 1830 waard Menin twaëntweintich kear belegere. Dat makke dat de wolstân foars tebek rûn en de befolking sûnt 1578 massaal flechte nei Haarlim. De weefyndustry soe yn de takommende tsien jier sels foar de helte ferdwine.

Menen yn 1641

Sûnt 1635 wie Frankryk yn oarloch mei Spanje. Menen waard yn 1645 troch Frankryk oermastere en plondere, mar yn 1658 kaam Menen werom yn Spaanske hannen. De fêstingen waarden ôfbrutsen, mar yn 1678 kaam Menen it Ferdrach fan Nijmegen op 'e nij by Frankryk.

De Frânske boumaster Vauban fersterke de stêd tusken 1679 en 1689 op 'e nij. Under de Spaanske Suksesjeoarloch waard Menen fannijs belegere, no troch de troepen fan de Britske fjildhear John Churchill. Yn 1706 kapitulearre Menen en waarden de Frânske legers ferdreaun. Yn 1713 waard Menen ûnderdiel fan de Eastenrykske Nederlannen.

Yn de Eastenrykske Suksesjeoarloch gie Frankryk yn oarloch mei Eastenryk. Troepen fan Loadewyk XV besetten nei besjittings Menen yn 1744. It Hollânske garnizoen, dat dêr wie fanwegen it Barriêreferdrach, moast fuort en de Frânsen ferneatigen de measte festingwurken dy't hja sels earder boud hienen. De Frede fan Aken wiisde Menen wer ta oan Eastenryk .

Yn 1792 waard Menen wer ynnommen troch de Frânsen, yn 1793 folge troch Eastenrikers, Nederlanners, Frânsen en nochris Eastenrikers. Grutte skea oan de stêd brochten de Frânske bombardeminten yn 1794 fanút Halluin en op 30 april fan dat jier kaam de stêd yn Frânske hannen. Dat duorre oant 1814, doe't Menen by it Keninkryk der Nederlannen foege waard. Op 'e nij waard Menen in fêsting tsjin Frankryk. Yn 1830 kaam Menen yn de nije steat Belgje, mar de fersterking fan 'e stêd duorre oant 1840. Sûnt 1852 waarden de fêstingen foar in part ôfbrutsen en it militêre terrein ferkocht.

Healwei de 19e iuw ferbettere de ynfrastruktuer troch de oanlis fan it spoar en nije diken. Ek riolearring en gasferljochting waarden oanlein. Yndustry wie der hast net mear en de ynwenners wurken yn 'e fabriken fan Halluin, Roncq, Tourcoing en Armentières.

Op 14 oktober 1914 waard Menen beset troch de Dútsers. It oarlochsgeweld fernielde de helte fan de huzen. Yn 1921 waard de Leie rjocht lutsen, sadat gruttere skippen oant 300 ton oan Menen ta farre koene. De âlde Leie-earm waard yn 1923 tichtsmiten. Yn 1971 en 1987-1988 waard de Leie foar noch gruttere skippen útdjippe.

Yndieling gemeente

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Njonken it plak Menen (I) lizze yn de gemeente ek noch de dielgemeenten Lauwe (II) en Rekkem (III). Yn de dielgemeente Rekkem leit noch it doarp Paradijs (IV), dat troch de A14/E17 fan Rekkem skieden is. De dielgemeente Menen is te ferdielen yn twa aparte wiken, nammentlik De Barakken (V) en Ons Dorp (VI). It plak Menen leit foar it measte noardlik fan de Leie; Lauwe en Rekkem mear eastlik en súdlik fan de rivier. De bebouwing fan it plak Menen, om krekter te wêzen dy fan de wyk De Barakken, slút oer de Frânske grins oan op dy fan Halluin.

Namme Oerflak Ynwennertal (2006) Kaart
I
 
(V)
(VI)
Menen
- Menen
- De Barakken
- Ons Dorp
16,49
 
 
 
19.246
 
 
 
II Lauwe 8,80 8.357
III
 
(IV)
Rekkem
- Rekkem
- Paradijs
7,90
 
 
4.813
 
 

Befolkingsferrin

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Alle histoaryske ynformaasje giet oer de hjoeddeiske gemeente lykas dy ûntstie nei de weryndieling fan 1 jannewaris 1977.

  • Boarne:NIS, 1831 oan en mei 1981 binne folkstellingen; 1990 en letter binne de ynwennertallen op 1 jannewaris.

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Stedsmuorren
  • De 33 meter hege belfort fan Menen foarmet mei oare belforten fan Frankryk en Belgje ûnderdiel fan it UNESCO-wrâlderfgoed. Yn de belfort hinget in kariljon mei 49 klokken. It klassisistyske gemeentehûs waard yn 1782 boud.
  • Oarspronklik wie de Sint-Vedastustsjerke mooglik in kapel fan it kastiel, mar it hjoeddeiske tsjerkegebou datearret fan 1820. De tsjerke is wijd oan de eardere biskop fan Arras.
  • De Sint-Fransiskustsjerke wie in kleastertsjerke út 1861. De tsjerke is net mear yn gebrûk as tsjerke en wurdt sûnt 2019 brûkt foar kulturele aktiviteiten.
  • Nei't De Barakken yn 1897 in selsstannige parochy waard, krige de arbeiderswyk yn 1902-1903 in oan Sint-Joazef (patroanhillige fan de wurknimmers) wijde tsjerke.
  • Yn de Benediktinessenstraat stiet it kleaster fan Us-Leaffrouwe fan de Frede. De skiednis fan it kleaster is âlder, mar de hjoeddeiske gebouwen datearje fan 1876-1879.
  • Nei't de Frânske kening Vauban opdrach joech om de stêd te fersterken, waard der oan de Ieperstraat ek in militêr hospitaal boud. Letter waard it gebou troch in tabaksfabryk brûkt en sûnt 2006 binne der wentes yn ûnderbrocht.
  • De fêstingwurken fan de stêd bestiene eartiids út alve bastions mei fjouwer poarten. Allinne in diel fan stedsmuorre en de kazematten binne bewarre bleaun.
  • De Goede Hoop oan de Kortrijkstraat 396 is in rûne stellingmûne út 1798.
  • Oan de Fabiolalaan 68 stiet de Sint-Jansmûne, in eardere wettermûne.
Dútsk soldatetsjerkhôf
  • Stadsmuseum ’t Schippershof, Rijselstraat 77 (webstee)
  • It Deutscher Soldatenfriedhof Menen is in militêr begraafplak mei mear as 40.000 fallen soldaten út de Earste Wrâldkriich.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is foar in part in oersetting fan de Nederlânsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis nl:Menen


West-Flaanderen Flagge fan de provinsje West-Flaanderen
Alveringem - Anzegem - Ardooie - Avelgem - Beernem - Blankenberge - Bredene - Brugge (haadstêd) - Damme - De Haan - De Panne - Deerlijk - Dentergem - Diksmuide - Gistel - Harelbeke - Heuvelland - Hooglede - Houthulst - Ichtegem - Iper - Ingelmunster - Izegem - Jabbeke - Knokke-Heist - Koekelare - Koksijde - Kortemark - Kortrijk - Kuurne - Langemark-Poelkapelle - Ledegem - Lendelede - Lichtervelde - Lo-Reninge - Menen - Mesen - Meulebeke - Middelkerke - Moorslede - Nieuwpoort - Oostende - Oostkamp - Oostrozebeke - Oudenburg - Pittem - Poperinge - Roeselare - Ruiselede - Spiere-Helkijn - Staden - Tielt - Torhout - Veurne - Vleteren - Waregem - Wervik - Wevelgem - Wielsbeke - Wingene - Zedelgem - Zonnebeke - Zuienkerke - Zwevegem
· · Berjocht bewurkje