Nothing Special   »   [go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Matthias Mayer

Ut Wikipedy
Matthias Mayer
sporter
Matthias Mayer (2014)
Matthias Mayer (2014)
persoanlike bysûnderheden
echte namme Matthias Mayer
nasjonaliteit Eastenryksk
bertedatum 9 juny 1990
berteplak Sankt Veit an der Glan
lingte 1.80 m
gewicht 90 kg
sportive ynformaasje
sport Skyen
ûnderdiel Alpineskyen
O.S. Sotsji 2014,
Pyeongchang 2018,
Peking 2022
debút 2009
karriêre-ein 2022
wichtige prestaasjes
3x goud Olympyske Spullen 2014, 2018, 2022
1x brûns Olympyske Spullen 2022

Matthias Mayer (Sankt Veit an der Glan, Karinsje, 9 juny 1990) is in earder Eastenryksk skyer. Mayer is trijefâldich Olympysk kampioen. Mathhias Mayer is in soan fan earder skyer Helmut Mayer.

Mayer wie spesjalisearre yn de ôfdaling en de Super G. Mayer makke syn wrâldbeker debút yn Sestriere yn febrewaris 2009. Nei ferskate kearen yn de top tsien einige te wêzen, behelle er syn earste wrâldbeker poadium yn Kitzbühel op de super-G yn jannewaris 2013. Op de Olympyske Winterspelen fan 2014 yn Sotsji, Ruslân, wûn Mayer de ôfdaling. Hy waard op it poadium beselskippe troch de Italjaan Christof Innerhofer dy't it sulver wûn, en Kjetil Jansrud út Noarwegen wûn de brûnzen medalje. Daalks nei de Olympyske Spullen behelle er twa poadiumplakken yn Noarwegen en in oerwinning yn de wrâldbeker finale. Hy wûn syn twadde Olympyske gouden medalje yn 2018 op de super G.

Op de Olympyske Winterspullen fan 2022 wûn Mayer de brûnzen medalje op de ôfdaling en prolongearre hy syn titel op de super G. Mei trije olympyske titels neist in brûnzen medalje is Mayer de suksesfolste Olympyske alpineskyer fan Eastenryk. Ein desimber 2022 kundige Mayer ynienen mei direkte yngong, de ein fan syn karriêre oan, mar in pear oeren foardat er fan start gean soe op de super-G yn Bormio.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Wikipedy:DE
  • Wikipedy:EN