Nothing Special   »   [go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

La La Land (film út 2016)

Ut Wikipedy
La La Land
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Damien Chazelle
produsint Fred Berger
Jordan Horowitz
Gary Gilbert
Marc Platt
senario Damien Chazelle
kamerarezjy Linus Sandgren
muzyk Justin Hurwitz
filmstudio Summit Entertainment
Marc Platt Productions
Impostor Pictures
Gilbert Films
distribúsje Lionsgate Films
spilers
haadrollen Ryan Gosling
Emma Stone
byrollen John Legend
Rosemarie DeWitt
Finn Wittrock
Callie Hernandez
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 9 desimber 2016
foarm langspylfilm
sjenre romantyske musicalfilm
taal Ingelsk
spyltiid 128 minuten
budget en resultaten
budget $30 miljoen
opbringst $446,1 miljoen
prizen Oscar
Golden Globe
BAFTA's
Satellite Award
Grammy Award
Saturn Award
Empire Award
SAG Award

La La Land is in Amerikaanske romantyske komeedzjedrama-, musical- en dûnsfilm út 2016 ûnder rezjy fan Damien Chazelle, mei yn 'e haadrollen Ryan Gosling en Emma Stone. De titel is in bekende bynamme fan 'e stêd Los Angeles, mar ek in Ingelsktalich eufemisme foar in mentale steat wêryn't men de dingen net reälistysk ûnder eagen sjocht. It ferhaal giet oer in ferearmoede jazzpianist en in jonge aktrise yn Los Angeles, dy't fereale reitsje en in relaasje krije, mar kieze moatte tusken harren leafde en harren dreamen. La La Land waard yn 2016 foar it earst fertoand op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Feneesje. De film waard tige goed ûntfongen troch de filmkritisy en ûntjoech him ek ta in grut kommersjeel súkses yn 'e bioskopen. Hy wûn in frijwat prizen, mei dêrûnder seis Oscars, sân Golden Globes en fiif BAFTA's. Sa waard La La Land útornearre as winner fan 'e Golden Globe yn 'e kategory Bêste Film – Musical of Komeedzje. De film griep lykwols krekt njonken de Oscar foar Bêste Film.

Wylst se fêstsit yn in file yn Los Angeles, belibbet de jonge Mia Dolan, dy't dreamt fan in karriêre as aktrise, in momint fan ferkearsagresje rjochte tsjin Sebastian Wilder, in ferearmoede jazzpianist. Nei in minne dei op har wurk as servearster rint de audysje dêr't se har hoop op fêstige hie út op in teloarstelling as de casting director har tillefoan oannimt wylst Mia in emosjonele sêne spilet. Dy jûns nimme Mia har hûsgenoates har, om har op te fleurjen, mei nei in wielderich feest yn 'e rike buert Hollywood Hills. Se spegelje har foar dat se mank de withoefolle oanwêzigen grif immen moetsje sil dy't har helpe kin har aktearkarriêre oan 'e gong te krijen. De dei einiget foar har lykwols krekt sa't er begûn is as se nimmen moetet dy't oan dy omskriuwing foldocht, wêrnei't se ûntdekt dat har auto fuortsleept is en se twongen is om op ûnnoflike skuon it hiele ein nei hûs te rinnen.

Underwilens wurket Sebastian dyselde jûns as pianist yn in restaurant, dêr't er troch de eigner warskôge wurdt om inkeld tradisjonele krystlieten te spyljen. Hy kin himsels lykwols net behearskje en begjint dochs mei in jazz-ymprovisaasje. It is dy muzyk dy't Mia heart as se ûnderweis nei hûs by it restaurant lâns komt. Se giet nei binnen ta, dêr't se der tsjûge fan is hoe't Sebastian troch de yrritearre eigner ûntslein wurdt. As er lulk en fernedere de saak ferlit, besiket se him te komplimintearjen wylst er by har lâns skonket, mar hy stegeret har op ûnfatsoenlike wize ôf.

Ferskate moannen letter moetsje se inoar wer op in feest, dêr't Sebastian yn in coverband popmuzyk út 'e 1980-er jierren spilet. Mia nimt wraak troch in nûmer oan te freegjen dat er dúdlik ferfelend fynt om spylje te moatten. Oan 'e ein fan 'e jûn rinne se tegearre werom nei harren auto's, wylst se harren bekleie oer it feit dat sa'n leaflike jûn bedoarn wurdt trochdat se yn inoars selskip ferkeare, ek al springt der dúdlik in fonk tusken harren beiden oer.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Letter siket Sebastian Mia op har wurk op; se is servearster yn in kofjehûs yn it studioklompeks fan Warner Bros. As se skoft hat, liedt se him rûn troch de studio's, wylst se fertelt fan har dream om 'it te meitsjen' yn Hollywood. Sebastian nimt har mei nei in jazzklub en fertelt har oer syn pasje foar jazz-muzyk en syn hope om ea syn eigen jazzklub te iepenjen. Hy nûget Mia út om mei him nei in fertoaning te gean fan 'e âlde film Rebel Without a Cause. Se stimt ta, mar ferjit dêrby dat se op dat tiidstip se al in ôfspraakje mei har frijer Greg hat. As se har lykwols dea ferfeelt mei Greg en syn freonen, naait se út en jout se har dochs noch by Sebastian, krekt foar't de film begjint. Se beëinigje de jûn mei in besyk oan it ferneamde Griffith Observatoarium.

Nei in hiele rige mislearre audysjes beslút Mia, dêrta oanfitere troch Sebastian, om in ienpersoanstoanielstik te skriuwen. Sebastian begjint op geregelde basis yn in jazzklub op te treden, en hy en Mia lûke byinoar yn. Keith, in eardere klasgenoat fan Sebastian, freget him om 'e keyboardspiler yn syn jazz fusion-band te wurden. Dat hat as foardiel dat er in fêst ynkommen hawwe soe en dat it goed betellet, mar de popmuzykeftige styl fan 'e band fynt Sebastian ferskriklik. As er lykwols Mia oan 'e tillefoan mei har mem praten heart, wêrby't se har mem derfan besiket te oertsjûgjen dat Sebastian wol deeglik oan syn karriêre wurket, beslút er Keith syn oanbod oan te nimmen.

De band wurdt al rillegau tige súksesfol, mar Mia hat har twifels oer de hiele brot, mei't se beseft dat dit net de muzyk is dy't Sebastian spylje wol. Hy wiuwt har soargen lykwols fuort. As de band foar it earst op toernee giet, wat betsjut dat Sebastian withoelang fan hûs moat, krije hy en Mia rûzje. Sy beskuldiget him derfan dat er syn dreamen opjûn hat, wylst hy weromslacht troch te sizzen dat se jaloersk is op syn súkses. Op 'e jûn dat Mia har ienpersoansstik yn premiêre giet, is Sebastian dêr net by oanwêzich om't syn band in fotoshoot foar publisiteitsfoto's hat dy't er fergetten wie. De opfiering, foar in frijwol lege seal, rint út op in fiasko as it hantsjefol publyk dat der wol is, der dúdlik neat oan fynt. Sebastian komt pas opdaagjen as Mia, dy't har fernedere fielt, it teäter ferlit om nei hûs ta. Se wegeret him te ferjaan foar it feit dat er har stikke litte hat, sa't sy it sjocht. Se makket it mei him út en ferhuzet werom nei har âldershûs yn Boulder City (Nevada).

In deprimearre Sebastian kriget in pear dagen letter in casting director oan 'e tillefoan, dy't Mia har stik sjoen hat en dy't har op it each hat om audysje te dwaan foar in film. Sebastian, dy't it tillefoannûmer fan har âldelju net hat, mar út har ferhalen wol wit wêr yn Boulder City oft hja wenje, riidt hielendal nei Nevada om it boadskip oer te bringen. Mia fielt der earst neat foar om wer nei Los Angeles ta, mar nei't se der in nacht oer sliept hat, betinkt se har. Op 'e audysje wurdt har ienfâldichwei frege in ferhaal te fertellen; Mia fertelt dan hoe't har muoike, in toanielaktrise dy't stoarn is oan alkoholisme, har ynspirearre hat om har dreamen nei te jeien. Sebastian, dy't der alle fertrouwen yn hat dat de audysje in súkses wurden is, trunet Mia oan om har hielendal op har aktearkarriêre te stoarten. Se bewissigje inoar derfan dat se altyd faninoar hâlde sille, mar se binne ûnwis oft se wol in takomst tegearre hawwe.

Fiif jier letter is Mia ien fan 'e grutste stjerren fan Hollywood, mar is se troud mei in oare man, David, mei wa't se in dochterke hat. Op in jûn, as se ûnderweis nei in galafeest yn in file fêst driigje te reitsjen, beslute se in oare ôfslach te nimmen om in rêstich restaurant te sykjen dêr't se ite kinne. Se komme by in jazzklub lâns, dy't it logo fierd dat Mia ienris foar Sebastian ûntwurpen hie. Mia beseft dat it Sebastian dochs slagge is en iepenje syn eigen saak. Se nimt har man mei nei binnen sûnder him wat oer har redens te fertellen. As Sebastian Mia yn it publyk opmerkt, spilet er inkeld foar har op 'e piano it leafdestema er ienris foar har skreaun hie. Yn in dreamsêne is dan te sjen wat wêze kinnen hie as Sebastian Mia har komplimint dy earste jûns yn it restaurant oannommen hie. Harren relaasje en harren karriêres hiene dan lykop gean kinnen, sadat se noch lang en lokkich libbe hiene. As it muzykstik einiget, stjerre ek de dreambylden wei. Mia wikselet in gâns sizzende blik mei Sebastian út en ferlit de jazzklub mei har man.

Ryan Gosling.
Emma Stone.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise
Sebastian Wilder Ryan Gosling
Mia Dolan Emma Stone


byrollen
personaazje          akteur/aktrise
Keith John Legend
Laura Wilder Rosemarie DeWitt
Greg Finn Wittrock
Tracy Callie Hernandez
Caitlin Sonoya Mizuno
Alexis Jessica Rothe
Bill J.K. Simmons
David Tom Everett Scott
Josh Josh Pence

Produksje en distribúsje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

La La Land wie fan it begjin ôf in projekt fan regisseur Damien Chazelle. Sûnt syn teenerjierren hied er in swak foar musicals, en hy skreau it senario fan La La Land al yn 2010, doe't er gjin inkele hoop hie om it ea te ferfilmjen. Chazelle wie yn dy tiid in studint oan 'e Universiteit fan Harvard, en in oare studint, syn maat Justin Hurwitz, skreau de muzyk. It idee fan Chazelle wie om 'e âlde filmmusical út 'e 1950-er jierren en earder te nimmen, mar dy in fûnemint te jaan fan it echte libben, dêr't dreamen net altyd útkomme. Hy en Hurwitz makken harren proefskrift oer de musical, dêr't se in lowbudget-produksje fan op 'e planken brochten mei de titel Guy and Madeline on a Park Bench, oer in jazz-muzikant yn Boston.

Nei't se harren stúdzje ôfrûne hiene, ferfearen Chazelle en Hurwitz allebeide nei Los Angeles. Chazelle gie troch mei it wurkjen oan syn musicalskript, wêryn't er Boston ferfong troch syn nije wenplak en ek inkele oare oanpassings makke. Hy krige it idee om mei de musical ek in salút te bringen oan kreätivelingen dy't nei Los Angeles ta ferfarre om harren dreamen te folgjen. Ynspirearre troch klassike musicalfilms as Manhattan (1921) en Man with a Movie Camera (1929), besleat er ek de stêd sels in gruttere rol yn 'e musical te jaan, mar ynstee dat er besocht de sjarmes fan Parys of San Francisco te belykjen, lei er de fokus op dingen wêrfan't er fûn dat dy Los Angeles fan oare stêden ûnderskaten, lykas it ferkear, de útstrutsenens en de skyline.

Regisseur Damien Chazelle.

It slagge Chazelle lykwols jierrenlang net om syn musical te meitsjen, mei't gjin inkele filmstudio ree wie om in orizjinele hjoeddeistige musical te finansieren dêr't gjin ferskes yn sieten dy't al bekend wiene. Boppedat wie it ek noch in jazz-musical, in subsjenre wêrfan't The Hollywood Reporter skreau dat it "útstoarn" wie. Fia-fia kaam Chazelle yn 'e kunde mei de filmprodusinten Fred Berger en Jordan Horowitz, dy't syn senario by de studio Focus Features yntrodusearren. Der waard in budget fan $1 miljoen foar beskikber steld, mar de studio stelde as betingst dat der feroarings makke wurde moasten yn it skript: de manlike haadpersoan moast feroare wurde fan in jazz-muzikant yn in rockmuzikant; it yngewikkelde iepeningsnûmer moast oanpast wurde, en de bitterswiete ûntknoping moast út it ferhaal knipt wurde. Chazelle gie dêr net mei akkoart. It gefolch wie dat de musical foarearst net makke waard en dat Chazelle mei oare dingen oan 'e gong gie.

Hy skreau in oare musical, Whiplash, dy't makliker te ferkeapjen wie om't it gou as in minder riskante ynvestearring. Doe't dy film nei syn earste fertoaning op it Sundance Filmfestival fan 2014 rûnom mei lof ûntfongen waard troch de filmkritisy, besocht Chazelle op 'e nij om syn earste musicalprojekt, no ûnder de titel La La Land, te ferwêzentlikjen. Doe't Whiplash yn 2015 fiif Oscarnominaasjes yn 'e wacht sleepte (wêrûnder dy foar Bêste Film) en hast $50 miljoen opbrocht tsjin in budget fan $3,3 miljoen, stiene de filmstudio's ynienen foar him yn 'e rige. Begjin dat jiers sleat er in oerienkomst mei Summit Entertainment om 'e film te meitsjen. Oarspronklik wie it de bedoeling dat Miles Teller en Emma Watson de haadrollen fertolkje soene, mar doe't dy net beskikber blieken te wêzen, foel de kar op Ryan Gosling en Emma Stone.

Mei Chazelle sels as regisseur giene de rippetysjes foar La La Land yn maaie 2015 yn in produksjekantoar yn Atwater Village (Los Angeles) fan start. Se duorren trije oant fjouwer moannen, mei't Gosling, dy't noch nea piano spile hie, yn 'e film alle pianospyljen eigenhandich docht. De opnamen setten sadwaande útein op 10 augustus 2015 en giene troch oant mids septimber. Lokaasjes foar de opnamen wiene û.m. de Colorado Street Brêge, de Warner Bros. Studios yn Burbank en it Griffith Observatoarium.

De iepeningssêne mei de file waard opnommen op in ôfsletten diel fan 'e Judge Harry Pregerson Interchange, dy't de carpoolbaan fan 'e I-105 ferbynt mei de ekspresbanen fan 'e I-110, en dy't op pylders 30 m boppe de grûn boud is. De sêne waard oer in perioade fan twa dagen opnommen, mei mear as hûndert dûnsers. Produksje-ûntwerper David Wasco sei letter yn in fraachpetear: "Ik wie deabenaud dat ien derôf falle en deareitsje soe." De steil omheech geande Angels Flight-tram, boud yn 1901, wie sûnt in ûntspoaring yn 2013 ticht. Men hie besocht him te reparearjen en weriepenjen, mar dat wie net slagge, en it seach dernei út dat er sloopt wurde soe. Chazelle krige tastimming om der in dei lang gebrûk fan te meitsjen foar de opnamen fan syn film. Nei it súkses fan La La Land waard de Angels Flight flot reparearre en yn 2017 weriepene foar it publyk.

De Angels Flight-tram.

It orizjinele senario fan Chazelle en de oarspronklike filmmuzyk fan Justin Hurwitz bleaune beholden. De goreografy waard fersoarge troch Mandy Moore, wylst Mary Zophres de kostúms ûntwurp. As produsinten wiene by it projekt behalven Berger en Horowitz ek Gary Gilbert en Marc Platt belutsen, foar de studio's Summit Entertainment, Marc Platt Productions, Impostor Pictures en Gilbert Films. De kamerarezjy waard fierd troch Linus Sandgren. It budget dat foar La La Land beskikber wie, bedroech $30 miljoen.

De filmdistribúsje fan La La Land waard fersoarge troch Lionsgate Films. De film waard foar de earste kear fertoand op 'e iepeningsjûn fan it Ynternasjonaal Filmfestival fan Feneesje, op 31 augustus 2016. Neitiid wie La La Land ek te sjen op it Filmfestival fan Telluride, it Ynternasjonaal Filmfestival fan Toronto, it BFI-Filmfestival fan Londen, it Filmfestival fan Middleburg, it Filmfestival fan Firginia en it AFI Fest fan it Amerikaansk Film Ynstitút.

Oarspronklik soe de film op 15 july 2016 yn 'e Amerikaanske bioskopen iepenje, mar nei wat hinne- en werskowen mei dy datum kaam er úteinlik op 9 desimber fan dat jier út. Ek yn Nederlân (22 desimber) en Austraalje (26 desimber) wie de film yn 2016 noch yn 'e bioskopen te sjen; yn alle oare lannen waard er fan mids jannewaris 2017 ôf útbrocht. Op 11 april 2017 ferskynde La La Land op dvd en blu-ray.

La La Land waard troch de filmkritisy oer it algemien mei bûtengewoan goede resinsjes ûntfongen, wêrby't der benammen lof wie foar it senario, de rezjy, de filmmuzyk en it aktearjen fan en de gemy tusken Ryan Gosling en Emma Stone. Sa joech Peter Travers fan it tydskrift Rolling Stone de film fjouwer fan fjouwer stjerren, wêrby't er benammen de iepeningssêne priizge. Letter rôp er La La Land ek út ta syn favorite film fan it jier.

Yn 'e Chicago Tribune hie Michael Phillips ek lof foar de iepeningssêne, en dêrnjonken teffens fral foar it optreden fan Stone, dat neffens him allinnich al reden genôch wie om 'e film te sjen. Hoewol't er minder te sprekken wie oer it dûnsjen fan Gosling en it middelste diel fan 'e film, parte er La La Land dochs fjouwer fan fjouwer stjerren ta. A.O. Scott fan The New York Times fûn dat de film op ferskate nivo's slagge wie, en omskreau him as "in wurk fan sublime keunstsinnigens en op it moed kommende autentisiteit." Yn The Guardian joech Peter Bradshaw La La Land fiif fan fiif stjerren en neamde it "in sinne-oergetten masterwurk." Ty Burr skreau yn The Boston Globe: "[…] de film lit de bitterswiete lokkigens sjen fan dierbere dingen dy't stadichoan weiwurde, lykas de net-reälisearre takomst dy't foarsteld wurdt yn it klimaktyske dûnsnûmer […]."

La La Land krige wat krityk foar syn behanneling fan ras en jazzmuzyk. Yn 'e krante USA Today skreau Kelly Lawler dat it personaazje fan Gosling oerkomt as in "blanke ferlosser" fanwegen "syn krewearjen (en úteinlike súkses) om in tradisjoneel swarte muzyksjenre fan it útstjerren te rêden, wêrby't hy skynber de iennichste persoan is dy't dat oprêde kin." Itselde sentimint libbe by ferskate oare filmkritisy.

Rex Reed fan 'e New York Observer fûn fierders dat de bedoeling fan La La Land om musicalklassikers nei te bearen "nei kaamferballen rûkt." Ek skreau er: "de film sakket yn 'e midden slim yn, lykas in fersliten matras dat ferlet hat fan nije fearren." Neffens de resinsje yn 'e South China Morning Post wie de film fral "in bytsje saai"; it sjongen en dûnsjen fan 'e beide haadpersoanen waard as midsmjittich beoardiele, wylst it personaazje fan Stone neffens de krante gjin djipgong hie, en dat fan Gosling út en troch gewoan bloedyrritant wie.

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hie La La Land in heech goedkarringspersintaazje fan 91%, basearre op 434 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "La La Land blaast in sjenre út it ferline nij libben yn mei in […] wisse rezjy, sterke aktearprestaasjes en in ûnwjersteanber oerskot oan moed." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle de film in goedkarringspersintaazje fan 93%, basearre op 53 resinsjes.

Komponist Justin Hurwitz, regisseur Damien Chazelle en haadrolspylster Emma Stone yn oktober 2016 op it Filmfestival fan Mill Valley.

Yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada brocht La La Land $151,1 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $295 miljoen. Wrâldwiid komt dat del op in totale opbringst fan $446,1 miljoen. Ofset tsjin it budget fan 'mar' $30 miljoen betsjut dat dat de film in winst makke fan goed $416 miljoen, al moatte dêr de marketingkosten noch fan ôflutsen wurde. It tydskrift Deadline Hollywood berekkene de úteinlike nettowinst fan La La Land op $68,25 miljoen, wêrmei't de film ien fan 'e meast winstjaanden fan 2016 west hawwe soe.

La La Land waard yn 2017 nominearre foar fjirtjin Oscars, wêrûnder dy yn 'e kategoryen bêste film, bêste akteur (Ryan Gosling), bêste orizjinele senario, bêste orizjinele liet (Audition (The Fools Who Dream)), bêste filmmontaazje, bêste lûdsmontaazje, bêste lûdsmixing en bêste kostúmûntwerp. Uteinlik wûn de film mar leafst seis Oscars: foar bêste regisseur (Damien Chazelle), bêste aktrise (Emma Stone), bêste kamerarezjy (Linus Sandgren), bêste orizjinele filmmuzyk (Justin Hurwitz), bêste orizjinele liet (City of Stars fan Hurwitz, Benj Pasek en Justin Paul), en bêste produksje-ûntwerp (David Wasco en Sandy Reynolds-Wasco).

By de útrikkingsseremoanje fan 'e Oscars waard in beruchte flater makke, doe't Faye Dunaway en Warren Beatty, dy't de priis foar bêste film útrikke moasten, in kefert yn 'e hannen drukt krigen mei dêryn net it kaartsje mei de namme fan 'e film dy't wûn hie, mar in duplikaat fan 'e winner fan 'e priis foar bêste aktrise, mei de tekst: "Emma Stone yn La La Land". Dunaway, dy't nei in filmtitel socht, lies oer Stone har namme hinne en kundige oan dat La La Land de priis wûn hie. It wie in hiel o-heden om 'e flater wer rjocht te breidzjen, en in rare ôfdijer foar de makkers fan La La Land, dy't doe al op it poadium stiene en tanktaspraken oan it hâlden wiene. De eigentlike winner fan 'e Oscar foar Bêste Film wie Moonlight.

Oare Amerikaanske prizen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

La La Land waard by de Golden Globes fan 2017 nominearre foar prizen yn sân kategoryen en wûn se allegear. Dêrby gie it om 'e Golden Globe foar Bêste Film – Musical of Komeedzje, en fierders de prizen foar bêste regisseur (Damien Chazelle), bêste akteur yn in musical of komeedzje (Ryan Gosling), bêste aktrise yn in musical of komeedzje (Emma Stone), bêste senario (Chazelle), bêste orizjinele filmmuzyk (Justin Hurwitz) en bêste orizjinele liet (City of Stars).

De film waard yn 2018 ek nominearre foar fjouwer Grammy Awards, de wichtichste Amerikaanske muzykprizen. Dêrfan wûn de film de prizen foar bêste kompilaasjesoundtrack foar fisuële media en bêste filmmuzyksoundtrack foar fisuële media. By de Screen Actors Guild Awards fan 2017 wûn Emma Stone de priis foar bêste haadrol fan in aktrise. La La Land wûn ek de Saturn Awards foar bêste ûnôfhinklike film en bêste filmmuzyk, en de Satellite Awards foar bêste film, bêste orizjinele filmmuzyk, bêste orizjinele liet (City of Stars), en bêste art direction en produksje-ûntwerp.

Fierders wûn La La Land yn desimber 2016 acht Critics' Choice Awards, wêrûnder dy foar bêste film, bêste regisseur en bêste filmmuzyk. Op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Palm Springs wûn de film de Vanguard Award ("avant garde-priis") en op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Santa Barbara waarden Gosling en Stone útroppen ta akteurs fan it jier.

Op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Feneesje waard La La Land yn 2016 nominearre foar de Gouden Liuw. Emma Stone wûn dêr de Volpi Trofee foar bêste aktrise. Op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Toronto, letter dat jiers, wûn de film de publykspriis. Yn it Feriene Keninkryk wûn La La Land yn 2017 fiif BAFTA's: foar bêste film, bêste regisseur (Chazelle), bêste haadrol fan in aktrise (Stone), bêste kamerarezjy (Sandgren) en bêste filmmuzyk (Hurwitz). Ek wûn de film yn 2017 de Britske Empire Award foar bêste soundtrack. La La Land wûn ek twa Australyske AACTA Awards, foar bêste ynternasjonale film en bêste ynternasjonele aktrise (Stone).

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.