Nothing Special   »   [go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Jeropeeske nerts

Ut Wikipedy
Jeropeeske nerts
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse sûchdieren (Mammalia)
skift rôfdieren (Carnivora)
famylje martereftigen (Mustelidae)
skaai lytse marters (Mustela)
soarte
Mustela lutreola
Linnaeus, 1761
IUCN-status: krityk
ferspriedingsgebiet
     lânseigen foarkommen, mar útstoarn
     hjoeddeistige lânseigen ferprieding

De nerts (wittenskiplike namme: Mustela lutreola), om betizing mei de Amerikaanske nerts (Neogale vison) foar te kommen ornaris Jeropeeske nerts neamd, is in sûchdier út it skift fan 'e rôfdieren (Carnivora), de famylje fan 'e martereftigen (Mustelidae), it skaai fan 'e lytse marters (Mustela) en it monotypyske (út ien soarte besteande) ûnderskaai fan 'e Jeropeeske nertsen (Lutreola). De Jeropeeske nerts is in lyts karnivoar nachtdier, dat like thús is yn it wetter as op it drûge. Yn Nederlân komt dit bist net mear foar; it ferspriedingsgebiet is tsjintwurdich beheind ta Frankryk, Spanje en East-Jeropa. De nerts wurdt yn it Frysk ek wol lytse otter of lytse fiskotter neamd, wat in ferrifeljende oantsjutting is, mei't de nerts net ta de otters (Lutra) heart. Dit bist wurdt slim yn syn fuortbestean bedrige. De IUCN klassifisearret de tastân fan 'e Jeropeeske nerts as krityk.

Yn 'e njoggentjinde iuw wie it gebiet dêr't de Jeropeeske nerts libbe noch withoe grut en striek it him út fan noardlik Spanje yn it westen oant de rivier de Ob, yn westlik Sibearje, yn it easten. Ek rûn it fan Archangelsk yn it noarden oant de Kaukasus yn it suden. Yn 'e lêste oardel iuw hawwe in stikmannich faktoaren lykwols gearspand om dat gebiet mei suver 90% te ferlytsjen. It earst stoar de nerts út yn Switserlân, de Benelúks en westlik en súdlik Dútslân. Yn Finlân, Kareelje, Tsjechje, Slowakije, de eardere DDR, Eastenryk en Bulgarije wist er him noch oant healwei de tweintichste iuw te hanthavenjen, en koartby is er ek út Hongarije, Moldaavje en Poalen ferdwûn.

It is dreech om te sizzen hoe grut oft it areaal fan 'e Jeropeeske nerts hjoed de dei noch is, mei't it in skruten bist is dat maklik betize wurdt mei de Amerikaanske nerts (Neogale vison), dy't yn Jeropa rûnom as eksoat libbet. Mar oer it algemien giet men derfan út dat de fersprieding fan 'e Jeropeeske nerts no fierhinne beheind is ta guon kontreien yn sintraal en fral noardlik Ruslân, mei lytsere, isolearre populaasjes ferspraat oer Estlân, Wyt-Ruslân, de Oekraïne en de Donaudelta yn Roemeenje. Sporadysk soed er ek noch foarkomme yn Letlân en Litouwen. Yn West-Jeropa besteane noch isolearre restpopulaasjes yn Spaansk-Baskelân en yn 'e Frânske kriten Gaskonje en Bretanje.

In Jeropeeske nerts.

Tusken 1981 en 1989 waarden der 388 Jeropeeske nertsen útset op twa fan 'e Koerilen, eilannen benoarden Japan yn it Russyske Fiere Easten, dêr't it bist eins in eksoat is. Yn 'e 1990-er jierren die bliken dat ynstee fan him te fermannichfâldigjen de populaasje dêre efterútbuorke wie. In posityf punt is dat de Jeropeeske nerts yn Estlân yn 'e 2010-er jierren mei súkses reyntrodusearre is op it eilân Hiiumaa yn 'e Eastsee, dêr't foartiid al syn konkurrinten ûnmeilydsum útrûge wiene. Der binne plannen om dat proses te werheljen op it folle gruttere eilân Saaremaa.

Uterlike skaaimerken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Jeropeeske nerts hat trochinoar in kop-romplingte dy't by mantsjes 30–44 sm berint, en by wyfkes 25–35 sm. De sturtlingte is 11–18 sm. It gewicht bedraacht 1/2–1,1 kg foar wat de mantsjes oanbelanget en 400–800 g foar de wyfkes. Dêrmei is de Jeropeeske nerts in bytsje lytser en gnobsker boud as de murd (Mustela putorius) en ek justjes lytser as de Amerikaanske nerts (Neogale vison). Jeropeeske nertsen hawwe in brune oant dûnkerbrune pels, mei griisbrún ûnderhier. De noas is swart, mar de snút ûnder de noas is wyt. Dat is in skaaimerk wêroan't de Jeropeeske nerts it maklikst fan 'e Amerikaanske nerts ûnderskaat wurde kin. Fral eksimplaren fan 'e eastlike ûndersoarten hawwe gauris ien of mear wite plakjes op it boarst of yn 'e nekke. Jeropeeske nertsen toane har oanpassing oan it libben yn it wetter trochdat se swimfluezzen hawwe oant healwei de romte tusken de teannen.

It snútsje fan in Jeropeeske nerts yn it strie. Mei syn wite snút ûnderskiedt dit bist him fan 'e sterk op him lykjende Amerikaanske nerts (Neogale vison).

Jeropeeske nertsen hâlde har benammen op yn wâldrike kontreien mei genôch beskûl, dêr't se by de iggen fan rêstich fuortskolferjende beken en rivieren lâns libje. Fierders komme se ek wol foar yn kustgebieten, somplân en reidfjilden.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Kwa libbenswize hat de Jeropeeske nerts in protte wei fan 'e otter (Lutra lutra), mei't er krekt as dy fiere sibbe in semy-akwatysk bestean liedt en like thús is yn it wetter as op 'e wâl. De nerts hat in territoarium fan rûchwei 15–20 ha, dat yn in útrutsen line by in beek of rivier lâns rint. Syn hoalen graaft er ornaris yn 'e wâl, gauris ferskûle ûnder beamwoartels. Ek set er him wol nei wenjen yn hoalen dy't groeven binne troch de súdlike wetterrôt (Arvicola sapidus) of de muskusrôt (Ondatra zibethicus). Njonken streuptochten yn 'e neie omkriten fan syn hoale ûndernimt de Jeropeeske nerts soms ek langere reizen troch de omlizzende gebieten, fral as by swiere froast syn beek of rivier tichtfriest.

De nerts is in nachtdier dat oerdeis net in soad op 'en paad is. Krekt as oare martereftigen, lykas de murd (Mustela putorius), hat er anaalklieren dêr't er in tige stjonkende floeistof út spuitsje kin as er benaud of lulk is. De peartiid falt foar dit bist fan jannewaris oant en mei april. Nei in draachtiid fan 5–10 wiken smyt it wyfke 2–7, mar ornaris 5–6 jongen, dy't by de berte blyn binne en 61/2 g weagje. Mei 30–31 dagen geane de eachjes iepen en mei 2–21/2 moanne wurde se ôfwûn. Mei 70–85 dagen, oftewol tsjin 'e ein fan 'e simmer, binne se selsstannich en geane se by de mem wei. De libbensferwachting fan 'e Jeropeeske nerts bedraacht maksimaal 12 jier, mar dat helje se yn it wyld mar komselden.

In Jeropeeske nerts sjocht ris om him hinne.

De Jeropeeske nerts siket syn kostje byinoar yn beken en rivieren en oan 'e iggen fan sokke oerflaktewetters. Syn dieet bestiet dan ek foar in grut part út fisken, kreeften, kikkerts, salamanders, slakken, ynsekten en fûgelaaien. Ek lytse sûchdieren as wrotmûzen en jonge muskusrotten steane soms op it menu. Der binne dokumintearre gefallen fan Jeropeeske nertsen dy't fisken fan wol 1–1,2 kg fongen, wat like grut oant grutter is as sysels binne.

Natuerlike fijannen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Natuerlike fijannen fan 'e Jeropeeske nerts binne de gruttere rôffûgels en ûlen, de foks (Vulpes vulpes), de murd (Mustela putorius) en, wat de jongen oanbelanget, wierskynlik ek de brune rôt (Rattus norvegicus).

De Jeropeeske nerts hat de IUCN-status fan "krityk bedrige" en it hat wol kâns dat er der fan alle sûchdieresoarten yn Jeropa it minst foar stiet. Hy is yn it neigean rekke troch in kombinaasje fan faktoaren, lykas oerbejaging, it drûchlizzen fan moerassen en oar wietlân dêr't er fan ôfhinklik is, it minder foarkommen fan rivierkreeften yn noardlik Jeropa troch in sykte, en ferkringing út syn habitat troch de Amerikaanske nerts (Neogale vison) nei't dy yn 'e 1920-er en 1930-er jierren as eksoat yn Jeropa yntrodusearre wie troch ûntsnappings út pelsdierfokkerijen. De Amerikaanske nerts is in frijwat robúster bist dat folle minder ôfhinklik is fan wetter en dochs deselde biologyske nys ynnimt as de Jeropeeske nerts. Hjoed de dei hat de Jeropeeske nerts boppedat slim te lijen fan wetterfersmoarging.

Der binne 7 (stân fan saken yn 2005) erkende ûndersoarten fan 'e Jeropeeske nerts (Mustela lutreola):

  • de Frânske nerts (M. l. biedermanni)
  • de Karpatyske nerts (M. l. transsylvanica)
  • de Kaukazyske nerts (M. l. turovi)
  • de Middenjeropeeske nerts (M. l. cylipena)
  • de Middenrussyske nerts (M. l. novikovi)
  • de noardlike nerts (M. l. lutreola)
  • M. l. binominata

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Boersma, Johannes, It Wylde Dierte, Ljouwert, 1984 (Fryske Akademy), ISBN 9 06 17 16 365, s. 26.
  • Lange, Rogier; Twisk, Peter; Winden, Alphons van; Diepenbeek, Annelies van, Zoogdieren van West-Europa, Utert, 2003 (St. Uitgeverij van de Koninklijke Nederlandse Natuurhistorische Vereniging en de Vereniging voor Zoogdierkunde en Zoogdierbeschrijving i.s.m. de Vereniging Natuurmonumenten), ISBN 9 05 01 10 770, s. 168-169.

Foar oare boarnen en fierdere literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.