Jakob (aartsfaar)
Jakob (Hebriuwsk: יַעֲקֹב; Ja‘ǎqov, Jaäkov) is de tredde aartsheit fan de Israeliten en krige letter de namme Israel. Hy wie de tredde foarfaar dêr't God in ferbûn mei sleat. Neffens bibelgelearden moat Jakob tusken om en de by 2000 foar Kristus libbe ha.
Jakob wie de soan fan Izaäk en Rebekka, de pakesizzer fan Abraham en Sara en de jongere broer fan Ezau.
It bibelsk ferhaal
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Berte fan Jakob
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei in lange perioade fan ûnfruchtberens rekke Rebekka, de mem fan Jakob, swier fan in twilling. Al tidens it swier wêzen stompten de twa bern yn har skurte inoar. Rebekka frege har ôf wêrom't hja sa wie en hja krige fan God de útlis dat har skurte twa folken bringe soe en dat de iene naasje boppe de oare kaam te stean.
Tidens de befalling kaam earst Ezau. Fuortendaliks dêrnei kaam Jakob, dy't mei syn hantsje de hakke fan Ezau fêst hold.
De twa jongens wiene folslein ferskillend. Ezau siet rûch yn it hier en waard in echte fjildman. Jakob dêrfoar oer bleau it leafst thús. De heit holde it meast fan Ezau, wylst de mem in foarkar hie foar Jakob.[1]
Jakob en Ezau
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ienris doe't Ezau werom kaam fan de jacht wie Jakob thús oan it iten sieren. Ezau wie roppich yn 't liif en hy frege oft hy wat fan it iten krije koe. Jakob andere dat hy him iten jaan woe, mar dat Ezau dan it rjocht fan de âldste jaan moast. De réaksje fan Ezau wie ûnferskillich: wat koe him no it rjocht fan de âldste no skille wylst hy sa'n honger hie. En sa ferkocht Ezau it rjocht fan de âldste foar in board iten en Jakob liet syn broer der noch by swarre ek.[2]
Nei't hy Ezau it rjocht fan de âldste ôfhandich makke hie, wist Jakob letter ek nochris mei help fan syn mem op in slûchslimme wize Izaäk's segen foar Ezau te ûntfytmanjen. Ezau wie sa lulk, dat Jakob op oantrunen fan syn mem flechtsje moast nei Charam, dêr't syn omke Laban wenne.[3]
Jakob's dream
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Underweis nei Charam krige Jakob in dream. Hy seach in ljedder mei ingelen dy't oant de himel rikte. Ek seach Jakob de Heare dy't sei:
Ik bin de Heare, de God fan dyn foarfaar Abraham en de God fan Izaäk. It lân dêrst op leist te sliepen sil ik oan dy en dyn neiteam jaan. Dyn neiteam sil sa grut wêze as it stof op de ierde en dû silst dy útwreidzje nei it westen, it easten, it noarden en it suden en yn dy en dyn neiteam sille alle famyljes fan de ierdboaiiem segene wurde. Ik bin by dy en sil dy bewarje, oeral dêrst hinne giest, en Ik sil dy nei dizze grûn werombringe. Ik sil dy net ferjitte oant Ik dien ha, wat ik dy ûnthjitten ha.
Doe't Jakob wekker waard sette hy de stien dêr't er mei de holle op sliept hie rjochtop en wijde dy troch der oalje oer te jitten. It plak joech er de namme Bet-El.[4]
Jakob by Laban
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Underweis nei syn omke Laban learde Jakob syn kreaze nicht Rachel, de dochter fan syn omke Laban, kennen en hy rekke fereale op har. No woe Jakob graach foar syn omke wurkje, mar syn omke fûn dat soks net om 'e nocht hoegde. En dêrom frege Jakob om de hân fan Rachel yn ruil foar sân jier wurkjen by Laban. Mar doe't it safier wie en Jakob oan it trouwen ta wie en der in grut feest organisearre waard, brocht Laban nei it feest Jakob syn âldere en net sa kreaze dochter Léa. Doe't it de oare deis ljocht waard, ûntdiek Jakob dat hy net mei Rachel, mar mei Léa slept hie. Jakob helle ferhaal by Laban, mar krige it antwurd dat it wenst wie earst de âldste en dan pas de jongste te jaan en dat hy foar Rachel ek nochris sân jier wurkje moast.[5]
Jakob stie goed yn 't wurk en troch him waard syn omke Laban in ryk man. En Jakob wist mei in tûke ôfspraak mei syn skoanheit sels ek tige ryk te wurden. Nei't Jakob likernôch tweintich jier by Laban tsjinne hie, woe hy werom nei it lân dêr't er wei kaam. Om't hy fierder gjin spul mei syn skoanheit woe, pakte Jakob temûk op en gyng mei syn froulju, byfroulju en al syn bern en besittings op reis werom nei Kanaän. Pas trije dagen letter kaam Laban it te witten dat se sûnder ôfskie fuort gien wiene en dat se ek noch ris de tearafim, syn ôfgodsbyldsjes, stellen hiene. Laban besleat om mei syn mannen Jakob efternei te sitten, helle de karavaan nei sân dagen yn en easke om ferantwurding. Jakob sei syn skoanheit dat hja stikem fuortgien wiene om't hy bang wie dat Laban de froulju oars net gean litte woe. Fan de byldsjes dy't stellen wiene wist Jakob neat, want dat hie Rachel dien. Dat Jakob joech Laban en syn mannen tastimming om alles nei te sjen, mar hja koene de byldsjes net fine om't Rachel der boppe siet en sei net oerein komme te kinnen om't hja lêst hie fan de "frouljuskwaal". It rûn allegear mei in skamper ôf en Laban stelde út om in ferbûn mei Jakob te sletten en hja makken lykas wenst in stienbult en Jakob neamde dat plak Gal-Ed. De oare moarn naam Laban ôfskie en gyng nei hûs.[6]
Jakob werom yn Kanaän
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Doe't Jakob Kanaän nadere stjoerde hy boadkippers nei syn broer Ezau. Dy kamen werom mei it boadskip dat Ezau Jakob yn 'e mjitte komme woe mei 400 man. Dêr skrok Jakob tige fan, want hy tocht dat Ezau wraak nimme woe en dêrom liet hy de karavaan splitse sadat der altiten in groep oerbleau as Ezau ien fan beide groepen ferslaan soe. Ek liet hy keppels fee gearstalle, dy't mei feinten foar Jakob op gean moasten en as geskink foar Ezau tsjinje moasten om Ezau geunstich te stimmen.
Yn de nacht foar't Jakob Ezau moetsje soe, wraksele Jakob oerenlang mei in man. Doe't it oan it lemieren ta wie woe de man ophâlde, mar Jakob woe de man allinnich gean litte as hy de segen krige. Fan de man krige Jakob de namme Israel, want hy hie striden mei God en de minsken en hy koe se oan. Dit wie de lêste kear dat in minske lichaamlik kontakt mei God hie. De oare deis seach Jakob syn broer Ezau sûnt lange tiid wer en oars as Jakob tocht hie wie Ezau him geunstich stimd.[7]
Jakob's neiteam
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jakob krige tolve soannen. De soannen by Léa wiene: Ruben, Simeön, Levy, Juda, Issaskar en Sebûlon. Mei Rachel krige Jakob de soannen Joazef en Benjamin. Bilha, de slavinne fan Rachel, joech Jakob de soannen Dan en Naftaly en Silpa, Léa's slavinne, joech Jakob Gad en Azer.[8]
Ek hie Jakob mei Léa in dochter mei de namme Dina. Nei't syn dochter Dina ferkrêfte waard troch de soan fan de pleatslike foarst en de broers fan Dina op in ferskriklike wize wraak namen, moast Jakob nei Bet-El ferhûzje. Dêr, op it plak dêr't Jakob earder de dream krige oer de ljedder nei de himel, kreaze hy it alter wer foar God wer op. Doe't Benjamin, de jongste soan fan Jakob en Rachel, berne waard, stoar Rachel tidens de befalling. Efkes letter stoar ek syn heit Izaäk, dy't Jakob mei Ezau begroef.
No hie Jakob in soad soannen, mar Joazef, de âldste soan fan Rachel, waard it meast bedoarn troch Jakob. Dat soarge foar oergeunst by de oare soannen en doe't Joazef ek nochris dreamde dat der in tiid komme soe dat hy boppe syn bruorren kaam te stean wie de maat by har fol. Hja woene fan Joazef ôf en by in goede gelegenheid ferkochten hja Joazef as slaaf nei Egypte. Tsjin Jakob diene hja mei help fan in bebloed kleed foarkommen dat Joazef troch in wyld beest wie opfretten. Dat brocht Jakob yn in djippe rou. Jierren letter, doe't der in grutte hongersneed yn it lân hearske en Jakob syn soannen nei Egypte stjoerde om't dêr noch iten te keap wie, die bliken dat Joazef him dêr fan slaaf opwurke hie ta ûnderkening. De soannen kamen by de ûnderkening en Joazef herkende har as syn bruorren. Hja waarden werom stjoerd mei iten, mar ek mei de opdracht om syn heit en famylje op te heljen. Sa ferhûze Jakob nei it lân Gosjen, dêr't hy him nei wenjen sette.[9]
Foar syn dea rôp Jakob Joazef by him en sei dat hy Joazef's soannen, Efraïm en Manasse, as eigen soannen seach:
- No dan, dyn beide soannen dystû yn Egypte krige hast ear't ik by dy yn Egypte kaam, dy binne mines. Efraïm en Manasse like goed as Ruben en Simeön, hja binne mines. Mar it neiteam dast nei harren krige hast, sil dines wêze. Hja sille mei de namme fan harren bruorren neamd wurde yn dy har erfdiel.
Doe't Jakob de twa jonges segene, joech er de jongere Efraïm de segen fan de âldste. Dêr wie Joazef it net mei iens, mar Jakob joech dochs de segen foar de âldste oan de jongste en sa sette er Efraïm boppe Manasse.[10]
De dea fan Jakob
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei't Jakob ek syn eigen soannen segene hie, joech Jakob de geast. Joazef liet syn heit balsemje en yn Egypte waard in rouperioade fan santich dagen ôfkundige. Nei de rouperioade gyng Joazef mei alle tsjinstfeinten fan de farao, de âldsten fan syn hûs, alle âldsten fan Egypte, it hiele hûs fan Joazef, syn bruorren, it hûs fan syn heit en noch mear folk nei it lân Kanaän om dêr Jakob yn it famyljegrêf by te setten yn it grêf dêr't ek Abraham en Sara, Izaäk en Rebekka en Léa begroeven wiene. Oan de oare kant fan de Jordaan waard in sân dagen lange routsjinst holden. Doe't de Kanaäniten it roubeklach seagen, seine hja: Dit is in swiere rou fan de Egyptners en hja joegen it plak de namme Abel-Misraïm, dat Egyptyske rou betsjut.[11]
Jakob yn de islaam
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jakob is yn de islaam in profeet en wurdt yn de Koran Yaʿqūb (يعقوب; Jakoeb) neamd.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|