Nothing Special   »   [go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

John F. Finerty

Ut Wikipedy
John F. Finerty
politikus
echte namme John Frederick Finerty
nasjonaliteit Britsk
Amerikaansk
bertedatum 10 septimber 1846
berteplak Galway (Ierlân)
stjerdatum 10 juny 1908
stjerplak Chicago (Illinois)
etnisiteit Iersk
partij ûnôfhinklik
lid fan it Amerikaanske Hûs fan Offurdigen
amtsperioade 18831885

John F. Finerty (folút: John Frederick Finerty; Galway (Ierlân), 10 septimber 1846Chicago (Illinois), 10 juny 1908) wie in Iersk-Amerikaansk militêr, sjoernalist, útjouwer, politikus, skiedkundige, publisist en bestjoerder. Hy siet ien termyn yn it Amerikaanske Hûs fan Offurdigen, mar waard bekender troch syn sjoernalistike karriêre ûnder de oarloggen tsjin 'e Yndianen, en troch syn ferskate skiedkundige wurken.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Finerty waard yn 1846 berne yn it Ierske Galway, dêr't er in oplieding yn it heger ûnderwiis folge. Yn 1864 emigrearre er as jongfeint fan achttjin jier nei de Feriene Steaten, dêr't doe de Amerikaanske Boargeroarloch geande wie. Hy naam tsjinst yn it Noardlike Leger en tsjinne it lêste jier fan 'e oarloch by it 99e Frijwilligersrezjimint fan New York. Neitiid waard er sjoernalist.

Under ferskaten fan 'e oarloggen tsjin 'e Yndianen wie Finerty aktyf as korrespondint foar de krante de Chicago Times, wêrby't er mei it Amerikaanske Leger op fjildtocht gie. Sa wied er ûnder de Grutte Sû-Oarloch fan 1876, tsjin 'e Lakota, de Noardlike Sjajinnen en de Noardlike Arapaho, û.m. oanwêzich by de Slach oan de Rosebud, de Hynstefleismars en de Slach by Slim Buttes. Letter died er ek ferslach fan in diel fan 'e Jût-Oarloggen, tsjin 'e Jût (Ute), en fan it begjin fan 'e Oarloch fan Geronimo (1881-1886), dy't ta de Apache-Oarloggen hearde.

Oanslutend wie Finerty ûnder it 46e Kongres (1879-1881) korrespondint yn 'e Amerikaanske haadstêd Washington, D.C. Yn 1882 rjochte er yn Chicago in eigen krante op, mei as namme Citizen ("Boarger"). Datselde jiers noch waard er as in Unôfhinklik Demokraat keazen yn it Amerikaanske Hûs fan Offurdigen, dêr't er fan 1883 oant 1885 in sit hie. Letter tsjinne er yn Chicago fan 1906 oant 1908 as haad fan 'e kommisje foar stedferbettering.

Nei't er syn politike karriêre beëinige hie, lei Finerty him ta op it skriuwen fan skiedkundige wurken. De bekendste dêrfan wiene War-path and Bivouac: The Conquest of the Sioux ("Oarlochspaad en Bivak: De Oerwinning op 'e "), út 1890, en Ireland: The People's History of Ireland ("Ierlân: De Folksskiednis fan Ierlân"), út 1904. Benammen War-path and Bivouac wurdt as in klassyk ferslach fan 'e Grutte Sû-Oarloch fan 1876 beskôge.

Finerty stoar yn 1908 yn syn wenplak Chicago, yn 'e âldens fan 61 jier. Hy waard begroeven op it Calvary Cemetery.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.