Nothing Special   »   [go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Ilja Repin

Ut Wikipedy
Selsportret, 1878
Repin's datsja Zdrawneva, Wyt-Ruslân.
'Penati - Troch Repin sels ûntwurpen en boud hûs
Wolgaslepers

Ilja Jefimovitsj Repin (Russysk: Илья Ефимович Репин, Oekraynsk: Ілля Юхимович Рєпін) (Tsjûhûjiv (Russysk Ryk, no de Oekraïne), 5 augustus 1844/24 july - Kuokkala (Finlân, no Repino, Ruslân), 29 septimber 1930) wie in Russysk keunstskilder en byldhouwer. Hy wurdt beskôge as de wichtichste fertsjintwurdiger fan de De Swalkers (Peredvizjniki), in Russyske keunstnersgroep dy't ta it Realisme rekkene wurdt. Syn realistyske wurk lit faak grutte psychologyske djipte sjen, ek binne de sosjale spannings fan syn tiid werom te finen op syn doeken. Fan 1920 ôf kriget er in soad omtinken yn de Sowjetuny en tsien jier letter ûntstiet der in soarte fan Repinkultus en wurdt er sosjaal-kritysk en foarútstribjend fûn en in foarbyld fan de 'Sosjaal-realistyske' keunstners yn de USSR.

Repin waard berne yn Tsjûhûjiv, in doarpke by Charkov yn de Oekraïne. Syn âlden wiene beide Russysk. Hy krige les fan de ikoaneskilder Bunakov yn Charkov dy't him de begjinsels fan it portretskilderjen bybrocht. Yn 1866 waard er talitten op de Akademy yn Sint Petersburch. Repin waard yn 1870 yn ien klap ferneamd mei it sosjaal-krityske skilderij 'Boatlûkers oan de Wolga' (Russysk: Бурлаки на Волге, Boerlaki na Volge) dat yn 1873 yn Wenen útstald waard. (it is no te finen yn it Russysk Museum te Sint-Petersburch). Repin krige in beurs en arbeide fan 1873 oant 1876 yn Parys en Itaalje. De ynfloed fan de Frânske ympresjonisten is werom te finen yn it kleurgebrûk, ljocht-en-skaad-behanneling yn de lettere skilderijen fan Repin. Sels waard er nea ympresjonist; syn styl hat mear fan dy fan de âlde 17e iuwske Jeropeeske masters.

Fan 1893 oant 1907 wie Repin heechlearaar yn de histoarjeskilderkeunst oan de Akademy te Sint Petersburch. Yn 1918 waard er Finsk steatsboarger, omdat it plak oan de Finske Golf dêr't er in bûtenpleats hie by Finlân kaam. Op dat lânguod boude er sels syn hûs en atelier, dat Penati neamd wie (nei it Latynske penates dat beskermgoaden betsjut). It hûs wie sa boud dat der de hiele dei troch in goede ljochtynfal wie. Repin stoar dêr 29 septimber 1930. It plak waard ûnder it Sowjetbewâld nei him neamd: Repino.

Neist kommintaren op sosjale barrens (û.m. de Religieuske Prosesje yn Kursk Gubernia, 1883) skildere er histoarjeskilderingen. It skilderij 'Ivan de Ferschriklike by it lyk fan syn soan' út 1885 waard foar it earst útstald yn de Salon yn Parys. Utsûnderlik goed binne Repin syn portretten fan keunstners en wittenskippers, ûnder oaren fan syn freonen, Modest Moessorgski (1881) en Lev Tolstoj (1887) (allebeide yn de Tretjakovgalery te Moskou).

Ien fan Repin syn yngewikkeldste skilderijen, 'Antwurd fan de Zaporozjyske Kozakken oan Sultan Mehmed IV fan it Ottomaanske Keizerryk', hat er jierrenlang mei dwaande west. It wie yn earsten opset as in stúdzje yn laitsjen, mar fûn der letter de idealen fan frijheid, gelikens en bruorskip yn werom; yn koarten Kozaakske republikeinske wearden. Hy sette der mei útein yn it lêst oan fan de jierren 1870, en it wie klear yn 1891, wêrnei't de tsaar it fuortendaliks kocht, iroanysk genôch. Hy lei er 35,000 roebel foar del, in ûnbidich bedrach oan jild foar dy tiid.

Yn 190 krige Repin de opdracht fan it Russysk regear om de seremoniële gearkomst fan de Steatsried fan it Keizerlik Ruslân te skilderjen; syn meast grandioaze komposysje, in doek fan 400x877 sm.

Repins wurk waard, no krekt troch it sosjaal-kritysk karakter, troch de Sowjetautoriteiten bestimpele ta foarbyld fan de Sowjetkeunst, it saneamde Sosjalistysk Realisme. Oarsoartich wurk wie net tastien. Dêrom wie der ek striderij oer syn wurk in de Sowjet-Uny; oan de iene kant waard er as grutte (faaks grutste) keunstskilder fereare, oan de oare kant hie men in ôfgriis fan de ferplichting fan de Kommunistyske Partij om te skilderjen sa as Repin.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]