Nothing Special   »   [go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Ienlingsbern

Ut Wikipedy

In ienlingsbern, iennichst bern of iennich bern is in persoan dy't gjin bruorren of susters hat, oft dy no biologysk binne of adoptearre. Besibbe begripen binne ienlingssoan en ienlingsdochter, mar sokken kinne noch wol susters, resp. bruorren hawwe, mei't yn dat gefal it prefiks "ienling-" inkeld slacht op 'e oantsjutting fan 'e sekse yn it twadde diel fan it wurd. Yn in gesin mei mear as ien bern kin it âldste bern as ienlingsbern beskôge wurde oant syn of har jongere broer/bruorren of suster(s) berne wurde, mar ornaris wurdt de beneaming 'ienlingsbern' allinnich mar brûkt foar persoanen dy't nea in broer of suster hân hawwe.

Yn fierwei it grutste part fan 'e skiednis fan 'e minskheid wiene ienlingsbern ûngewoan. As men in gesin stifte, hie men òf in stikmannich bern, òf men hie alhielendal gjin bern (meastal om't ien fan beide âlden ûnfruchtber wie). Pas doe't yn 'e tweintichste iuw troch tanimmende wolfeart de bertesifers sterk omleech giene, waard it hawwen fan mar ien bern yn 'e Westerske wrâld ridlik gewoan. Fan 1979 oant 2015 hie de Folksrepublyk Sina in offisjeel ienbernbelied wêrby't âlden yn 'e measte gefallen mar ien bern hawwe mochten, mei as doel om 'e befolkingsgroei ôf te remjen.

Aldelju kinne derfoar kieze om mar ien bern te nimmen om't se dêr om persoanlike redens de foarkar oan jouwe, fanwegen redens fan gesinsplanning, út finansjele omtinkens, om't de sûnens fan 'e mem yn gefaar brocht wurdt troch swierwêzen of befalling, om't der swierrichheden yn 'e relasjonele sfear ûntstien binne of om't men skieden is, fanwegen edukative foardielen, fanwegen in let houlik, fanwegen ûnfruchtberens of fermindere fruchtberens, fanwegen brekme oan tiid of enerzjy, of om't ien fan beide âlden siik of stoarn is.

Men wol wol hawwe dat ienlingsbern mear bedoarn wurde as bern mei bruorren en susters. Ek wurdt wol beweard dat ienlingsbern, om't se mear tiid mei folwoeksenen trochbringe, foarliker binne op skoalle, en har faker iensum fiele. Soms kompinsearje se dy iensumens troch har mear op harsels te rjochtsjen of troch in riker fantasijlibben te ûntwikkeljen dat it bestean fan betochte freontsjes omfiemje kin. Ek bern fan wa't de iennichste bruorren en/of susters folle âlder binne as sysels sizze har soms krekt in ienlingsbern te fielen. Eat dat ienlingsbern foar hawwe boppe bern mei bruorren en susters, is dat se net te krijen hawwe mei rivaliteit tusken bruorren en susters.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

Besibskip
earstegraads besibskip
âlden (heit • mem) | bern (soan • dochter) | sibling (broer • suster)
twaddegraads besibskip
pake en beppe (pake • beppe) | pake- en beppesizzer | omke | muoike | omke- en muoikesizzer | healsibling (healbroer • healsuster)
treddegraads besibskip
oerpake en -beppe (oerpake • oerbeppe) | oerpake- en -beppesizzer | âldomke | âldmuoike | âldomke- en -muoikesizzer | neef | nicht | healomke | healmuoike
fjirdegraads besibskip
betoerpake en -beppe (betoerpake • betoerbeppe) | betoerpake- en -beppesizzer | oerâldomke | oerâldmuoike | oerâldomke- en -muoikesizzer | efterneef | efternicht
skoanfamylje (gjin biologyske besibskip)
oarehelte (man • frou) | skoanâlden (skoanheit • skoanmem) | sweager | skoansuster | skoanbern (skoansoan • skoandochter) | oantroude omke | oantroude muoike
styffamylje (gjin biologyske besibskip)
styfâlder (styfheit • styfmem) | styfbern (styfsoan • styfdochter) | styfsibling (styfbroer • styfsuster) | styfpake | styfbeppe | styfpakesizzer | styfbeppesizzer | styfomke | styfmuoike | styfomkesizzer | styfmuoikesizzer
oar
adopsje | allinnichsteande âlder | bloedsibskip | famylje | foarâlden | foarbern (foarsoan • foardochter) | generaasje | gesin | húshâlding | ienlingsbern | neiteam | oansibskip | oerwûn bern | ôfstamming | pleechgesin | probandus | list fan beneamings foar generaasjes