I Have a Dream (liet)
Appearance
I Have a Dream | ||
algemiene ynformaasje | ||
B-kant | Take a Chance on Me (live) | |
artyst | ABBA | |
album | Voulez-Vous | |
taal | Ingelsk, Spaansk | |
sjenre | Pop | |
útbrocht | 7 desimber 1979 | |
opnommen | Polar Studios, 15 maart 1979 | |
doer | 4:45 | |
label | Polar Music | |
skriuwer | Benny Andersson, Björn Ulvaeus | |
produsint | Benny Andersson, Björn Ulvaeus | |
resultaten | ||
hitlisten | Kent Music Report - 64, Ö3 Austria Top 40 - 1, Ultratop 50 - 1, RPM Adult Contemporary - 1, IRMA - 2, Top 40 - 1, Single Top 100 - 1, Springbok Radio - 3, Schweizer Hitparade - 1, UK Singles - 2 | |
sertifisearre | Grut-Brittanje Goud, Nederlân Goud | |
tal covers | 10 |
I Have a Dream is in nûmer dat oarspronklik opnaam is troch ABBA op 15 maart 1979 yn de Polar Studios yn Stockholm en útbrocht op it album Voulez-Vous út 1979. I Have a Dream wie it tredde nûmer op it album en waard op 7 desimber 1979 útbrocht as fiifde en lêste single fan it album.
Oer it nûmer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]I Have a Dream waard skreaun troch Benny Andersson en Björn Ulvaeus. Der waard ek in Spaanske ferzje makke, Estoy Soñando. By dizze ferzje waard, yn tsjinstelling ta de Ingelske ferzje, in fideoclip makke. Dy clip waard op deselde dei sketten as de klip foar Gimme! Gimme! Gimme!.
Muzikanten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Agnetha Fältskog – Sang
- Anni-Frid Lyngstad – Sang
- Björn Ulvaeus – Sang & Gitaar
- Benny Andersson – Sang & Toetsen