Nothing Special   »   [go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Hindrik ten Hoeve

Ut Wikipedy
Dizze side giet oer de FNP-politikus en OSF-senator. Foar it Ljouwerter PvdA-riedslid, sjoch: Hendrik ten Hoeve.

Hindrik (Henk) ten Hoeve (It Hearrenfean, 15 septimber 1946) is in Frysk politikus.

Hy wie fan 2003 oant 2011 en fan 2015 oant 2019 lid fan de Earste Keamer fan de Steaten-Generaal út namme fan de Unôfhinklike Senaatsfraksje (OSF).

Ten Hoeve wie fan 1988 oant 2008 lid fan de Sintrale Direksje fan it Dockingacollege yn Dokkum. Earder wie hy ûnder mear learaar ekonomy en konrektor oan de Kristlike Skoallemienskip Oostergo yn Dokkum. Ten Hoeve wie fan 1976 oant 1980 foarsitter fan de Fryske Nasjonale Partij en fan 1980 oant 1988 lid fan de Provinsjale Steaten fan Fryslân.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]