Nothing Special   »   [go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Hilmahústermole

Ut Wikipedy
Hilmahústermûne
mûne / mole
lokaasje
provinsje Grinslân
gemeente Westerkertier
plak Fisfliet
adres Oude Dijk 4
koördinaten 53°15'N 6°14'E
bysûnderheden
type mûne muonts
flecht 17,5 m
boujier 1868
oare ynformaasje
eigner Grinslânske Poldermûnen
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 18800 [1]
Webside
degroningerpoldermolens.nl
Kaart
Hilmahústermole (Grinslân)
Hilmahústermole

De Hilmahústermûne is in poldermûne súdlik fan it doarp Fisfliet yn 'e provinsje Grinslân, fuort oan 'e Fryske grins. Eigner fan 'e mûne is De Stifting Grinslânske Poldermûnen.

De mûne waard yn 1868 boud en stiet oan 'e noardlike kant fan it spoar fan Ljouwert nei Grins en oan 'e rjochter kant fan 'e Lauwers.

De mûne wurke noch in set ferlyn as gemaal. Nei't de diselmotor út de mûne helle waard, mealt de mûne allinne noch op frijwillige basis. In echte funksje hat de mûne net mear, it wetter wurdt allinne wat ompompt.

De wjukken hawwe lykas in soad oare Grinslânske mûnen selsswichting. Sûnt 2015 hat de mûne elektrisiteit.[2]

Yn 2018 waard it 150-jierrich jubileum fan 'e mûne fierd.[3]

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: