Nothing Special   »   [go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Henriette de Beaufort

Ut Wikipedy
Henriette de Beaufort
skriuwer
persoanlike bysûnderheden
oar pseudonym H. Laman Trip-de Beaufort, Henriëtte L.T. de Beaufort.
echte namme Agathe Henriette Maria de Beaufort
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 13 oktober 1890
berteplak Baarn
stoarn 26 maart 1982
stjerplak Bennekom
wurk
taal Nederlânsk
sjenre Biografy, histoaryske roman
bekendste
  wurk(en)
Gijsbert Karel van Hogendorp, 1948

Agathe Henriette Maria de Beaufort (Baarn, 13 oktober 1890 - Bennekom, 26 maart 1982), wie in Nederlânske letterkundige en lid fan de famylje De Beaufort. Hja waard berne yn de monumintale Filla Peking dat har heit, Binnert Philip de Beaufort, yn 1885 kocht hie doe 't er boargemaster fan Baarn waard.

Nei 't har heit yn 1898 en har mem yn 1907 stoarn wiene, waard se opfongen troch de suster fan har mem, Henriëtte van Eck, dy 't de húshâlding op Huize Mariëndaal yn Oosterbeek fan har ferstoarne suster oernaam. Henriëtte gie nei in famkeskostskoalle yn Genève. Yn 1909 kaam hja werom. Yn 1912 waard hja auditrise oan de universiteit fan Utert dêr't hja har ferdjippe yn de letterkunde en skiednis, mar sûnder eksamen te dwaan.

Op 14 maaie 1914 troude hja mei advokaat jhr. mr. Herman Laman Trip (1881-1928). Sûnt dy tiid wie Henriëtte bekend ûnder ferskate nammen: H. Laman Trip-de Beaufort en foaral Henriëtte L.T. de Beaufort.
Yn 1916 ferskynde har earste roman Willem van Oranje. Yn 1924 erfde sy fan muoike Henriëtte van Eck, dy't gjin bern hie. Om't se sels ek gjin bern hie, besleat se om mei har man it jild te brûken om bernesanatoarium 'Hohes Licht' op te rjochtsjen yn Oberstdorf yn Beieren, flak by de Switserske grins. Nei 't har man yn 1928 ferstoarn wie, brocht sy hieltyd mear tiid troch op Hohes Licht. Fan 1933 ôf waarden dêr ek Joadske bern opnommen, dy't fan falske papieren foarsjoen waarden en nei Switserlân brocht waarden. Yn 1956 ferkocht sy 'Hohes Licht' oan in tsjerklike ynstelling. De ynstelling hjit no 'Evangelisches Kneipp-Sanatorium'.

Nei de oarloch lei se har wer ta op it skriuwen. Yn 1948 ferskynde it boek dêr't se bekendheid troch krige: Gijsbert Karel van Hogendorp. Letter folgen mear biografyen, lykas Willem de Zwijger (1950), Cornelis van Vollenhoven (1954) en Rembrandt (1956). Yn 1965 folge Wilhelmina 1888 -1962. Een levensverhaal. Dêrnei skreau se allinnich noch in reisferslach: Ruimte en zonlicht; Safari in Afrika (1968).

Sy joech har namme oan de Henriëtte de Beaufort-priis.

Keppelingen om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]