Nothing Special   »   [go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Hartman Sannes

Ut Wikipedy
Hartman Sannes

Hartman Sannes (Sint-Anne, 24 juny 1890 - Ljouwert, 5 jannewaris 1956) wie in ûnderwizer-histoarikus. Hy skreau oer de skiednis fan It Bilt. Yn 1952 krige er de Joast Halbertsmapriis foar it earste diel fan syn Geschiedenis van Het Bildt.

Hartman Sannes wie in soan fan ferver Sytse Sannes en Afke (ek Yke) Bouma. Nei't er de rykskweekskoalle fan Grins yn 1909 dienmakke hie waard er efterelkoar ûnderwizer yn Beetstersweach, Oerterp, Penjum, Sint Anna en Berltsum. Tusken 1918 - 1934 wie hy skoallehaad yn Koaten. Yn 1934 ferliet er it ûnderwiis om reden fan sûnens.

Dêrnei lei er him folslein ta op skiednis. Hy sammele de gegevens fan tûzenen Fryske skoalmasters út it tiidrek 1600 oant 1950. De Fryske Akademy hat Sannes syn samle materiaal yn 2008 digitaal publisearre.[1]

In kar:

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Noaten

  1. Schoolmeesters in Friesland (1600-1950)
  2. Mear wurk fan Sannes is te finen by Tresoar Publicaties van Sannes, H