Nothing Special   »   [go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Harrie Langman

Ut Wikipedy
Harrie Langman
H. Langman yn debat oer priisstop yn Twadde Keamer (1972)

Mr. Drs. Hargert (Harrie) Langman (Akkrum (gem. Utingeradiel , 23 febrewaris 1931 - Drachten, 1 augustus 2016) wie in Nederlânsk politikus. Langman wie ek skipsbouwer en heechlearaar,

Langman wie in soan fan in ûnderwizer. Hy gie nei it gymnasium yn Hurderwyk en studearre dêrnei rjochten oan de Frije Universiteit Amsterdam, slagge cum laude, en studearre dêrnei noch ekonomy. Nei syn stúdzje waard er direksjesekretaris by supermerk Simon de Wit. Fan 1955 oant 1967 wurke er by skipsbouwer De Schelde, yn 't lêstoan as ûnderdirekteur. Njonken dat wie er bûtengewoan heechlearaar bedriuwshúshâldkunde oan de Nederlânske Ekonomyske Hegeskoalle yn Rotterdam.

Yn 1971 waard er foar de VVD minister yn it kabinet-Biesheuvel I. Hy waard doe pas lid fan dy partij en wie in 'fremdling' yn Den Haach. Hy liet him wol jilde as in bekwame bewâldsman, dy’t benammen ympulsen joech oan it regionale-ekonomyske belied. Under syn ministerskip die Nederlân mei oan it kontroversjele Kalkarprojekt. Langman wie nei syn ôftreden in soad jierren bankier, dy’t tsientallen kommissariaten yn it bedriuwslibben ferfolde. Teffens wie hy lange tiid foarsitter fan it kuratoarium fan de Teldersstifting.

Yn 1996 waard troch it kabinet in kommissy fan saakkundigen ynsteld, mei Langman as foarsitter, dy't ûndersykje moast wat no de feitlike ekonomyske efterstân fan it Noarden wie. Dat late letter ta de miljardenstipe foar it Noarden, de saneamde Langman gelden

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]