Nothing Special   »   [go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Hamme (East-Flaanderen)

Ut Wikipedy
Hamme
Gemeentehûs
Gemeentehûs
Emblemen
               
Bestjoer
Lân Belgje
gewest Flaanderen
provinsje East-Flaanderen
arrondissemint Dendermonde
Sifers
Ynwennertal 25.141 (2022)
Oerflak 40,53 km²
Befolkingsticht. 620 ynw./km²
Oar
Postkoade 9220 (Hamme & Moerzeke)
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 51° 5' N 4° 8' E
Offisjele webside
www.hamme.be
Kaart
Hamme (East-Flaanderen)
Hamme

Hamme is in gemeente yn de Belgyske provinsje East-Flaanderen. Hamme leit op it plak dêr't de Durme útmûnet yn de Nederskelde yn in hast flak polderlânskip mei as heechste punt 6 meter.

Yn 2022 hie de gemeente goed 25.000 ynwenners. Ynwenners fan Hamme wurde 'Hammenaars' neamd, de ynwenners fan Moerzeke hjitte Moerzekenaars.

De namme fan it plak komt nei alle gedachten fan ham, in gebiet dat jimmeroan wer op it wetter werom wûn waard. Fynsten fan foar en út de Romeinske tiid wize op âlde delsettings út dy tiid. Om de 7e iuw hinne ûntstie it doarp as in Frankyske delsetting, nei't Reinhild fan Kontich in skinking die oan de Benediktinen fan de Abdij fan Lobbes.

Yn de midsiuwen kaam it gebiet ûnder de greve fan Flaanderen en letter de Spaanske kroan. Oant 1560 bleau it in grevedomein, doe't it as hearlikheid oerdroegen waard oan Pieter fan Overloop. De hearlikheid bestie oant de Frânske tiid en wie op in rige it eigendom fan de famyljes Verreycken, de Silva, de markys van Montfort, de l'Escornet en De Vos.

It doarp hie slim te lijen ûnder de godstsjintsstriid en wie doe hast folslein protestantsk woarn. Mar it Spaanske bewâld waard yn de Tachtichjierrige Kriich wer op 'e nij ynsteld. Doe't de Frânsen tsjin it ein fan de 18e iuw de krite besetten kaam de befolking troch it anty-tsjerklike bewâld en de ynfiering fan de tsjinstplicht yn opstân.

De befolking wurke sûnt de 18e iuw foar in wichtich part yn de produksje fan tou, dat makke waard fan de yn 'e krite ferboude himp en flaaks. Tou waard û.o. brûkt foar de skipfeart, en de gaadlike lokaasje fan de haven fan Antwerpen soarge foar genôch fraach. Om 1900 hinne wurken tûzenen minsken yn dy yndustry, mar nei 1950 kaam der in ein oan de bloei. Ek de stielkabelyndustry rekke yn it neigean, nei't yn 'e jierren 1980 dy nei Portugal ferdwûn. Tsjintwurdich wurkje in soad ynwenners bûten de eigen gemeente.

Tusken 1904 en 1952 hie Hamme in tramferbining me de lofter kant fan Antwerpen en mei Wetteren.

Yn 1977 fusearre Hamme mei Moerzeke ta de fúzjegemeente Hamme.

Gemeenteyndieling

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Under de hjoeddeiske gemeente Hamme falt ek de dielgemeente Moerzeke. Bûten it sintrum fan Hamme falle noch twa doarpen: Sint-Anna en Zogge. Hamme bestiet út trije parochy's: de âldste parochy is dy fan Sint-Pietersbanden en fierder hat Hamme noch de parochy Hillige Famylje yn de wyk Drie Goten en de parochy Hillich Hert. De parochy Kastel falt yn de dielgemeente Moerzeke.

# Namme Oerflak (km²) Ynwennertal
(31/12/2005)
I
 
(III)
(IV)
Hamme
- Hamme
- Sint-Anna
- Zogge
23,61
14,86
4,29
4,46
18.874
16.488
812
1.574
II
 
(V)
Moerzeke
- Moerzeke
- Kastel
16,77
9,78
6,99
4.360
2.960
1.400
Bron: www.hamme.be - website gemeente Hamme

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • De trijeskippige klassisistyske Sint-Piters-Bannentsjerke oan de Merk waard yn 1740 folslein op 'e nij boud. Allinne de 12e iuwske toer mei letromaanske galmgatten bleau stean.
  • It Spaanske Hôf (Spaans Huis) mei de tún datearret fan 1664 en wie oarspronklik it hûs fan de baljuw. Letter waard dêr ek de belesting betelle op de bierproduksje.
  • Sûnt 1991 is de 'Mirabrêge' oer de Durme in beskerme monumint.
  • De pastorij by de tsjerke en it gemeentehûs foarmje in arsjitekturale ienheid en binne 19e-iuwske monuminten.
  • Fan de 31 nôt- en oaljemûnen dy't Hamme eartiids hie bleau allinne de Grutte Napoleon (Grote Napoleon) oer. Fan in oare mûne, de Grutte Toarst (Groten Dorst), bestiet allinne noch de romp.
  • Oan yn fan de meänders fan de Alde Durme stiet in tijwettermûne út 1885.
  • De Sint-Joazefkapel út 1709 is in barokke kapel.
  • De Kapel van Twabrêgen (Kapel Tweebruggen) stiet op it 19e-iuwske begraafplak.
  • De skiednis fan de Sint-Martinustsjerke giet werom op de 10e iuw, mar is hjoeddedei in klassisistysk monumint út de 18e iuw.
  • It Kastiel fan Moerzeke is in gebou út healwei de 19e iuw. Yn de tún stiet de Pius-X kapel, dêr't de yn 1999 sillich ferklearre Flaamske preester Edward Poppe syn lêste rêstplak fûn.
  • De neogoatyske Sint-Joazeftsjerke is in gebou út de jierren 1875-1877.
  • Museum Van Bogaert-Wauters

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is foar in part in oersetting fan de Nederlânsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis [[:nl:Hamme (East Flanders) ]]