Nothing Special   »   [go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Hadada-ibis

Ut Wikipedy
hadada-ibis
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift pilekaaneftigen (Pelecaniformes)
famylje wylpreagerfûgels (Threskiornithidae)
skaai Afrikaanske griene ibissen (Bostrychia)
soarte
Bostrychia hagedash
Latham, 1790
IUCN-status: net bedrige

De hadada-ibis (Bostrychia hagedash) is in fûgelsoarte út 'e famylje ibissen en leppelbekken (Threskiornithidae) dy't besuden de Sahara yn Afrika libbet. De namme "hadada" is in onomatopee (klankneibearing) basearre op it lûd dat dizze fûgel makket.

De fûgel yn it Krugerpark, Súd-Afrika.

De hadada-ibis is 65 oant 76 sm lang en weecht likernôch 1250 gram. De fûgel is (ôfhinklik fan 'e ûndersoarte) griis oant grien. De snaffel is griis en read en fan 'e snaffel rint oant ûnder it each in opfallende wite streek. De wjukken hawwe in brûnskleurige en pearse glâns.

De fûgel makket fral by it lemieren fan 'e dei en de skimerjûn in hurd en rau lûd, dat as 'ha-da-ha' giet. Dêrfandinne de namme fan 'e ibis.

Fersprieding en systematyk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De hadada-ibis komt yn in grut part fan Afrika foar yn in biotoop dat bestiet út bosk oan rivieren en streamkes en wiet gerslân. Fierder is de fûgel op wiete kultuergrûn te sjen. De hadada-ibis siket yn pearkes of lytse groepkes nei wringeleaze dierkes.

De soarte is te ferdielen yn trije ûndersoarten:

De hadada-ibis hat in grut ferspriedingsgebiet en nimt nei alle gedachten yn oantal ta. Dêrom stiet de fûgel op 'e Reade list fan 'e IUCN as 'net bedrige' klassifisearre.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan 'e Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Hagedasch (ferzje 28 april 2024)