Hollow (koart ferhaal)
Hollow | ||
algemiene gegevens | ||
auteur | Patricia Briggs | |
taal | Ingelsk | |
foarm | koart ferhaal | |
sjenre | fantasy | |
1e publikaasje | 2014 | |
oarspr. útjwr. | Ace Books | |
bondel | Shifting Shadows | |
rige | ||
rige | Mercy Thompson |
Hollow is in koart ferhaal fan it fantasysjenre, skreaun troch de Amerikaanske auteur Patricia Briggs. De titel betsjut: "Hol" of "Holte". It ferhaal heart ta de Mercy Thompson-rige en spilet yn 'e krite fan 'e Tri-Cities, yn 'e Amerikaanske steat Washington. Yn Hollow wurdt Mercy Thompson har help frege as in man fjirtjin jier de nei de dea fan syn frou noch altyd hjitfolge wurdt troch har geast. Briggs skreau dit ferhaal spesifyk foar de ferhalebondel Shifting Shadows, dy't publisearre waard yn 2014. It is it iennichste ferhaal yn dy bondel dat Mercy Thompson sels as haadpersoan hat, mei't alle njoggen oare ferhalen oer byfigueren út 'e Mercy Thompson-rige geane. De foarfallen yn Hollow fine plak nei ôfrin fan dy yn 'e roman Night Broken.
Ynhâld
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Mercy Thompson hat har aventoer mei de Kanaryske fulkaangod mar nauwerneed oerlibbe (sjoch: Night Broken), en har garaazje is frijwol hielendal ferrinnewearre. As se safierhinne opbettere is dat se wer op eigen krêft op 'en paad kin, bringt se in besyk oan 'e ruïne, dêr't, sa stelt se fêst, yndie net folle mear oan te rêden falt. Se fynt it dreech om ôfskie te nimmen fan wat jierrenlang fierhinne har libben west hat, mar om it spul wer op te bouwen soe, sels mei it jild dat de fersekering útkeart, mear kostje as dat se yn jierren mei har bedriuw fertsjinje kin. It is dus rasjoneel sjoen ferstanniger om 'e boel mar hielendal plat te goaien, de grûn te ferkeapjen en earne oars wurk as monteur te sykjen.
Wylst Mercy dêr sa oer stiet te prakkesearjen, wurdt se oansprutsen troch de bestjoerster fan in passearjende auto, dy't har freget oft se Mercy Thompson is. Op har befêstigjende antwurd stelt de frou harsels foar as Lisa Simon. Se fertelt dat se Mercy har namme trochspile krigen hat om't in freon fan har problemen mei in spûk hat. Mercy fielt der ynearsten neat foar om har dêrmei te bemuoien, want de iennichste oare kear dat se op spûkejacht gie, is dat net sa bêst beteard (sjoch: Bone Crossed). Mar it blykt de Yndiaanske stalwikselder Hank Owens te wêzen dy't Lisa Mercy har namme jûn hat, en se is Hank noch wat skuldich. Dat sadwaande sizze Mercy en de wearwolf Zack Drummond, dy't meikommen wie om 'e garaazje te besjen, ta om mei Lisa nei Prosser te gean, dêr't Lisa har freon wennet.
Dy freon blykt de eksintrike miljardêr Rick Albright te wêzen, dy't trettjin jier lyn yn in opsjochjaande rjochtsaak frijsprutsen is fan 'e moard op syn frou Nicole. Hy wennet hielendal allinne, sûnder personiel, yn in ûnbidich grutte filla op in perseel lân yn in holte tusken de rivier de Columbia en in rotsheuvel yn. Lisa ken him om't se in eigen bedriuw hat dat tunen fan partikulieren byhâldt. De ôfrûne acht jier docht se dat twaris yn 'e wike by Rick, en hy komt gauris bûtendoar om har te helpen. Fjouwer jier lyn besefte se dat se hopeleas fereale op him rekke wie, net dat se him dêr ea wat fan merke litten hat. In pear dagen lyn, doe't se wer by him oan it wurk wie, bliek it húske yn 'e bygebouwen stikken te wêzen. Foar it earst yn acht jier kaam se doe by Rick binnendoar, en doe't se fan 't húske kaam, seach se dêr in yn stikken sniene frou yn in see fan bloed lizzen, mei in ôfhoude holle dy't tsjin har sei: "It is syn skuld."
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
Rick kaam op har gjalp fan skrik ôf, hoewol't Lisa tsjin 'e tiid dat hy arrivearre al begrepen hie dat wat se seach net echt wêze koe. Se fermoede in hiel minne en sadistyske grap, mar Rick fertelde har dat it in spûk wie, de geast fan syn fermoarde frou Nicole, dy't him al fjirtjin jier efterfolge. Hy wie eins de wrâld te ryk dat immen oars as hysels har noris sjoen hie, want dat wie noch nea bard, en hy begûn himsels sa stadichoan ôf te freegjen oft er wol doogde. Rick liek te tinken dat it wat wie dêr't er mar gewoan mei leare moast te libjen, mar Lisa liet it der net by sitte en gie foar him op 'e siik nei help. Dy syktocht hie har nei Mercy ta laat. Om't se sels net folle ûnderfining mei it fuortstjoeren fan geasten hat, skillet Mercy Gary Laughingdog op, har Yndiaanske healbroer, dy't no yn Montana wennet om't er noch socht wurdt yn Washington, dêr't er útbrutsen is út 'e finzenis (sjoch: Night Broken). Gary fertelt har dat se útsykje moat wat it is dat de geast yn 'e fysike wrâld hâldt, dat se dat, wat dat dan ek wêze mei, oplosse of ferwiderje moat en dan de geast derfan sjen moat te oertsjûgjen dat er dea is en nei it hjirneimels gean moat.
Oankommen by de wente fan Rick Albright, moat Lisa, dy't Mercy op eigen manneboet by it spul behelle hat, him earst noch oerhelje om harren yn 'e hûs te litten. Rick is der earst neat te happich op om poerfrjemden by syn priveesaken te belûken, mar Lisa wit him al rillegau te bepraten. Mercy har skerpe noas fertelt har daliks dat hy like fereale is op har as sy op him. Om te begjinnen wol Mercy fan Rick witte oft er syn frou fermoarde hat. Hy antwurdet dwers dat er dat yndie dien hat en dat er inkeld frijsprutsen is om't er de bêste abbekaten fan it lân betelje koe. Mercy har noas fertelt har dat syn bekentenis fan 'e moard in leagen is, mar it part oer de abbekaten de hurde wierheid. Se wol him freegje om harren rûn te lieden troch syn hûs, yn 'e hope dat de geast fan Nicole ferskine sil, mar op dat stuit is de geast der al, hoewol't Mercy har as iennichste sjen en hearre kin. It iennichste dat Nicole har fertelle kin, is: "Ik kin hjir net wei" en "It is syn skuld." Der liket net genôch fan har oer te wêzen om it spûkjen te ferklearjen.
As de rook fan swiete kaugom de keamer follet, fielt Mercy dat se yn 'e oanwêzigens fan wat wier kweadaardichs binne. Se oarderet eltsenien nei bûten ta, dêr't se Rick deroer ûnderstiet wat dat west hawwe kin. Sadree't se de rook fan kaugom neamt, moat Rick oan syn mem Gina tinke, dy't it healbloedbern wie fan in ierdgeast en in minsklike frou. Hja hie psychyske problemen en die twa dagen nei de moard op Nicole selsmoard. Rick hat him gauris ôffrege oft it soms syn mem wie dy't Nicole fermoarde hat, want se wie der gek genôch foar. Mercy skillet har pleechbroer Samuel Cornick op, dy't mei syn frou Ariana op houliksreis is yn Ierlân. Ariana is sels in oerâlde ierdgeast, en Mercy wol fan har witte oft in ierdgeast nei syn dea omspûkjen bliuwe kin. Ariana fertelt har dat dat allinnich mooglik is as de ierdgeast in foarwerp yn syn eigen dea behurdzje litten hat, sa't in wapensmid in swurd yn oalje behurdzje lit.
As Mercy dat oan Rick fertelt, wit dy daliks hokker foarwerp oft it om giet: in hinger fan jade, dy't er in jier nei de dea fan Nicole en syn mem by it spul fan syn heit fûn, nei't dy omkommen wie by in ferkearsûngemak. De hinger leit yn syn sliepkeamer, dat Mercy en Zack geane wer yn 'e hûs, mei as doel om 'e jadestien stikken te slaan. Sadree't se Rick syn sliepkeamer ynkomme, wurde se bekûgele mei alderhanne foarwerpen dy't út eigen wil, sa liket it hast wol, fan har plak komme en op harren ôf begjinne te fleanen. Nettsjinsteande dat wit Mercy úteinlik de jadestien stikken te slaan. Dêrmei ferliest de geast fan Gina, dy't efter it spûkjen sit, de mooglikheid om oant yn ivichheid bestean te bliuwen, mar hy is noch net fuort. Dêrfoar lient Mercy fia har mystike partnerbân mei Adam de magyske autoriteit fan in alfa fan in wearwolveridel, en hjit de geast om op te hâlden. De geast kin neat oars dwaan as oan dat befel gehoar jaan, en ferdwynt al skellend en tsjinakseljend yn it neat.
As Mercy en Zack weromkeare nei de Tri-Cities, dêrby de fereale Rick en Lisa as in pearke efterlittend, heart se dat de lêste auto dy't se yn har garaazje opknapt hat, op in feiling foar $19.000 ferkocht is. Boppedat binne der trije nije opdrachten binnenkommen fan lju dy't op dy feiling njonken har auto grypt hawwe. Mercy feroaret dêrtroch fan gedachten en beslút har garaazje wer op te bouwen.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Mercy Thompson (romansearje) | |
---|---|
Silver* • Fairy Gifts* • Gray* • Moon Called • The Star of David* • Blood Bound • Iron Kissed • Bone Crossed • Roses in Winter* • Silver Borne • In Red, with Pearls* • River Marked • Frost Burned • Redemption* • Night Broken • Hollow* • Fire Touched • Silence Fallen • Storm Cursed • Smoke Bitten • Soul Taken • Winter Lost | |
Alpha and Omega (romansearje) | |
Seeing Eye* • Alpha and Omega* • Cry Wolf • Hunting Ground • Fair Game • Dead Heat • Burn Bright • Wild Sign • Dating Terrors | |
fet = roman; *) koart ferhaal yn 'e ferhalebondel Shifting Shadows |