Nothing Special   »   [go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Klickitat County (Washington)

Ut Wikipedy
Klickitat County (Washington)
Klickitat County yn de steat Washington
Klickitat County yn de steat Washington
Bestjoer
Lân Feriene Steaten
Steat Washington
Sifers
Ynwennertal 20.866 (2013)
Oerflak 4931 km² (ynkl. wetter)
4846 km² (allinnich lân)
Befolkingsticht. 4 / km²
Oar
Stifting 20 desimber 1859
Tiidsône UTC-8
Simmertiid UTC-7
Offisjele webside
www.klickitatcounty.org
Klickitat County Rjochtbank yn Goldendale

Klickitat County is in county yn it suden fan de steat Washington, Feriene Steaten. Neffens de folkstelling fan 2010 telde de county 20.318 ynwenners. It grutste en it haadplak is Goldendale. De county is nei de Klikitat-Yndianen neamd.

Yn 'e iere jierren wennen de Klikitat-Yndianen hjir yn 'e omkriten. Blanke bewenning kaam nei de Oregon Trail yn 'e 1840er jierren. Op 20 desimber 1859 waard de county stifte út Walla Walla County. Samuel Hill, in sakeman, wie warber foar promoasje fan dit gebiet en trune oan op bettere diken en boude monuminten yn it plakje Maryhill, bygelyks in replika fan Stonehenge foar it betinken fan slachtoffers fan de Earste Wrâldkriich út Klickitat County; it Maryhill Stonehenge. Ek liet er in grut hûs bouwe wêr't letter it Maryhill Museum of Art yn wêze soe. It hûs oersjocht de kleau fan de rivier de Kolumbia. De Sam Hill Memorial Bridge, de brêge wêr't Highway US 97 oer de rivier de Kolumbia rint, is neamd nei him.

De Klickitat Delling

It totale oerflak fan de county is 4931 km², wêrfan 4846 km² lân is en 85 km² wetter. De county grinzet yn it westen oan Skamania County, yn it noarden oan Yakima County, yn it easten oan Benton County en yn it suden foarmet de rivier de Kolumbia de grins mei Oregon, hokker countys fan west nei east de grins foarmje; Hood River County, Wasco County, Sherman County, Gilliam County en Morrow County. It Cascades Berchtme beslacht it westen fan de county. Yn it noarden fan de county falt in part ûnder it Jakama Yndianereservaat. Nasjonale beskerme gebieten binne: Conboy Lake National Wildlife Refuge en Gifford Lake National Forest. Wichtige diken binne:

Befolkingsopbou

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Neffens de folkstelling fan 2000 wennen der 19.161 minsken, mei 7473 hûshâldings. De befolkingstichtens wie 4 km². Der wiene 8633 wenten. Der wennen 87,6% blanken, 0,3% swarten, 3,5% yndianen, 0,7% Aziaten, 0,21% Pasifyske Eilanners, 5% fan oare rassen en 2,8% fan mingde rassen. Etnysk bestie de befolking út 7,8% hispanics of latinos, 17,7% Dútsk, 14% Amerikaansk, 11,1% Ingelsk, 9,6% Iersk. 90,3 % spruts Ingelsk en 7,8% spruts Spaansk. 27,1% wie ûnder 18, wilens 13,8% 65 jier en âlder wie. De trochsneed âldens wie 40 jier. It trochsneed ynkommen wie $34.267. 17% libbe ûnder de earmoedgrins.

Census-designated

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Klickitat County fan Wikimedia Commons.