Keulsk
Keulsk Kölsch, Kölnisch | ||
algemien | ||
oare namme(n) | Noardmiddelfrankysk | |
lânseigen yn | Dútslân | |
tal sprekkers | 250.000 | |
skrift | it Latynske alfabet | |
taalbesibskip | ||
taalfamylje | Yndo-Jeropeesk - Germaansk - Westgermaansk - Súdwestgermaansk - Heechdútsk - Middeldútsk - Westmiddeldútsk - Middelfrankysk - Ripuarysk - Keulsk | |
dialekten | Stedkeulsk, Lânkeulsk | |
taalstatus | ||
offisjele status | gjint | |
taalkoades | ||
ISO 639-1 | n.f.t. | |
ISO 639-2 | n.f.t. | |
ISO 639-3 | ksh Keulsk |
It Keulsk (Dútsk: Kölsch, âldfrinzich: Kölnisch) is it dialekt fan de Ripuaryske groep fan de Middeldútske talekloft dy't yn de stêd Keulen en dêromhinne sprutsen wurdt. It is mei 250.000 sprekkers it meast sprutsen dialekt fan alle Ripuaryske dialekten.
Begrinzging
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It Keulsk wurdt yn de stêd en yn it gebiet dêromhinne sprutsen yn it gebiet fan tusken Neuss yn it noarden en Bonn yn it suden en fan Düren yn it westen en oant Olpe yn it easten en leit alhiel yn de dielsteat Noardryn-Westfalen. It spraakgebiet beslacht rûchwei it gebiet fan it aartsbisdom Keulen en wie de omgongstaal fan it histoaryske Karfoarstedom Keulen.
De mear as 100 Ripuaryske dialekten dy't yn it Dútske Rynlân, Nederlân en Belgje sprutsen wurde, allyk it Rynlânske regiolekt, wurde wol as "Keulsk" oantsjut, itjinge ferkeard is. Dat regiolekt, dy't ûntstie doe't in soad sprekkers op it Standertdútsk oergien binne, is in foarm fan Standertdútsk mei in Keulsk aksint, dat troch bûtensteanders as Keulsk oansjoen wurdt.
It Keulsk hie eartiids in soad ynfloed op oanswettende dialekten, itjinge de Keulske ekspânsje neamd waard. Ek op it Limboarchsk hat it Keulsk gâns ynfloed hân. De toanen dy't it Limboarchsk, allyk it Ripuarysk en Mûzelfrankysk (dêr't it Lúksemboarchsk ûnder falt) machtich binne, komt nei alle gedachten fan de dominante posysje fan Keulen op de kriten sûnt de midsiuwen.
Yn Dane County yn de Amerikaanske steat Wiskonsin wie in Keulstalige mienskip. Yn lûdfragmint fan 1968 fan de lêste sprekker leit út wêrom't er syn bern it leafst Ingelsktalich opfiede woe.[1]
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fan de 3e iuw n.Kr. lutsen Frankyske stammen fan de rjochterouwer fan de Ryn oer nei de lofterouwer en wreiden harren út yn gebieten dy't foar in part troch Romeinen en Galloromanen kolonisearre waarden. De Salyske Franken setten harren nei wenjen yn wat hjoed-de-dei súdlik Nederlân, Belgje en Noard-Frankryk is. De Ripuaryske Franken of Rynfranken ferspraten harren by de Ryn en de Mûzel del en makken Keulen ta harren haadstêd, dêr't hja letter Ripuariërs neamd waarden. Yn de 6e iuw feriene de Merovingyske kening Klovis I de twa Frankyske folken en stifte it Frankyske Ryk.
Yn de 7e iuw waard ûnder de Frankyske kening Dagobert I in samling wetten publisearre dy't foar de Rynfranken ornearre wiene, de Lex Ripuaria.
It pleatslike Latyn fan de befolking fan Keulen, benammen besteande út Galloromanen en romanisearre Ubiërs, waard stadichoan ferfongen troch it Germaanske Aldfrankysk, alhoewol't bewizen oer de status fan de taal yn dy snuorje seldsum binne. Wol is wis dat tsjin de 8e iuw de saneamde twadde Heechdútske lûdferskowing him út it suden wei fersprate en dêrby ferswakte oant in dei reizgjen noardlik en westlik fan Keulen ta.
Nei alle gedachten begûn yn Keulen yn de snuorje fan de Ottoanen syn eigen stedstaal te ûntjaan as de status fan offisjele en tsjerklike dokuminten en letter ek fan heechpleatste boargers, itjinge yn sûnt de 12e en 13e iuw fêstlein wurde kin. Yn 1478/79 waard de saneamde "Nederrynske" Keulske bibel printe troch Heinrich Quentell of Bartoloméus fan Unckell.
De basis fan de taal is it Ald- en Midheechdútsk en it Nederfrankysk fan dy tiid en yn 't bysûnder de Ripuaryske foarm yn it wiid omfiemjend gebiet dêromhinne dat hjoed-de-dei rûchwei oerienkomt mei it bestjoersdistrikt Keulen. Yn de Midsiuwen waard it opkommende Aldkeulske dialekt út it suden wei in bot beynfloede troch it opkommende Midheechdútsk, dat it hjoed-de-dei ta de meast noardlike farianten fan de Heechdútske dialekten rekkene wurdt. It Keulsk bleau lykwols ek algeduerigen yn kontakt mei it Nederfankysk en it Nederdútsk yn it noarden en westen, itjinge oant hjoed-de-dei noch hieltyd geande is. De Nederdútske ynfloed wie benammen te tankjen oan de ynfloed fan de Hânzeferbûn en rekke yn it neigean nei it ferfal fan de Hânze.
Oan de ein fan de 16e iuw skeakele Keulen oer fan syn Nederfrankyske skriuwtaal ta de him ûntwikkeljende nije Heechdútske skriuwtaal en sadwaande giene de sprek- en skriuwtaal harren eigen paad op. Dêrom kin der fan sûnt it begjin fan de 17e iuw sprake fan in apart Keulsk dialekt wêze. Mei útsûndering fan guon yndividuele gefallen is dat lykwols allinnich mar werom te finen yn literatuer fan sûnt de 18e iuw.
Sûnt it begjin fan de 19e iuw wurdt it Keulsk hieltyd mear brûkt yn poëzy en proaza en oant hjoed-de-dei ferrykje withoefolle publikaasjes yn en oer it Keulsk it byld fan de spraak. Dat tsjûget ek fan de feroarings yn wurdskat, manier fan praten en it brûken fan de taal.
It Us Heit yn it Keulsk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Dizze moderne Keulske ferzje fan it Us Heit is fan Jean Jenniches (1894-1979)[2]
Vatterunser
Leeve Herrjott, hellich ess Dinge Name.
Vum Himmel us rejeers Do et janze Weltall
noh Dingem Welle.
Wie ne Vatter sorgs Do för de Minschheit,
die he op de Äd Di Rich erwaden deit.
Vill Nut es en der Welt, dröm bedde mer:
maach doch, dat keine Minsch mieh muss
Hunger ligge.
Nemm vun uns alle Sündeschold,
domet och jederein ess jnädich de eije
Schöldner.
Helf Do uns, dat meer alle Versökunge
widderstonn,
un halt alles vun uns fähn, wat unsem
iwije Heil schade künnt.
Amen.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Dizze side is foar in part in oersetting fan de Dútsktalige wikipedyside, foar mear boarnen en literatuer sjoch de:Kölsch (Sprache) |