Nothing Special   »   [go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Kanieldo

Ut Wikipedy
kanieldo
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift do-eftigen (Columbiformes)
famylje dofûgels of dowen (Columbidae)
skaai hôfdowen (Columba)
soarte
Columba larvata
Temminck, 1801
IUCN-status: net bedrige

De kanieldo (Columba larvata) is in fûgel út de famylje fan dowen (Columbidae).

De kanieldo is in 25 oant 29 sm lange do, wêrfan de sturt 9,1 oant 11,7 sm útmakket. De fûgel weecht 146 oant 151 gram. De swarte snaffel is mei 2 oant 2,2 sm yn ferhâlding ta syn lingte lang.

Yllustraasje
John Gerrard Keulemans.

Folwoeksen fûgels ha in wite krún en in wyt gesicht. De wite kleuren geane dêrnei op 'e krún op in kanielkleur oer. It kin en de kiel binne wyt, dat dêrnei op in ljocht readeftige kanielkleur oergiet. De nekke, hals en de mantel binne donker mei in wat fiolette glâns, dêrby binne fearren fan 'e mantel wat sterker irisearjend as de hals en de nekke. De skouders en de wjukken, de rêch, de stút, de boppekant fan 'e sturt en de middelste twa stjoerfearren binne donker oliifgrien. De bûtenste stjoerfearren binne swartbrún en hawwe brede, grize einen. De flanken en de ûnderwjukken binne readbrún. Under de sturt binne de fearren kastanjebrún. De iris is koraalread, readbrún of fioletread. De poatsjes binne read oant readfiolet.

Jonge fûgel.

Jonge fûgels binne sterker kastanjebrún as de folwoeksen fûgels kleure. De wjukken en de skouderfearren hawwe oerdwers donkerbrune bannen en roestbrune seamen oan 'e fearren.

Kanieldowen hawwe in grut ferspriedingsgebiet yn Afrika. De fûgels libje yn berchwâlden. Yn it west en suden fan Afrika komt de fûgel oant in hichte fan 2.100 m foar. Yn Etioopje bewennet de soarte ek bosk oant hichten fan 3.200 m. Kanieldowen binne ôfhinklik fan tichte strewellen, mar is net sinnich en komt ek foar yn sekundêr bosk en op plantaazjes.

Kanieldowen binne skouwe fûgels en libje allinne of yn pearkes op 'e grûn. Ut en troch binne yn 'e buert fan fruchtdragende beammen gruttere groepen waar te nimmen. De fûgel siket syn iten op 'e grûn tusken strewellen en falt net op. It iten bestiet út sied en fallen fruchten, dêrnjonken yt de fûgel ek wringeleaze dierkes en ynsekten.

Yn it west fan it ferspriedingsgebiet briedt de fûgel fan jannewaris oant oktober. Yn Etioopje is de briedtiid tusken maart en april beheind. It nêst wurdt likernôch 2,5 m boppe de grûn fan twigen makke, lykas dat foar fjilddowesoarten typysk is. It lechsel bestiet út twa aaien en selden trije. Nei 10 oant 12 dagen komme de aaien út. De jonge fûgels fleane nei 20 oant 21 dagen út en bliuwe dan noch twa moannen by de âlders.

De kanieldo is te ferdielen yn sân ûndersoarten:

De ferspriedingsgebieten fan 'e ûndersoarten oerlaapje inoar net en foarmje aparte, net oan inoar grinzgjende gebieten.

De fûgel stiet as net bedrige op 'e Reade list fan 'e IUCN.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Zimttaube (ferzje 16 april 2024)