Nothing Special   »   [go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Kaub

Ut Wikipedy
Kaub
Sicht op Kaub en de kastielen Pfalzgrafenstein en Gutenfels
Sicht op Kaub en de kastielen Pfalzgrafenstein en Gutenfels
Emblemen
Bestjoer
Lân Dútslân
dielsteat Rynlân-Palts
kring Rhein-Lahn-Kreis
ferbânsgemeente Loreley
Sifers
Ynwennertal 829 (31.12.2021)
Oerflak 13,05 km²
Befolkingsticht. 74 ynw./km²
Hichte 64 m.
Oar
Koördinaten 50° 5' N 7° 45' E
Offisjele webside
stadt-kaub
Kaart
Kaub (Rynlân-Palts)
Kaub

Kaub is in lytse stêd oan de Ryn yn de Dútske dielsteat Rynlân-Palts. Kaub foarmet ûnderdiel fan de Rhein-Lahn-Kreis.

Kaub komt yn droege simmers somtiden yn it nijs om't de Ryn dêr ûnder sokke omstannichheden in tige lege wetterstân hawwe kin, sadat der beheint skipferkear mooglik is.

By Kaub is in fear dy't de ferbining mei de oare kant fan de Ryn ûnderhâldt.

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It stedsje Kaub is ryk oan monuminten. Fan de eardere ferdigeningsmuorren binne noch fiif 14e en 15e iuwske tuorren bewarre bleaun. Yn it sintrum fan it stedsje binne noch in soad fakwurkhûzen. By Kaub leit midden yn de Ryn op in eilân de boarch Pfalzgrafenstein. Boppe it doarp leit de tolboarch Gutenfels, dy't tsjintwurdich yn partikulier besit is.

It oerstekken fan Blücher oer de Ryn by Kaub (Wilhelm Camphausen)

Yn de nacht fan 1 jannewaris 1814 liet de Prussyske generaal Blücher mei help fan loadsen út Kaub in brêge oer de Ryn oanlizze om syn leger fan 60.000 soldaten en tûzenen hynders oer de rivier te bringen om de Frânsen út Dútslân te ferjeijen. De monuminten oan wjerskanten fan de Ryn en in museum yn Kaub betinke de oertocht.

De tsjerke fan Kaub is in saneamde dûbeltsjerke: ûnder ien dak is in aparte katolike en in aparte protestantske tsjerke ûnderbrocht. It âldste diel is de 27 meter hege toer út de 12e iuw, dy't ûnderdiel wie fan de eartiidske stedsmuorre. Om 1440 waard in nije tsjerke oanboud, dy't wijd waard oan de Trije-ienheid. Sûnt 1560 gyng de tsjerke yn protestantske hannen oer, mar nei 1687 dielden katoliken en protestanten de simultaantsjerke. Tweintich jier letter waard de koerbôge tichtmitsele en sa ûntstie de dûbeltsjerke mei it skip foar de protestanten en it eardere koer foar de katoliken. It koer (it katolike diel) waard yn 1771 ôfbrutsen en ferfongen troch nijbou, dy't oan de hillige Nikolaas wijd waard. Yn de katolike tsjerke stiet in replika fan de Kauber Madonna, in letgoatysk byld, werfan't it orizjineel yn it Hessische Landesmuseum yn Kassel stiet.

  • Blüchermuseum
  • Motorrollermuseum

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is foar in part in oersetting fan de Dútske Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Kaub