Nothing Special   »   [go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Feriening Natuermonuminten

Ut Wikipedy
In foto fan it Drintsk-Fryske wâld, dit is fan Natuermonuminten

De Feriening ta Behâld fan Natuermonuminten yn Nederlân, koartwei: Feriening Natuermonuminten of Natuermonuminten, is in Nederlânske natuerbeskermingsorganisaasje, oprjochte yn 1905, dy't natuergebiet yn Nederlân oankeapet en beheart.

De feriening hie yn 2004 366 gebieten yn behear, wat bestie út 88.500 hektare. Dit is like grut as 27 prosint fan de provinsje Súd-Hollân. It grutste natuermonumint is De Wieden (5847 hektare), it lytste is Fort Ellewoutsdyk (1 hektare). De feriening hat 1700 gebouwen, wêrfan der 250 provinsjaal of ryksmonumint binne.

Yn 2007 telde de organisaasje 881.000 stipers. Nei in rekordoantal fan 975.000 leden yn 2001 gie it oantal stipers inkele jierren tebek. Yn 2011 wie it ledetal sakke nei 728.000. It haadkantoar is fêstige yn 's-Graveland.

De feriening hat ta doel it behâlden en it behearen fan in natuerwittenskiplike en lânskiplike opsicht wichtige terreinen yn Nederlân mei de harren dêrop befinende monuminten fan skiednis en keunst, yn it bysûnder dy, bedoeld yn artikel 1 fan de monuminten wet. Dit bart sawol om de natoer sels as foar it geastlike en lichaamlike wolwêzen fan de minsk.

It stribjen is ek rjochte op: It befoarderjen fan it behâld en it werstellen fan natuer en lânskip. It befoarderjen fan de suverheid fan wetter, boaiem en loft en komt ek by it beskermjen fan de stilte. It befoarderjen fan it besef dat de minsk ferantwurdlikheid draacht.

It ûntstean en de skiednis

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Naardermar

De Feriening ta behâld fan Natuermonuminten yn Nederlân waard op 22 april 1905 yn Amsterdam oprjochten.

De oanlieding ta de oprjochting wie it foarstel fan B&W fan Amsterdam, yn novimber 1904 om it wetter fan de Naardermar mei stedsôffal te dimpen. It wie de Amsterdamske ûnderwizer en natuerleafhawwer Jac. P. Thijsse dy’t yn ferset kaam. Thijsse kende de fugelrike mar as ien fan de sear weinigen. Dit kaam omdat hy sa út en troch mei in roeiboat de mar op gie. Hy begûn brieven rûn te stjoeren, dêryn stelde hy foar om de Naardermar gewoan mar oan te keapjen. Dit alles joech neat.

De Nederlânske ornitologyske feriening liet har skeptysk út om de mar te rêden. De direksje fan Artis seach it sels as in ûnbegûne ûndernimming. Mar yn de deiblêden kaam de diskusje op gong. Yn desimber 1904 besleat de Nederlânske natuerhistoaryske Feriening om mei in brief de gemeente te benaderjen. Dizze feriening fierde as argumint oan dat de Naardermar in grutte estetyske en natuerhistoaryske wearde hie.

Op 12 desimber 1904 joech Thijsse yn syn rubryk in it Algemien Deibled noch in kear oan dat de lêzers harren mear dwaande hâlde moasten mei it lot fan de mar. Syn freon Eli Heimans holp him troch ek omtinken te jaan yn de Griene Amsterdammer. In pear dagen letter op 14 desimber waarden de plannen bepraat yn de gemeenterie. Oft de mar moai wie waard gjin oandacht oan bestege. Ek de natuerhistoryske beswierren waarden net meinaam. Se praten wol oer it gefaar dat de Fecht troch fersmoarge grûnwetter fersmoarge wurde soe. Dêr hie Thijsse ek op doeld.

Mar úteinlik gie it net troch omdat it te djoer wêze soe. It foarstel waard ôfwiisd mei 20 tsjin 18 stimmen. Natuermonuminten wat al yn 1901 oprjochte wie bestege ferfolgens op 2 jannewaris oandacht oan de hiele kwestje. Thijsse dy’t lid wurden wie en yn it bestjoer siet fûn dit hiel wichtich. Letter dy moanne waard er in byienkomst belein foar ynteressearre ynstellingen. It doel wie om natuermonuminten oan te keapjen om se yn eigen behear te nimmen en te behâlden.

Troch de ferneamdheid dy’t de Naardermar krige, waarden de eigeners, de famylje Rutgers fan Rozenburg, troch ferskillende persoanen benadere om de mar te ferkeapjen. De famylje beslute doe om de Naardermar publyklik te feilen. De feriening probearre dit tsjin te hâlden, mar stie sels mei lege hannen. No like it foarnommen beslút om it natuermonumint te behâlden net te slagjen. Mar de biedingen foelen ôf, der waard neat ferkocht. In kommisje fan natuermonuminten gie hurd oan de slach om de opbringsten fan de mar te berekkenjen, de kommisje woe witte oft se deryn slagje soenen om de rinte fan in hypotekêre liening betelje te kinnen. Op 3 septimber 1906 waard de Naardermar foar 150 tûzen gûne ferkocht oan natuermonuminten. De Naardermar waard it earste natuerreservaat fan Nederlân.

Beheargebieten yn Fryslân

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It haadkantoar fan Feriening Natuermonuminten is yn 's-Gravelân.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]