Nothing Special   »   [go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Fatah

Ut Wikipedy
Fatah
فتح
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Palestina
type org. politike beweging
politike partij
wurkmêd Palestynske ûnôfhinklikens
haadkertier Ramallah, Westjordaanlân
off. taal Arabysk
oprjochte 1959 (as politike beweging)
1965 (as politike partij)
oprjochter Jasser Arafat
Khaled Yashruti
Salah Khalaf
Khalil al-Wazir
aktyf yn Palestina
partijlieder Machmûd Abbas
rjochting sintrum-lofts
ideology Palestynsk nasjonalisme
sosjaaldemokrasy
Arabysk sosjalisme
sekularisme
twasteate-oplossing
anty-ymperialisme
offisjele webside
http://www.fatehmedia.ps/
Jasser Arafat wie ien fan de oprjochters en de lieder fan Fatah oant syn ferstjerren yn 2004

Fatah (Arabysk: فتح Fatḥ, itjinge oerwinning betsjut) is in Palestynske nasjonalistyske en sosjaaldemokratyske politike partij en de grutste fraksje fan de Palestynske Befrijingsorganisaasje (PLO) en twadgrutste partij yn de Palestynske Wetjouwende Ried (PLC). Machmûd Abbas, de presidint fan de Palestynske Autoriteit, is lid fan Fatah.

Fatah hat lang belutsen west by it revolúsjonêr striden foar Palestynsk selsbestjoer en hie in tal milysjegroepen. Fatah begûn yn 1959 as in politike beweging, dy't yn 1965 in politike partij mei in milysje waard. Ien fan de oprjochters fan Fatah wie Jasser Arafat dy't oant syn ferstjerren yn 2004 de lieder wie.

De folle namme fan de beweging is حركة التحرير الوطني الفلسطيني - ḥarakat al-taḥrīr al-waṭanī al-Filasṭīnī, itjinge de "Palestynske Nasjonale Befrijingsbeweging" betsjut. De ôfkoarting dêrfan waard omkeard ta فتح Fatḥ (yn soad talen werjûn as "Fatah") itjinge "iepening", "oermastering", of "oerwinning" betsjut. It wurd fatḥ of fatah wurdt brûkt as oanwizing nei de islamityske ekspânsje yn de achtste iuw - as Fath al-Sjam - "oerwinning fan de Levant".

Fatah waard yn 1959] oprjochte troch leden fan de Palestynske diaspora. Dat wiene benammen heger oplate Palestinen dy't yn de Perzyske Golfsteaten wurken. Hja hawwe flechtling yn Gaza west en hawwe studearre yn Kairo en Beirût. Ien fan de oprjochters wie Jasser Arafat, dy't as haad fan in Palestynske studinteferiening fan 1952 en 1956 tsjinne. It Palestynsk nasjonalisme wie de ideology dy't Fatah it measte begûn oan te hingjen. Fatah waard de wichtichste krêft yn de Palestynske polityk nei de Seisdagekriich fan 1967, dy't it Arabysk nasjonalisme noch fierder oanboaze.

Fan it begjin ôf stie de wapene striid, lykas dy utere waard yn de grutte Arabyske opstân yn Palestina (1936-1939) en de militêre rol fan Palestynske striders yn de Arabysk-Israelyske Kriich fan 1948 sintraal foar Fatah. Fatah sleat him yn 1967 oan by de Palestynske Befrijingsorganisaasje (PLO), dêr't Arafat it liederskip fan bemachtige yn 1969. In oanhaal fan de BBC oer dat tiidrek wie:

"De hear Arafat naam de lieding fan it útfierend komitee fan de PLO yn 1969 oer, in jier dêr't yn berjochte waard dat Fatah 2.432 guerrilja-oanfallen op Israel útfierd hie."

De earste guerrilja-oanfal fan Fatah wie op 3 jannewaris 1965, doe't se besochten en sabotearje de Israelyske National Water Carrier, dy't doe krekt begûn te wurkjen. De oanfal waard troch de Israelyske feiligenskrêften delslein.

Yn 1970 besochten Palestynske organisaasjes de monargy fan kening Hûssein fan Jordaanje om te smiten, nei't de oanwêzigens fan in grutte tal Palestynske flechtlingen yn dat lân ta konfrontaasjes mei de plysje en it leger late. Dêrnei ûntstiene der gewelddiedige konfrontaasjes mei it Jordaanske leger dy't in soad op in kriich lieken. Dat kaam bekend te stean as "Swarte Septimber". Dat late der ta dat Fatah út Jordaanje wei ferballe waard nei Libanon, dêr't er syn nije haadkertier opsette.

Tusken 1960 en 1980 soarge Fatah foar it trainen foar in soad groepen út Jeropa, it Midden-Easten, Aazje en Afrika wei. Hja fierden yn de 1970-er jierren ferskate oanfallen út op Israelyske doelen yn West-Jeropa en it Midden-Easten. Guon militanten dy't harren sels mei Fatah ferbûnen, of oaren dy't fuortendaliks ûnder Fatah stiene, fierden fleantúchkapings en terreuroanslaggen út. Hja waarden gauris yn ferbân brocht mei de beweging "Swarte Septimber" fan Abu Nidal. Fatah krige wapens, eksplosiven en training út de Sovjet-Uny en oare Eastblok-lannen en ek wol út Sina wei. It Japanske Reade Leger, de IRA, Lybje, Sûdan en Noard-Jemen soargen foar stipe yn de foarm fan trainingsplakken en stipen sels yn guon gefallen terreur út te oefenjen.

Doe't Israel yn 1982 yn Libanon foel, bemiddelen de Feriene Steaten, Tuneezje en ferskate Westjeropeeske lannen oer in feilige passaazje fan Arafat en Fatah fan Libanon nei Tuneezje ta. Fan 1982 oant 1993 hie Fatah syn haadkantoar yn Tuneezje. It wie dêr dat Arafat in oanfal fan Israelyske bommesmiters oerlibbe. Hja bombardearren syn haadkertier op it stuit dat er dêr ornaris oanwêzich wêze soe, dochs tafallich doe net.

Jasser Arafat bleau oant syn dea yn 2004 it haad fan Fatah. Nei syn ferstjerren waard Farûk al-Qaddûmi keazen ta foarsitter fan Fatah. Hy keas in radikalere koers, ek omreden er it net mei Arafat iens wie oangeande de Oslo-akkoarten.

Fatah stipe Machmûd Abbas yn de Palestynske presidintsferkiezings fan 2005. Ek dat jiers helle Hamas in grutte ferkiezingsoerwinning yn hast alle gemeenterieden dêr't se opkamen. Fatah moast dêrtroch tige feroarje om't der neffens de BBC in soad korrupsje geande wie en dat Fatah ynkapabel wie. Op 14 desimber 2005 ferklearre Marwan Barghouti út 'e finzenis wei dat er in nije politike partij, al-Mustaqbal (De Takomst) neamd, foarme hie. Dy partij waard benammen gearstald mei leden fan Fatah syn jongere leden, benammen mei leden dy't by de milysjegroep fan Fatah, al-Aqsa Martlersbrigade hearre. Dat liet dus sjen dat de jongere generaasje it net iens mei de âlder generaasje wie. De âldere generaasje bestie benammen út Palestinen dy't yn Tuneezje yn ballingskip libben en pas nei de Oslo-akkoarten weromkamen. De nije partij soe oars selsstannich mei de ferkiezings meidwaan, dochs op 28 desimber 2005 kamen Fatah en al-Mustaqbal oerien en oparbeidzje mei-inoar, laat troch Barghouti.

Fatah hie oant de Palestynske parlemintsferkiezings yn 2006 de mearderheid yn it parlemint. By dy ferkiezings krige de radikaal-islamityske Hamas lykwols in mearderheid. Der ûntstie in skeel mei Hamas, dy't de facto it bestjoer yn de Gazastripe oernaam, wylst Fatah de kontrôle hold oer de Palestynske Autoriteit yn it Westjordaanlân.

Yn de Sosjalistyske Ynternasjonale hat Fatah de status fan "partij lid" en yn de Partij fan Jeropeeske Sosjalisten hat er de status as "partij waarnimmer".

Sûnt it oprjochtsjen fan Fatah hat syn doelstelling west it "befrijen fan Palestina", ynearsten it gânse gebiet fan it Mandaatgebiet Palestina. Nei de Oslo-akkoarten is it doel fan de partij in ûnôfhinklike Palestynske steat yn de Palestynske kriten en in twasteate-oplossing.

Fatah bestiet út twa wichtige organen dy't besluten meitsje: it Sintrale Kommitee, dy't in útfieringsorgaan is en de Revolúsjonêre Ried, dy't in wetjouwend orgaan is.

Milysjefraksjes

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fatah hat sûnt syn oprjochting ferskate milysjes hân. De militêre haadtûke is al-'Asifah (De Stoarm). Fatah wie yn it ferline belutsen by terreur, dochs ta tsjinstelling fan syn konkurrint Hamas wurdt Fatah hjoed-de-dei troch gjin ien regearing sjoen as in terreurorganisaasje.

Oare milysjegroepen fan Fatah binne:

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch References op dizze side.