Nothing Special   »   [go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Folksrepublyk Sansibar en Pemba

Ut Wikipedy
Folksrepublyk Sansibar en Pemba
Jamhuri wa Zanzibar na Pemba (Swahily)
People's Republic of Zanzibar and Pemba (Ingelsk)
12 jannewaris – 26 april 1964
flagge wapen
geografyske lokaasje
polityk
haadstêd Sansibar
offisjele taal Swahily, Ingelsk
steatsfoarm republyk
ûntstien út Sultanaat Sansibar
opgien yn Tanzania
no diel fan Tanzania
sifers
ynwennertal 300.000 (1964)
befolkingstichtens 113,2 / km² (1964)
oerflak 2.461 km² (1964)
bykommende ynformaasje
muntienheid Sansibareeske ryal

De Folksrepublyk Sansibar en Pemba (Swahily: Jamhuri wa Zanzibar na Pemba; Ingelsk: People's Republic of Zanzibar and Pemba) wie in soeverein en ûnôfhinklik lân yn Afrika dat begjin 1964 in fearnsjier lang bestie. It besloech de Sansibareilannen, dy't foar de Eastafrikaanske yn 'e Yndyske Oseaan en ûntstie yn jannewaris 1964 nei in bloedige steatsgreep wêrby't de lêste sultan fan Sansibar ôfset wie. Under druk fan 'e ynternasjonale mienskip gie de Folksrepublyk Sansibar en Pemba trije moannen letter op yn 'e nije Feriene Republyk Tanzania.

It Sultanaat Sansibar wie yn 1890 ûnder Britsk bestjoer kommen doe't de Britten der in protektoraat fan makke hiene. Mids 1950-er jierren waarden der yn it sultanaat, foarútrinnende op 'e dekolonisaasje, demokratyske herfoarmings trochfierd. Der waarden ferskate politike partijen oprjochte, wêrfan't de Sansibareeske Nasjonale Partij (ZNP), dy't de etnyske Arabieren fertsjintwurdige, en de Folkspartij fan Sansibar en Pemba (ZPPP), dy't in mingde oanhing fan Arabieren en Swahily hie, de wichtichsten wiene. Fierders wiene der ek de lytse radikale Afro-Sjirazy Partij (ASP) en de Ummapartij (UP, "Partij fan it Folk"), in op it maoïsme ynspirearre ôfspjalting fan 'e ZNP.

In Sansibareeske postsegel útjûn ta gelegenheid fan 'e ûnôfhinklikheid yn 1963, en letter oerprinte mei Jamhuri 1964 ("Republyk 1964").

Yn 1961 waard Tanganjika, it oanswettende diel fan it Afrikaanske fêstelân, ûnôfhinklik. Dat wie in eardere Dútske koloanje, dy't sûnt de ein fan 'e Earste Wrâldoarloch as in mandaatgebiet fan it Folkebûn en letter as in trustgebiet fan 'e Feriene Naasjes troch de Britten bestjoerd wie. Twa jier letter, op 10 desimber 1963, waard Sansibar sels ek ûnôfhinklik, yn 'e foarm fan in konstitúsjonele monargy. Der waarden ferkiezings holden, dy't wûn waarden troch de ZNP en de ZPPP; neitiid waard der in regear foarme troch de ZNP. Dêr leine de leden fan 'e ASP har net by del, dat op 'e jûn fan 'e 12 jannewaris 1964 diene se ûnder lieding fan in John Okello, dy't oarspronklik út Oeganda kaam, in greep nei de macht. Djamsjyd bin Abdûlla, de lêste sultan fan Sansibar, waard ôfset mank in protte bloedferjitten, wêrby't de tûzenen slachtoffers oer it algemien Sansibarezen fan Arabysk en Yndiaask komôf wiene. Neitiid fûn der in etnyske suvering plak, wêrby't frijwol alle Arabieren en teffens Swahily dy't foar in part Arabyske foarâlden hiene, it lân ûntflechten en beskûl sochten yn Omaan.

Nei't de ASP it op 'e Sansibareilannen foar it sizzen krigen hie, waard ûnder lieding fan Okello de Folksrepublyk fan Sansibar en Pemba útroppen. Abeid Karume, de lieder fan 'e ASP, dy't net by de revolúsje belutsen west hie, waard útnûge om út ballingskip yn Tanganjika werom te kearen en it amt fan presidint fan 'e nije republyk op te nimmen. De marxistyske politikus Abdulrahman Mohammad Babu, de lieder fan 'e UP, kearde ek werom, en waard beneamd yn 'e Revolúsjonêre Ried, it hegerhûs fan Sansibar. Foar himsels reservearre Okello de titel fan fjildmaarskalk, sûnder dy fierder te definiëarjen. Neitiid folge in trije moannen lange ynterne machtsstriid, wêrby't de betûfte Karume sawol Okello as Babu op in sydspoar wist te ranzjearjen. Sadree't Okello op reis gie en Sansibar ferliet, ferklearre Karume him ta in 'fijân fan 'e steat' en ta persona non grata. Troch it ferlies fan harren lieder en de oanwêzigens fan 'e Tanganjikaanske plysje, dy't Karume útnûge om yn Sansibar ta te sjen op 'e wetshanthavening, waarden Okello syn oanhingers bûtenspul setten.

Ynternasjonaal bestie yn it ramt fan 'e Kâlde Oarloch grutte noed mank de Westerske lannen oer de ynfloed fan Babu yn 'e nije folksrepublyk. Men freze dat dy de Sovjet-Uny de mooglikheid biede soe en fêstigje in brêgehaad op 'e Eastafrikaanske kust. Dêrom waard der druk útoefene om it lytse Sansibar gear te foegjen mei it gruttere en polityk stabilere Tanganjika. Yn april 1964 sleat Karume dêrta in oerienkomst mei de Tanganjikaanske presidint Julius Nyerere, sadat der op 26 april in nij lân ûntstie, de Feriene Republyk Tanzania, wêrfan't de namme opmakke wie út 'e earste wurdlidden fan 'e beide steaten dy't der yn opgiene. Yn it nije lân waard Nyerere presidint en Karume presidint fan 'e autonome republyk Sansibar, in amt dêr't it fise-presidintskip fan Tanzania oan ferbûn wie. Troch de uny mei Tanganjika wûn Karume de ynternasjonale legitimiteit foar syn regear dy't er earder net krije kinnen hie, mei as gefolch dat it him slagge om Babu en dy syn kommunistyske oanhingers folslein te marginalisearjen.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Sources, op dizze side.